De Havensbank: Maaie 2019 - page 1

Maaie 2019
100 jier Kriich
Perspektyf
15 graden ferskil
De Kriich yn Eagum?
Juny? Knobbelje!
Tandem? Nee, duofiets
10 jier letter Kuierje
Kunst oer Sint Martinus
Ald rommelmerkenijs
Op in moaie freedtejûn, 13 graden bûten en 28 graden binnen mei in suchtsje
Doe’t wy De Bidler yn kamen wiene der noch in pear stuollen leech mar fierder siet it
beneden al aardich fol. Ik bin benijd wat der dit kear betocht is, om’t jo faak mear
fragen krije nei it lêzen fan it programmaboekje as derfoar. Ik sjoch út nei de talin-
ten fan de takomst en de sels skreaune stikken.
De jûn begjint mei Fedde’s winkeltsje. En dat it om in supermarket giet is dúdlik. Op
it toaniel stean twa stellingen mei food en der is in toanbank mei in kassa dy’t net
bliept dus dogge se dat sels mar. Eltsenien spilet typyske typkes en guon spylje der
meardere, wat se very nice delsetten ha. Allegear komme se wikseljend op en ôf
wêrtroch’t it stik lekker trochrint. Mark Mud, dy’t de winkeleigner mei griis-hier-en-
ferstoppe-efter-in-grutte-snor spilet, wie erg geestig. Miskien ek wol troch it nergens
op slaande neuriënde stikje ynkl. dûnske om de griente op syn plak te bringen. Ek de
opkomst fan Anton aus Tirol wie fantastysk, mar neffens my net neffens it skript.
Dan hiene je noch in: sels.net.finende.mar.wol.is.klaagbak en in winkelhulp dy’t alles
presys wist en in chronisch.onder.invloed.yn’e.winkel.drinkende.wyn.faam en net te
ferjitten de ik.ferjit.mysels.nochris mei har freondin/help.
Der wie ek noch in wrâldreizger, hy had allleeees al sjoen en meimakke, hjirtroch hat
er himsels fûn en is hy hielendal zen. Ik wit net as ik der wol sa rêstich fan waard.
…….. adem in…… adem uit…….. adem in…… adem uit…….. adem in…… adem uit……..
adem in…… adem uit…….. adem in…… adem uit…….. adem in…… adem in…….. adem
in…… adem in…….. adem in…… adem in…………………Jezus wat duorre die meditatie
lang! De kracht fan ’e herhaling sloech oan en dan kinne je it gnizen net mear ynhâ-
lde. Hopelik siet der gjin reade triid yn it ferhaal, want dan ha ik ‘m net fûn. Makke
neat út, ik ha my yn elts gefal tige fermakke. Ik hoopje foar de skriuwers/regisseurs
Fardau en Patricia dat se sels net sokke minsken yn ’e winkel krije, al bin ik der wol
bang foar.
Kompleet oars en noch noait earder sjoen by it Jongerein Toaniel of überhaupt by
Halbertsma? In… begraffenis. Mar miskien is dat mar goed ek. It wie sa no en dan op
it rântsje mar mei in dikke bak humor waard it tige fermaaklik. Je seagen yn it begjin
in roustoet, wêrnei’t de famylje mei de kist fan achter út ’e Bidler it poadium op
kaam. Dit ha de spilers knap delsetten, se spilen echt oertsjûgjend. (No hjit it stik 6
plankjes, mar dochs ferwachtsje je ek wer net dat se echt mei 6 plankjes it poadium
op setten komme.) De famylje siet mei de rêch nei ús ta, hjirtroch waard it publyk ek
ûnderdiel fan it stik. Dit hiene se wol moai betocht. Lokkich wie dêr de boade al, mei
djipgeande teksten en krekt sokke ynlibjende bewegings derby, prachtich! Al moat ik
sizze doe’t se de ‘seal’ klearmakke foar de begraffenis wie se hielendal net sa begien
hear.
Uteinlik draaide it by it gesin om it jild en fûnen se it allegear net sa spitich dat se
krekt harren heit/man fuortbrocht hiene. Mar ien fan ’e broers hie der al muoite mei,
hy hie wol in hiele goeie bân mei syn hurdwurkjende heit. Super lullig dat dan krekt
hy neat fan ’e erfenis kriget en der 1 broer (tafallich hannelsman, hiel moai spile
troch Jens Terpstra, knap ek om in oertsjûgjend tillefoangesprek te fieren wylst der
gjin ien oan de oare kant fan ’e lijn sit… mar dat terzijde) àl mei de buit fan troch
giet. Mar och wat sneu foar menear de hannelsman, hy fertelt oer syn binnenharkte
erfenis oan syn grutte leafde, seit se gewoan: ‘ik wol dy net mear’. Karma. Ik tink
dat Marijke en Bas om dit te skriuwen ferskrikkelik folle wille hân ha, lykas ús. Ik
hearde se al brainstormen: “it moat net te leuk eindigje, dat is sa sêft hahaha” of..
“kin dit wol?? hahahaha”.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook