De Havensbank: November 2017 - page 25

Fiskje
Stie op in moarns betiid, moai waar, mei bakje treast
troch 't rút te sjen. Yn de feart krekt fierder yn myn
tún, stie in ielreager oant de knibbels ta yn 't wetter.
Stokstiif stil.
Kop foaroer, stoarjend nei it kobbeljende wetter. Ik
ek stokstiif stilstean, bakje hiel hoeden opdrinke, want
ik moast him net ferbalje no…
Want ja, hy wie op misje.....honger....fisk fange
fansels.
Ik ek op misje, gjin honger, want ik haw de
oarloch net meimakke! Nee ik woe it meimeitsje, fisk
fange sûnder angel.
Dus, geduld....geduld......geduld....pppfffff wat in
geduld.
Bakje leech!
Geduld!
It kaam yn my op dat ik dochs wol mear te dwaan hie
dy dei, mar hie mar besluten it efkes út te stellen,
want ja.....dit belibje hja net eltse moarn.
Nei in moai skoftke krige ik kramp yn de skonken,
mar de " fisker" net. Gjin beweech.....
Sa 'n situaasje fan, blik op ûneinich, ferstân op
nul..........honger!
Op in stuit seach ik in famylje waggeljende einen
oankommen, heit en in mem en neefkes en nichtsjes,
...tink ik.... Hmmmm, hoe soe dit no komme?
Fan gjin kwea bewust, waggele it guod by de wâl del
it wetter yn.... Ielreager sjocht om, en hat blik
yn ‘e eagen fan" och nee no!"
Och ja no, snetterje, snetterje.....alle wetter yn
beweech...
Hy sjocht nochris om him hinne, en strekt syn
lange nekke út, lûkt syn lange poaten út de drek en
stapt de wâl op, draait him om, en do sjochst him
tinken fan" jimme hiene de oarloch mei meitsje
moatten,.....ik haw honger".
Och wat begrutte my de situaasje, mar ja yn
de natuer is net altyd de grutste de baas.
Hy sloech syn flerken út en fleach fuort.
Ik tocht "die zie je nooit weer terug", mar twa dagen
letter stie der wer ta de knibbels yn 't wetter.
Haw efkes de boel oer eage, mar betocht my dat ik
mear te dwaan hie die dei…. De einen haw ik net wer
sjoen, ik tink dat de ielreager telepatysk de boadskip
oerbrocht hie.
Sa!
Skreaun troch Anno-Niem.
Skriuwer bekind by de redaksje
2017
Inleveren kopij (tot 18.00 uur) en vergaderdata:
verschijningsdata:
December
woensdag 20 december
zaterdag 31 december
2018
Januari
woensdag 17 januari
vrijdag 26 januari
Februari
woensdag 14 februari
vrijdag 23 februari
Maart
woensdag 21 maart
vrijdag 30 maart
April
woensdag 18 april
vrijdag 27 april
Mei
woensdag 16 mei
vrijdag 25 mei
Juni/Juli
woensdag 4 juli
vrijdag 13 juli
Augustus
woensdag 2 augustus
vrijdag 31 augustus
September
woensdag 19 september
vrijdag 28 september
Oktober
woensdag 17 oktober
vrijdag 26 oktober
November
woensdag 21 november
vrijdag 30 november
December
woensdag 19 december
maandag 31 december
De redactie
12
1...,15,16,17,18,19,20,21,22,23,24 26,27,28,29,30,31,32,33,34,35,...36
Powered by FlippingBook