De Havensbank: Desimber 2018 - page 1

Desimber 2018
Big Band
Metamorfoases
Perspectief yn Wergea
De fûgelman
De marathonman
1 jannewaris nei de
Bidler
Ja, it is lukt!
Nijs fan it café
Matineuze winter
2018
Oan alles komt in ein, sa sil ek dit jier 2018 foar eltsenien histoarje wurde as
de klok fannacht tolve kear slacht. Foar Wergea kin dit jier de boeken yn as in
jier wêryn’t in protte bard is. Oan it begjin fan it jier wie hast eltsenien nijsgjir-
rich hoe’t 11 bolbjirken “jongkeardels” harren aventoer as nije kroechbazen stâl
jaan soene en, net minder wichtich, de gong der wol of net yn krije soene. Nei
in hektysk begjin fan ferbouwe, de nedige papieren regelje en wat der fierder
allegearre by te sjen komt, koe de “jachtweide” oan it begjin fan dit jier iepen.
Dat de mannen nei de iepening harren net del jûn ha, docht bliken oan it fers-
kaat oan ferdivedaasje dat der, yn mear af mindere mate suksesfol, organi-
searre wurdt. Ik hoopje dat nei it krewearjen fan de mannen sels, harren froul-
ju, âlders en fierdere famylje en kunde yn it lêste jier, de kroech wer meitsje
kinne ta in doarpskroech, dêr ’t eltsenien mei in protte wille mekoar moetsje
kin!
Spitigernôch gie it mei it Pleatslik Belang te uzes minder kresjendo en moast
der nei in lange striid, weryn’t it sykjen wie om nije bestjoersleden, besluten
wurde om der mei op te hâlden. Tal fan jierren hat it Pleatslik Belang noed
stien foar Wergea en harren bewenners. Spitich dat it sa rint, mar miskien is it
ek de tiid weryn’t we libje en moat der socht wurde om in oplossing. En dy op-
lossing is fûn yn de foarm fan “Perspectief”. Wat dat ynhâld is fierderop in dizze
Havensbank te lêzen. Ut namme fan de hiele doarpsmienskip winskje ik
“Perspectief” in protte sukses en wol ik tank sizze oan alle bestjoersleden fan it
Pleatslik Belang, dy ’t troch de jierren hinne gâns wurk út de wei set ha, foar it
wolwêzen fan uze mienskip.
Mienskip, ik brûk it no ek, mar we binne mei dat wurd, yn it ramt fan kulturele
Haadstêd der suver mei yndoktrinearre en it wurd waard hast mear in karikatu-
er. Dat is al begong doe’t der in tal minsken dwaande wie mei it “Bidbook” om
Kulturele Haadstêd nei Ljouwert en Fryslân te krijen. Ien fan de inisjearders,
mei in Hollânske eftergrûn hie it yn de media dan ek faak oer “Mien Skip”. (nei
alle gedachten is de namme fan it teätraal skûtsjebarren “Myn Skip”, yn Ear-
newâld, fan regisseur Theo Smedes en aktearjend Skûtsjesiler of Skûtsjesilend
akteur Harmen Brouwer, op de Nijpelske wize fan útsprekken fan it wurd
Mienskip hjirop basearre. Mar…… miskien ek wol net….)
Mar dochs kinne we net om it wurd Mienskip hinne as we it oer it “Under de
toer” projekt fan LF18 hjir yn Wergea ha. Under de namme “Tusken Twa Tuor-
ren” mei mear as 200 meiwurkers is der wer in kultureel hichtepunt berikt hjir
te uzes. Mei 7 foarstellings, dy’t op ien nei allegearre stiif útferkocht wiene en
mei in protte positive reaksjes, wie dizze teätrale belevingstocht in boppeslach
en ik moast gauris tinke oan myn grutte freon Wiebe Sinnema silliger, dy’t ea
in skitterjend epistel skreaun hat oer “Dorpisme”.
Al jierren heart men op ‘e dyk dat it doarp feroaret en der minder belutsenheid
is, mar is dat net fan alle tiden? De mannen fan de kroech, de meiwurkers fan
“Tusken Twa Tuorren” en al it oare moais wat hjir te rêden wie, lit wol sjen dat
we hjir in sûne mienskip ha en as je manmachtich de skouders earne ûnder
sette, dat je dan hiel wat út de wei sette kinne.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook