De Havensbank: Augustus 2018 - page 3

Nei freed komt
Sneon
, sei in sekere hear K. Lender. Op de dûnspaskes fan de jûn derfoar swierden der tolve
dreamerige ideale skoansoantsjes nei de Narderbuorren., wêr’t Folkert en Coba Sinnema yn hun foartún in
steryl-wurkjend doch smakelik brochje op tafel stean hiene. Yn in poep en in (wiit) skeetsje wiene de tafels wer
leech. Mei in poerbêste flonderfundearing waard de tatsjinne enerzjy fan de Sinnemasters omsetten yn de
aktiviteiten foar de bernemiddei.
Yn de jeugdsoos SZDRNZLL krigen de jongste sinneblomkes fan Wergea in bjusterbaarlik optreden fan Klown
Knapie foar de molktosken skoattele. Wylst it lytste grut fermakke waard yn de soos, mochten de wat âldere
ber(n)eklauwtsjes fan Wergea sich fermeitsje op it merketerrein mei in skala oan spultsjes. De headliner wie
dochs de wetterbaan, werop’t de bern middels in kraantsje in rûntsje draaie koene op in grauwe swimbân.
Sokke dingen sille we ûnthâlde foar de folgjende kear! Om 15:00 oere waard alle jeugd tegearrebrocht op it
merketerrein, en sa koene ûngefear 90 bern sich noch efkes fermeitsje yn de attraksjes.
Sa’n bernemiddei fret kaloryen, en dizze waarden, wer op nivo brocht by de famylje Wassenaar. Yn de tún
stiene genôch pannen makaroany klear om leech slynd te wurden. Yn in stiif kertierke waarden de pannen skjin
en leech wer ôflevere oan de man des huizes, en dat betsjut dus dat it mear as best smakke hat. Nei dit
jûnsbrochje wie it om 19:00 oere tiid foar de wetterspultsjes fan de ex-kommisje. Dit jier wie it in kombinaasje
fan toulûken en roeien, goh wat orizjineel sis. Enfin der is wat ôfroeid en ôflutsen en lykas foargeande kearen
ha de deserteurs fan de MC der in moai protsje sporten/fermaak fan makke.
Jûns nei de tiid stie de formaasje fan Prime Suspect yn de tinte. Mei in miks oan âlde en nije muzyk waard der
gang setten yn it feest en sa koene je as feestganger dus folledich út je plaat gean op dizze jûn, mei alle
gefolgen as gefolch. Dernjonken hiene Douwe en Roelie mei it duo Bakker&Nieuwhaus it ek bêst foar elkoar,
allinnich jammerlik genôch liet de opkomst it wat ôfwitte. Miskien hie ús Thirsa der noch wat gang yn setten
kinne, want dan hiene je in paard yn (de) gang setten. (klear -1)
Al mei al, de priiswinners fan it spektakel op, ûnder en troch it wetter:
1
e
priis: Thea Vogelzang & Frids Fridsma
2
e
priis: Chantal Kinderman & Tom Tom
3
e
priis: Chantal Dijkstra & Folkert de Jong
Snein
: Tiid om út te sliepen siet der foar de fanatike keatsers der net by! Om it klokkespultsje fan 10 oere
waard der foar bêst en minst útslein mei de tredde edysje fan de Merkepartij. It sportfjild kriich op dizze
manier in fergeze sproeibeurt, want der waard aardich oanswitten. Dit swit wie letter ek wer nedich yn de
broeierige feesttinte. Tusken 15:00 en 23:00 oere spile orkest Butterfly it kondens fan it tentdoek en de bealch
ôf. Yn acht oeren tiid krige it lykwichtsorgaan sa no en dan in beste optater. Hoe? Dat mei jo sels ynfulle!
Al mei al, de priiswinners fan de Merkepartij 2018:
Daniel van Dalen en Judith Schaap
Bauke van der Veen en Wietske Velde
Anne Piet Keizer en Aaltsje de Boer
Wimer(t) Kamsma en Geke de Boer
Sjoerd Jan Terpstra en Ciska Braams
Jente Agema en Aukje Sinnema
Reinder Kooistra en Jetlje Kooistra-Nauta
Redmer Jorna en Fenna Bijlsma
Rik van der Veen en Kim van der Veen
Piet Andringa en Nynke Andringa
En dan is it
Moandei
, somtiden ek wol de dei des oardiels omtrint it op tiid kommen. Mar der is wer in
foaroardiel bewezen, froulju bin altyd te betiid! Al om 07:15 stiene der tolve Conchita Wurz-jes te tippeljen foar
it kafee en dat betsjutte dat der gjin Sugar Lee Hooper út de koker kaam. Roddeljend en darteljend krigen
dizze ferwiifde jonkjes om 07:30 oere in gleske molke. Dit wite goud wie ek bôlenedich foar de Morning-Call,
dy’t lykas as oars ûnder begelieding stie fan de Kriich!
Rûn 10 oere stie der al in aardige swerm klieren klear om in meter bier fergees binnen te slepen. Dêrneist
wiene Rintje Kas en syn trije orkestknapen ek wer presint om hun muzikale dûbeltsje yn it pûdsje te dwaan.
Dat dûbeltsje waard in kwartsje, letter in ryksdaalder, en algauw in readsje, want der waard om it libben roeit
en ge-zevensprongt! Sa sjocht de Merkekommisje it graach, en Thirsa ek! Efter yn de tinte wie der in ferrekt
min spultsje oanwêzich dat dochs altyd min bliuwe sil tidens de merke, namlik balgoaien op de Dikke Dame. En
ferhip, sadra Rintje syn einsprintsje die om 15:00 oere, stiene de merkespultsjes alwer klear.
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook