De Havensbank: April 2018 - page 5

Tusken Twa Tuorren
Fryslân is dit jier noch mear as gewoanwei, yn ‘e ban fan kultuer.
Dêr ha jo fêst al it ien en oar fan meikrigen.
Dat komt foar in grut part troch de útferkiezing fan Ljouwert/Fryslân
ta Culturele Hoofdstad van Europa 2018 (LF2018). In soad kulturele
projekten en ien fan de moaisten fan LF2018 is Under de Toer;
32 manifestaasjes yn krektsafolle doarpen rûnom yn Fryslân.
Projekten wêryn’t it doarp, de mienskip en de tsjerke sintraal stean.
En it kulturele doarp by útstek, Wergea, docht hjir suver fanselssprekkend
oan mei, mei it multykultureel barren Tusken Twa Tuorren.
Tusken twa Tuorren
De tsjerke sintraal, mar yn Wergea kin er dan ek wer krekt wat mear as
earne oars: net ien tsjerke stiet sintraal, mar twa! Twa tsjerken en sels
noch in lytsen yn ’e midden (de Meniste tsjerke út 1956). Mar de funksjes
fan tsjerken binne feroare, yn Wergea en yn oare Fryske doarpen.
Leauwen en tsjerke kriget in nij en oar plak. Ek de mienskip feroaret en
‘mei-inoar’ hat hjoed in oare betsjutting as fyftich jier lyn.
De jeugdsoos
Tusken Twa Tuorren giet oer it sykjen nei in nij lykwicht tusken it ferline, mei alle stadige wissichheid fan doe
en de takomst fan in doarp mei alles wat nij, fluch en oars is. Jong en âld, bekend en ûnbekend en fan binnen
en fan bûten it doarp wolle dat nije lykwicht fine. Reade tried en begjin fan de foarstellingsrige is de
jeugdsoos SZDRNZLL. Sûnt 1970 sit de jeugdsoos yn it âlde parochyhûs ûnder de St. Martinus Tsjerke. En
sûnt dy tiid spilet de jeugdsoos yn Wergea in wichtige rol yn de mienskip.
De jeugdsoos ticht?
Mar no, en der begjint de foarstelling mei, is der grutte soarch. Benammen fan menear pastoar; it ledetal fan
de tsjerke rint werom én hy hat ferlet fan jild. ‘De jeugdsoos hat noch nea hier betelle en it is ek altyd wol wat
mei dy oerlêst yn ‘e buorren.’ It leafst wol hy de jeugdsoos ticht ha en dan brekt der opskuor út yn Wergea…
Foar- en tsjinstanners komme yn aksje, want hoe moat it fierder mei de tsjerke en de jeugdsoos? Bewenners,
jong en âld, tradisjoneel en modern, fan binnen en fan bûten it doarp komme inoar tsjin yn dizze foarstelling
en geane mei inoar op syk.
Hiel Wergea docht mei!
In multykultureel barren mei meiwurking fan in bysûnder grut oantal Wergeaster ferieningen: Jeugdsoos
SZDRNZLL, De Sint Martinustsjerke, De Frissel, De Bidler,
Buertferiening Tusken de twa Tuorren,
Koar
Ynspiraasje, Popkoar Wergea, RK koar St. Cecilia, Muzykferiening De Kriich, Bigband Two Towers Collective,
Boppeseal Movies, Kulturele Kommisje Wergea, Halbertsma toaniel, Jongerein toaniel, Iepenloftspul Wergea,
Merkekommisje en OBS de Twamêster.
Tusken Twa Tuorren is in folslein eigen, oarspronklik Fryske produksje en wurdt spile op:
11 novimber (premjêre)
14 novimber
17 novimber
18 novimber
24 novimber
25 novimber
PR-kommisje Tusken Twa Tuorren
Bidlerpraat
Naast de reguliere activiteiten, zijn de eerste schermutselingen waar te nemen van de traditionele
rommelmarkt van 12 mei aanstaande, in en rondom de Bidler. Wij hopen weer op veel verkoopbare waar,
welke door u kan worden aangeboden op maandag 7 mei. Als u het voor 18.00 aan de weg zet, dan wordt
alles opgehaald en gesorteerd door de vele onmisbare vrijwilligers.
De rommelmarkt zelf start op 13.00 en we spreken dan ook de hoop uit, dat we wederom veel kooplustigen
mogen verwelkomen.
Mathijs
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...28
Powered by FlippingBook