De Havensbank: Maaie 2019 - page 3

Jeften
Wy smite net alle prommen op ien pankoek
€ 50,00: C.S.J.L.
€ 25,00: J.F.S. en T.W.M.S.-J.
It lêste stik
7x7
skreaun troch Ciska en Femke spile sich ôf yn in hotel. It rûn al gau fol mei gasten, dy’t op
útnûging kaam binne. Ek hjir wiene wer in hân fol typyske typkes dy’t allegear moai en dúdlik delsetten binne.
It dekôr bestiet út kleurrike doarkezinen mei allegear in oar keamertema. Prettig foar ús is ek dat de
hoteleigneres by alle seis gasten apart noch efkes it thema wiiiiiiiidweidich útleit. Tot oan it allerlêst fan it stik
begripe je net wêrom’t al dy minsken dêr no mei syn allen yn dat hotel binne. We treffe in jongeman yn it rôze
(en in hiele koarte broek? hahaa) dy’t alle oare mannen besiket te ferlieden. Der wie ek yn this stik a
businessman with an English accent dat noch fouter wie than dy fan it stik hjirbefore. In spirituele therapeute
besocht de groep noch by elkoar te hâlden mei in fage preek. Der wie in lekkere iter by en ien of twa, it is mar
krekt hoe jo it besjogge, wazige types dy’t har beste freondin gewoan betocht hie. Se hat der de hiele jûn tsjin
praten mar ik ha har net sjoen.
Lokkich praat úteinlik de gothic fan it stel ús by. Sy hat in brief skreaun nei eltsenien en frege om nei it hotel te
kommen. Die earme siel hat it net maklik hân. Hâld jo beet….De hoteleigneres hat oait har droombaan ynpikt.
Har beste freondinne hat har yn ’e steek litten foar dy iene beste freondin dy’t wy noait sjoen ha. The
businessman hat tegearre mei de iter, har heit fan fanalles beroofd. Menear yn it rôze ynkl. koarte broek seach
noait nei har om wylst se sa fereale op ‘m wie. En doe’t it nei dit alles sa ferskrikkelik slecht mei har gong en se
wol in spirituele therapeut brûke koe, siet de praktyk al fol en wie der gjin romte mear foar har. Wat de gothic
mei eltsenien dien hat is net te beskriuwen… dan hiene jo der mar by wêze moatten.
Der is troch eltsenien prachtich spile! Wêr’t wy faak ús laitsjen net yn hâlde koene, diene de spilers dat super
goed. Ek siet de grime der lekker op, wiene it frisse dekôrs en hiene we in spontane sprekker dy’t de jûn elkoar
praat hat! Johannes bedankt. Ek wiene der gjin ljochten, tillefoans radio’s en oare lûden dy’t samar oangongen
of júst net wannear dit moast. It like foar ús soepeltjes te ferrinnen.
Al mei al in leuke jûn mei moaie stikken en in goeie organisaasje. De jûn fleach foarby, en dat is in goed teken
dochs?
Fenna Kerkstra
Wij bedanken u voor uw medeleven na het
overlijden van mijn lieve man, onze lieve papa,
lieve pa en fantastische opa
Jacob Boorsma
Jaap
Uw aanwezigheid op de dag van de crematie
en alle andere blijken van deelneming zijn ons
tot grote steun geweeest.
Het heeft grote indruk op ons gemaakt te ervaren
hoe geliefd hij was bij velen.
Namens de familie,
Jetty Boorsma-Weiland
Leeuwarden, april 2019
Ynstjoerd stik
Op de duofiets
Peaske, prachtich waar.
Mei Rinie – Wietske de natuur yn. De
Wâldwei oer, op nei Warten. It mocht mar
1 oere. Fuortendaliks al in heal oere te let.
Eltsenien mar wuive, sels auto’s toeteren.
It wie in pracht tochtje. Ik hoop dat de
duofiets yn Wergea komt. Dan bin ik fan de
partij en mear mei my!
Groet, Wietske
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook