De Havensbank: Augustus 2019 - page 3

Sa, dat wiene alwer twa merkedagen! Op nei merkesneon dan mar! It wie wer in heel och heden om de wekker
troch it raam te smiten, mar úteinlik stroffele de kommisje rjochting it wenhûs fan Folkert en Coba Sinnema.
Op tafel stie der in karakteristyk-klassyk moarnsmiel klear dat binnen ‘no time’ efter de holle kiezzen drukt
waard. Utbúkje siet der net by, want de bernemiddei moast tarieden wurde.
Yn de jeugdsoas SZDRNZLL krigen de jongste pretkikkers fan Wergea in spektakelstik fan Klown Odepske. De
jongfrou yn kwestje die har bêst foar de bern en hooplik wie dat dit kear genôch. Wylst it jongste spul dwaande
wie mei de klown, mochten de wat âldere klierkes sich fermeitsje op it merketerrein mei in hiele rits oan
spultsjes. Sa koene dizze gigelkontsjes om it libben dûnsje op in grut en moai springkjessen en nei hartelust
rûntsjes draaie op de wetterbaan, ja de kraan mei grouwe swimbân hiene it der mar drok mei! Om in oere as
15:00 wie it foar beide groepen dien en sa kamen der wol in dikke 100 bern tegearre op it merketerrein, wêr’t
se sich nochris fermeitsje koene, (as heit & mem mar betelje no!)
Sa nei it bernefertier wie it tiid om wer ris wat solide foer nei binnen te wurkjen, en dit kear wiene we sa as
altyd fan herte wolkom op it pleatselik belang fan Reinder en Jannie de Jong. Op de grutte famyljetafel stie in
tige sûne Hollânske kost klear, en dit waard yn in mummy fan tiid transportearre nei alve (Jan) huichjes (yn de
tonne)! Nei dizze skranserij melde de eks-kommisje sich om 19:00 oere mei harren spultsjes. Lykas foargeande
jierren ha se in poging dien om harren bêst te dwaan.... De opkomst en it waar wiene oan de meagere kant dit
jier, lykas it trochlotsjen fan de kandidaten, mar it fertier en de lol om die gekke âldere eks-garde en de
dielnimmende koppels op de hindernisbaan wie der net minder om. Dus alle plussen en minnen by elkoar goait,
kin der sein wurde dat de popi-jopies fan de eks-kommisje der wer in moai soadsje fermaak fan makke ha!
Jûns nei de tiid wie der op twa plakken wat te belibjen. Sa hiene Douwe en Roelie fan it Doarpshûs in Foute
Merke Party organiseare. Krekt wat, want blykber is der in markt foar yn Wergea, omdat de iene fout ferklaaide
nei de oare it Doarpshûs wist te finen. Yn de feesttinte hiene we te meitsjen mei in grôtfol programma. Sa wiene
DJ Bee, coverband Fragment en superstjer JeBroer de gangmakkers fan dizze jûn. No gang meitsje koene se
wol, want de tinte gong hast letterlik nei it himelfjoer. Bliksem ja, it hie yndie in slach drokker mochten, mar
de gesellichheid op sneon is wol werom fûn, en dat is ek ferrekte wichtich!
Al mei al, de priiswinners fan it spektakel op, ûnder en troch it wetter:
1
e
priis: Anieke Kuperus & Tiemen Kooistra
2
e
priis: Nynke Annema & Peter Talsma
3e priis: Femke Annema & Eldert Meeter
Snein
, foarhinne rêstdei, tsjintwurdich keatsdei! Om Bidlerklokslach 10 oere stiene der 256 keatsdijen (64
koppels) op it keatsfjild. Oer de fysike en geastlike gesteldheid fan de keatsers dogge we gjin útspraken. Wol
oer de keatsdei, want it wie wer in (op)slagge 4
e
edysje fan de Merkepartij. Nei dizze sportive start koe eltsenien
tusken 15:00 en 23:00 oere ôfdûse mei it zwoele Orkest Butterfly. Ciska en har mannen makken der wer in
mytyske merkesnein fan, want om 16:30 oere stie de tinte (en derbûten) al stiifkes fan de minsken. Jo meie
sels ynfulle hoe gesellich it wie, wy ha der nammentlik gjin wurden mear foar.
Al mei al, de priiswinners fan de Merkepartij 2019:
Kim van der Veen en Rik van der Veen
Anne Rixt Punter en Wietse Punter
Ciska Braams en Peter Talsma
Sjoukje Kalsbeek en André Terpstra
Kim Kuperus en Jesse Ypma
Anniek Terpstra en Hedser Mud
Hilde Engwerda en Ype Kerkstra
Jildo Kerkstra en Pieter Gerbens
Tinie Pol en Henk van der Veen (oanmoedigingspriis, Ciska en Peter wiene it moaist ferklaaid)
Hester Sinnema en Egon Sinnema (poedelpriis)
Minke de Jong en Hylke Tholen (poedelpriis)
Pfff, nei sa’n hearlike snein is it al
Moandei
! In dei dêr’t je in kar-akte(r) opstelle moatte, foardat je it bêd
ferlitte. No goed, ûnder it mom fan: May divorce be with you, sweefden der 11 Stormtroopers fan Star Wars
rjochting Enterprise Welvaren. Earst krigen we dêr in spesjaal glês spacemolke, om de neitoarst fan de hele
merke fuort te poetsen. Yn in ramp tempo wie de melkweg. Om in oere as 09:00 wie it dan einlik tiid om de
Morning Wake Up Call te kuierjen. Yn gearwurking mei de Galaxy-Kriich yn de Jan Plezier en Darth Vader Mud
op de trekker koe de Merkeslachte troch Wergea wer ôffinkt wurde.
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook