De Havensbank: oktober 2018 - page 9

Ha bern fan in
oar!
Wylst hiel Wergea
drok oan ‘t
repetearjen is foar
‘Tusken Twa Tuorren’
binne wy derneist ek bezich mei de tariedingen foar it
jongerein toaniel. Ofrûne jier ha wy trije fantastyske
ienakters sjoen en dy line wolle we graach trochsette
dit foarjier. Wy spylje op 19 & 20 april 2019 yn de
Bidler. Fanôf NO kinst dy wer opjaan om mei te
dwaan oan it grutste toanielspektakel fan it doarp en
omstreken!
Dus, droomsto fan in karriêre yn Hollywood? Oefenest
elke jûn de moaiste sênes foar de spegel? En, sitsto
yn de earste klasse of heger? Dan kinsto dysels
opjaan! Stjoer gau in e-mail nei
mei dyn namme +
leeftiid + tillefoannûmer + foarkar fan oefenjûn. De
rippetysjes binne tusken 19:00 oere en 21:00 oere.
Derneist kinst ek yn de e-mail sette by wa ast graach
yn ‘t groepke wolst, mar let op, wy kinne neat tasizze!
J
Liket ’t dy leuk om mei te wurkjen oan dizze machtige
produksjes, mar hasto lêst fan plankekoorts en stiest
dus leaver efter de skermen? Gjin panyk, wy sykje ek
jongerein foar by de smink, technyk of yn ‘e
bouploech. Ek dan kinst in e-mail stjoere en dy
opjaan.
Kinst dy opjaan oant 1 desimber 2018. Wy begjinne
mei repetearjen yn de earste wike fan jannewaris. Jim
krije fan ús in e-mail mei hjiryn mear ynformaasje oer
dyn groepke en wêr en wannear ast ferwachte
wurdst.
Wy binne der klear foar! Jim ek? Jou dy gau op!
Groetnis,
It leukste bestjoer fan Wergea!
Bas, Femke, Janna, Jettie, Johannes, Klaas, Marijke,
Marijke, Roelof, Sophie, Tiemen
Bêste minsken,
It is yntusken alwer mear as in moanne lyn dat de
soos harren doarren iepene foar wer in nij seizoen. It
begjin fan in nij seizoen moat natuerlik fierd wurde en
dat hawwe wy dan ek dien yn it wykein 14, 15 & 16
septimber, it wolbekende iepeningswykein. Mei op
sneon Weima & van der Werf en snein zanger Bertus
siet de sfear der goed yn en wie it wer in fantastysk
wykein.
Yn it wykein fan 26, 27 & 28 oktober sil ús jierlikse
après-ski wykein wer plak fine. Mei dit jier; op freed
in bierbingo, sneon de zingende skileraar en sneins de
zingende brandweer André. It belooft wer in hiel
gesellich wykein te wurden dus helje de dirndls en
lederhosen mar gau út it fet!
Derneist binne wy elke freed en sneon iepen fanôf
20:00 oere en sneins fanôf 15:00 oere. Ek dan hawwe
wy it bier en fris kâld stean, dus kom gerêst ris in
kear del!
Groetnis,
It SZDRNZLL bestjoer
Inloopmiddag Beweegbare
voetgangers/fietsbrug Stringbrêge
in Grut Palma
Op 7 november a.s. bent u tussen 16.00 – 18.00 uur
van harte uitgenodigd voor de inloopmiddag over de
aanleg van de fiets/voetgangersbrug Stringbrêge
tussen Grut Palma en de oude dorpskern. U kunt
tijdens deze inloopmiddag gewoon binnen lopen,
medewerkers van de gemeente Leeuwarden staan
klaar om al uw vragen te beantwoorden en het
ontwerp met u te bespreken.
Datum
: 7 november 2018
Tijdstip
: tussen 16.00 – 18.00 uur
Locatie
: Us Doarpshûs, Nieuweweg 2 – 4 Wergea
Wij zien u graag in Us Doarpshûs in Wergea. Tot dan!
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...36
Powered by FlippingBook