De Havensbank: Maart 2018 - page 19

Winterwille
Begjin febrewaris ha we de iisbaan
ûnder wetter rinne litten, de
foarspelling wie ommers froast.
Fjouwer dagen en doe wie it wer
teiwaar. Winter soe der yn ús eagen
wol net mear komme, dus mei skoalle yn de slach en
besletten om mei de skoalbern nei de iishal fan
Ljouwert te gean. (As it in jier is, dat we gjin gebrûk
meitsje kinne fan ús iisbaan geane we mei groep 3
oant en mei 8 nei Thialf of de Elfstedenhal.) Op 22
febr. goed njoggen oere wie it safier, sa’n 100 bern
fan De Twamêster ferdield oer in keppel auto’s setten
ôf nei Ljouwert. Der waard omraak riden, natuerlik de
ien wat better as de oar mar wat telt; se hawwe
harren poerbêst fermakke en we seagen dan ek in
soad bliere kopkes. It wie neffens ús wer in dik
sukses!
En ferdikke, Kening Winter kaam dochs noch del. It
hat wol eefkes duorre foardat de baan foar elkenien
fertroud wie, de hurde wyn en wat snie wie wat in
spulbrekker. Op tongersdei 1 maart koe de baan
iepen neidat Halbe in protte wurk fersetten hie om de
baan sniefrij te krijen. Echte bikkels wienen der dy
tongersdeis, it waaide in stoarm en it wie roetkâld
(gefoelstemperatuur -18).
Ek jûns mei de ferljochte baan wie der genôch animo.
Ek de freeds wie foar de trochsetters en de minsken
dy’t net benaud binne foar in “bytsje” kjeld. Sneons in
moai soad folk op ’e baan en in rekordomset fan
poeiermolke, limonade ensfh. yn it hokje!
Sneintemoarn oant in oere as twa koe der ek noch
riden wurde mar it iis waard sacht en it wetter kaam
op de baan. De piksjitters wiene doe al yn aksje en ek
sy koene de oare deis noch eefkes harren hert ophelje
al koste dat guon al in pear wiete fuotten. Hooplik ha
we takommend jier wat mear wille fan de baan en
kinne we wer ris wat organisearje. Hurdride foar de
senioaren is hast in passeert stasjon mar curling mei
fluittsjettels, bierkratten of laptops (ik sis mar wat)
soe wol in aardichheid wêze. We sille it sjen…….
Hettie Hettinga
P.S. as jo nei it lêzen fan dit stikje tinke; hé ik bin
noch net lid fan de “De Wergeaster Reed” en meitsje
wol gebrûk fan de baan, dan meie jo kontakt
opnimme mei:
Gerrit Nijboer
De Skuorre 2
E-mail
,
WWS Knobbeltocht op zondag 17 juni
Beste mensen,
Zondag 17 juni is het alweer zover, de jaarlijkse Knobbeltocht!
Met als vetrekpunt passanten ligplaats Nij Roarda.
Aanvang: 09.00 uur.
De organisatie is alweer druk bezig om ook dit jaar weer een fantastische Knobbeltocht neer te zetten.
Iedereen die een boot bezit mag aan de Knobbeltocht mee doen, ook niet leden van de WWS.
Graag opgeven voor zondag 10 juni met vermelding van: naam boot, aantal deelnemers en aantal kinderen
onder de 12 jaar. Kosten deelname: €5 per boot.
Opgave bij: Jettie Stuiver
of 06-26362246
Oant sjen op snein 17 juny!
De organisatie:
Hester Kooistra, Sanne Steensma, Isa Langhout, Erna van Vilsteren, Robin Langhout, Lisck-Marije Stel, Jettie
Stuiver, Marjan Velde, Joke de Jong, Geke de Boer en Brecht Fridsma.
9
1...,9,10,11,12,13,14,15,16,17,18 20,21,22,23,24,25,26,27,28,29,...32
Powered by FlippingBook