De Havensbank: September 2018 - page 1

Septimber
2018
Giele swimbroek?
Folle net genôch
Suver in wûnder
Sneins nei skoalle
Gelokkich moai waar
Wer sutelje
Fryskpraters socht
Wergea bedankt!
Tusken Twa Tuorren
De repetysjes binne los! Noch in wike
of seis dan is it al safier;
it
Under de Toer
projekt fan Wergea.
De lêste yn in rige fan 32 stiks.
En wat in útdagingen lizze der by de
tariedingen! Meardere lokaasjes, sawol
binnen as bûten, alle leeftiden fan
jongerein oant (relative) âlden fan dagen,
alderhande kulturele sjenres; toaniel,
muzyk, dûns. En dat allegearre yn ien stik!
En wa dogge der allegearre wol net mei?
Folle net genôch
In hiele protte ferienings dy’t meidogge!
Net allinnich de klups dy’t men ferwachtet:
Halbertsma en Iepenloft, nee folle en folle
mear ferienings dy’t meidogge of harren
ynsette foar dizze produksje. Mienskip is it
biedwurd fan Fryslân/Ljouwert 2018.
‘Hoefolle mienskip wolle jo ha?’, sizze se
dan yn Wergea. In oersicht:
o
Toanielferiening Halbertsma
Ien fan de âldste ferienings fan Wergea,
spyljend op it heechste nivo fan
it Boun fan Fryske toanielselskippen. Wa hat it net meikrigen dy prachtige
stikken sa as Mama Mia en Moulin Rouge.
o
Jongerein Toaniel
De toaniel kweekfiver foar Halbertsma en it Iepenloft, ús jongerein dy’t ek
alle jierren soarget foar moaie toanieljûnen yn De Bidler.
o
Iepenloftspul
Al sûnt jierren ferneamd yn Fryslân, it iepenloftspul fan Wergea. Destiids
I
en fan de earste iepenloftspullen dêr’t (pop)muzyk mei in wichtige rol yn
spile.
o
Jeugdsoos
De Soos, kweekfiver foar bestjoeren fan alle ferienings yn Wergea en
omstreken. En de kearn fan it ferhaal fan Tusken Twa Tuorren. As de
Soos der net mear wêze soe, wat dan??? Wat betsjut dat foar de
doarpsmienskip?
o
St. Martinus tsjerke
Ien fan de moaie lokaasjes fan Tusken twa Tuorren, de roomsk katolike
tsjerke, mei ien fan de twa karakteristike tuorren fan Wergea.
o
De Frissel
Noch in tsjerke, fan âlds it menistetsjerkje, ek in lokaasje foar it stik, in
bytsje ferstoppe oan de Kerkbuurt, letterlik tusken twa tuorren.
o
De Bidler
Destiids de herfoarme tsjerke, no al jierren multyfunksjoneel sintrum, mei
suver alle wiken wol aktiviteiten.
Trije geloven op ien kessen yn dizze foarstelling. En gjin duvel te
bekennen! Dat is ek Wergea en mienskip.
o
Koar Ynspiraasje
It tsjerkekoar Ynspiraasje begûn as gelegenheidskoar foar bygelyks de
Krysttsjinsten, mar is no in folweardich tsjerkekoar mei tsjerklike en
klassike lieten op it repertoire. Of soe der foar dizze spesjale gelegenheid
in gospelnûmerke ynsitte?
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook