De Havensbank: Jannewaris 2019 - page 7

De ferrekte hjeldagen
Bêste minsken,
Jawis, jawier, it is wer tiid foar it nije jier, en dat betsjut dat it soosseizoen
der alwer foar de helte opsit. Sa kinne we wer efkes bykomme fan de
drokke desimbermoanne mei al die ferrekte hjeldagen, no ja dat ferrekte
kin eins wol fuort litten wurde, omdat sawol Kryst as Ald & Nij útbundich fierd binne yn ús fermidden.
Sa wiene der op Krystjûn net 1 mar 2 Krystgala’s. Om stipt 19:00 oere wiene de basisskoallebern as earste oan
de beurt. Oant 21:00 oere ta, wie it ien grut festijn mei hast eltsenien strak yn it pak/jurk. Nei in soad glêzen
ranja, pûdsjes chips en in overdosis oan desibellen (wat lykje moast op meisjongen) koe der weromsjoen wurde
op in slagge bernegala. Fanôf 21:00 oere wie it de beurt oan de wat âldere hokkelingen út Wergea en omkriten.
Nei in soad glêzen (graan & druven) ranja en frisdrank en in bulte gesellichheid koe eltsenien de oare deis wer fris
en fruitich oanskowe by it Krystbrochje. De twa oare Krystdagen waarden ek op sear gesellige wize trochbrocht.
Op Earste Krystdei waard der úteinsetten mei de SZDRNZLL Top 50 (de Wergeaster tsjinhinger fan de Top 2000)
en Wallstreetnight, in jûn werby’t de konsumpsjeprizen om it heal oere fluktuearren. Twadde Krystdei stie yn it
teken fan de ‘After Dinnerparty’, tidens dizze jûn kaam de iene nei de oare famylje boppe sêd binnenstappen om
de kryst noch geselliger ôf te sluten dan’t se al dien hiene.
In wike letter wie it alwer feest mei Ald&Nij. It jier 2019 waard oant de betide oeren ta yn stijl fierd en op
Nijjiersdei waard dit nochris ‘dunnetjes’ oerdien yn de Bidler, dêr’t yn gearwurking mei de KKW en Henk in sear
slagge nijjiersborrel op de planken setten waard. Sa de ferrekte hjeldagen binne oan de kant, mar dat betsjut
noch net dat it tiid is om stil te sitten, want op snein 13 jannewaris stiet it Wintermatinee alwer op de kalinder.
Der is eins mar 1 band dy’t hjir geskikt foar wie en dat is natuerlik Orkest Butterfly. In stampfolle soos krige troch
de sankjes en klankjes fan dizze artisten in déjà vú nei de merke en de simmer. Swefend op gelok waard der om
it libben roeit en ‘gezevensprongt’. It wie in bjusterbaarlik feestje, dêr’t hast gjin ein oankaam.
No’t wy op ’e helte binne fan it seizoen, woene we ek efkes foarút blikke op de kommende feesten en
eveneminten. Op sneon 2 febrewaris wurdt it tradisjonele Sequelz wer organisearre. In fiiftal DJ’s, wêrûnder de
local hero DJ The Mentalist (Wieger de Boer) sille in jûn lang muzyk draaie fan it hurdere segment. Dat wurdt dus
lekker meistampe op de beat. In twa wiken letter sil de soos fol lizze mei 7 kúb sân. Fan freed 15 febrewaris oant
snein 17 febrewaris wurdt der wer it Caribbean-wykein fierd. Mei de kachel op standje ûneindich en it swit op it
gebit hoopje wy fansels op in sear gesellige tiid.
Nei Caribbean sitte der noch genôch feestjes yn it fet, mar wy moatte ek skriuwfoer oerhâlde foar it
Febrewarisnûmmer. Dochs wolle we al oanjaan dat we dit jier begjinne sille mei de tariedingen fan it 50-jierrich
jubileum fan de jeugdsoos. Yn 2020 sjocht it sooske nammentlik Abraham en dat moat fansels grut fierd wurde!
Dêrnjonken wol de soos sich ek mear ynsetten gean foar de basisskoallejeugd en de jeugd dy’t nei de brugklas
tagiet. Foar dizze groepen liket it ús leuk om spesjale jûnen foar dizze groep te organisearjen. Hooplik kinne we
yn it folgjende nûmer der noch mear oer berjochtsje!
Foar de rest binne wy noch gewoan elke freed en sneon iepen fanôf 20:00 oere en sneins fanôf 15:00 oere. Ek
dan hawwe wy it bier en fris kâld stean, dus kom gerêst ris in kear del!
Groetnis, It SZDRNZLL bestjoer
Breintraining in Us Doarpshûs!
Op 7 februari start er een zogenaamde breintraining in Us doarpshûs.
Sommigen hebben al eens kennis gemaakt met met Boukje Dijkman. Zij heeft verteld dat ouder worden gepaard
gaat met het verlies aan lenigheid en scherpte in het hoofd. Door beide, gelijktijdig te trainen, voel je je fitter,
beweeg je gemakkelijker en kunnen ongelukken voorkomen worden.
Boukje start een training op 7 februari. De
traning bestaat uit 6 lessen van 1,5 uur. Er wordt om 13.00 uur gestart. De trainingen zijn op
7, 14, 21 en 28
februari en 7 en 14 maart 2019.
De kosten bedragen voor pashouders van Thuisleven: 69 euro en voor niet pashouders 85 euro (voor 6 lessen)
U kunt u opgeven met de aanmeldbon in het magazine van Thuisleven of u kunt bellen naar 0900-8864 om een
aanmeldbon aan te vragen!
Ook kunt u nadere informatie krijgen bij Albert de Boer: 06 – 2011 3838
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...28
Powered by FlippingBook