De Havensbank: Juny/July 2019 - page 1

Juny/July 2019
Merke 2019!
Soos ticht
Ybeltsje knobbelt
WK Teatsen
Klimme foar in ...
Pearkekeatse mei de merke
Moandei in túnlaaf?
In dûnsjende banaan?
It kin allegearre
En Maarten mar swimme…
It is krekt nei fjouweren as wy de Narderhaven yn farre en de boat yn syn boks fêst
lizze. Neffens planning, sa as it organisearende alvetal it yn gedachten hie. De WWS
knobbeltocht sit der wer op en wat ha wy wer in moaie gesellige dei belibbe. Moarns
om njoggen oere, doe’t Maarten ûnderweis wie nei Harns, begong dizze jierlikse, eins
net te missen, harsenskrabjende en fochtyndriuwende dei. (Einliks de belangrykste
yngrediïnten om âld te wurden, mar wy hawwe it yn dizze net foar ‘t sizzen). Mei syn
allen der op út, hoe moai. En der hiene noch wol mear mei kinnen, sa oan de skipkes
te sjen dy’t sliepende yn de haven leinen op sa’n prachtige snein.
16 Boaten mei yn totaal 135! opfarrenden leine foar de wâl by Nij Roarda. Wy koene
ús fuort opmeitsje foar it palletlûken ynkl. bemanningslid, in spultsje memory en ma-
teriaal stapelje, moai betocht. As it mei sit (of net, dat is mar krekt hoe’t je de dei yn
gean) binne dan de earste punten al binnen. De tradysje wol dat der twa rûtes fearn
wurde mei in hearlike tuskenstop om fan in brochje en wat drinken te genietsjen.
Efkes bykletse, ouwenele, mar ek genietsje fan bygelyks de grutte ploech jongerein
dy’t der in fantastysk gesellige dei fan makke hat. De fokale prestaasje wie it grutst
fanôf in mânske sloep dêr’t in lytse tritich jongfammen en in trio harembewarders
hielendal út harren dak giene…, en dan bin we noch gjin oardeloere ûnderweis. Jong-
keardels yn in wat lytser kaliber oernaadske sloep, stiene kofjetiid al op “Trije Hûs”
keurich op ôfwettering…, en dizze selde jongkeardels bakten op eigen inisjatyf yn it
middeisskoft foar elkenien in broadsje hamburger mei alles der op en der oan, top.
Dan binne we op “De Kop van Wiersma”. Foar de 11 bern wie der yn it middeisskoft
snoepke happe en T-shirtsje skilderje, ek al wer sa moai betocht. En mei darten koe-
ne jo ek noch wer wat ekstra punten skoare…, of net…Maarten hie yntiids syn 9de
krúske helle yn Frjentsjer.
De middeis rûte gie troch û.o. ien fan de moaiste fearten dy’t we kinne nl. de “Alde
wei”. Hjir waarden efkes jo farkeunsten oansprutsen om’t it drok wie. Droevendal
troch, de Saiter oer en dan it Saitersleatsje by it Oarlochsmonumint del. Wist
elkenien dat it monumint 32 meter breed is en dat dat gelyk is oan de spanwiidte fan
de dêr delstoarten bommewerper? No wol, en sa wiene der mear fragen dy dei dêr‘t
je efkes goed om sneupe moasten om in antwurd te finen. It goeie wol te ferstean.
Ek de kennis fan de Nederlânske en Fryske taal kamen oan bar. En fan 12 stekwur-
den koe men in ferhaaltsje skriuwe. Op oanstean fan in fûleindich puzelder, litte we
him foar it gemak SP neame, waard it winnende ferhaal op de Narderhaven op boei-
ende wize foardroegen troch Janny Sinnema.
De priiswinners: Alle bern kamen yn in prachtich sels beskildere T-shirt nei foaren.
Se hiene allegear in priis fertsjinne
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...44
Powered by FlippingBook