De Havensbank: Oktober 2019 - page 23

Wergea mei dan ek wol grutsk wêze op in soos sa as
SZDRNZLL.
Op de snein wie der in grutte famyljedei. Neist de
Bidler stie in grutte feesttinte wêr de âlderein fertoeve
koe. Ek dizze tinte fierde neffens my it 40-jierrich
jubileum. De tinte wie net te grut mar de organisaasje
en de band fertsjinnen in grutter publyk. Net dat it
rêstich wie mar der koene noch wol wat minsken by.
Ek foar de jongerein wie der fan alles te dwaan. Sa
wie der ek in springkessen, wêr, it is grif mear
opfallen, it jeugdsoosbestjoer fan it 50-jierrich
bestean, harren tige fermakken.
Oer tsjien jier sille we it witte.
Egon
Iepening fan it Meaneweipaed
‘No dogs allowed’
Yn 'e fierte steane trije hynders ùs ferheard oan te
sjen en njonken it tagongspaad fan de
"Petrolandlokaasje" raast it Stynske weet it ùt om fan
it lân helle te wurden, it earrebarrenêst sjocht der
leech en keal út, sa no en dan hùsmanne der in
mûzebiter (wat net de bedoeling wie) en as dy efkes
op jacht wie seach men der ek wolris in earrebarre op
stean (dy binne der tsjinwurdich wer by de rûs), mar
it is noch nea ta in nêst kaam. Twa stikken lân fierder
steane kij gewoan te fretten en hawwe hielendal gjin
each foar ùs.
Sa teagen likernôch 20 persoanen op in sinne-
oergetten sneon, 9 oktober 2010 wol te ferstean, nei
de boarlokaasje om dêr de offisjele iepening by te
wenjen fan it Meaneweipaed. Der is net folle kundskip
oan jûn, om 't men der net in twadde Slachtedyk fan
meitsje wol. Trije Pleatslik Belangen wiene
fertsjinwurdige; Wergea, Warten en Warstiens, de
lâneigners, de pleatslike parse; Havensbank en
Kommune en in inkele nijsgjirrige, mar boppe-al Lutz
Jacobi dy 't de offisjele iepening fersoargje soe.
Nei in kop kofje as tee mei oranjekoeke koe Wietse
Martens, foarsitter fan Pleatslik Belang Wergea, ùs
wolkom hjitte. Hy naam ús mei nei 2005. Doe kaam it
ferheegjen fan de polderdiken fan de Meanewei op de
aginda fan de gemeente en it Wetterskip. De sleat
efter de polderdyk soe dimpt wurde en de Meanewei
soe útbaggere wurde, Dat lêste is nea bard. Dit joech
mooglikheden foar in slach om, foar Wergea, Warten
en Warstiens. Der waard kontakt socht mei de
gemeente en it Wetterskip en ynformearre nei de
mooglikheden. Der waard sein dat der al ôfspraken
mei de lâneigners en de gebrûkers makke wiene, it
bestek wie al fierhinne wei skreaun, koartsein
Pleatslik Belang Wergea wie te let. Letter bliek dat
allegearre wat nuansearder te lizzen. Hawar.
Doe letter sels mar mei Doarpsbelang Warten alle
lâneigners en gebrûkers polskje wat sy tochten fan in
paad oer harren lân en polderdyk. Allegearre positive
reaksjes en yn febrewaris 2009 waarden alle
lâneigners en gebrûkers útnoege en harren de ideeën
foarlein. Hjirby wie doe ek al Lutz Jacobi oanwêzich.
Wer positive reaksjes mar ek fronsele wynbrauwen.
Der waarden dúdlike ôfspraken makke en dy waarden
yn in earekoade fêstlein: gjin hûnen, Wietse liet ús
witte dat der perfoarst gjin hûnen, ek net oanline, op
it paad komme meie, y.f.m. it mooglik fersprieden fan
syktes. Hy frege de beide parseminsken mei klam dit
ek te neamen yn sawol De Havensbank as de
Kommune. Dit die my gelyk tinken oan it nûmer "No
Dogs Allowed" fan de bline sjonger José Feliciano, dat
hy skreaun hie yn 1967 doe 't de Britske autoriteiten
wegerden syn liedhûn ta te litten doe 't hy der in
optreden jaan soe. Mar dit litte Wy fierder mar
gewurde.
1 Jannewaris bliuwt it paad ticht om sadwaande
rjochten op erftsjinstberheden keare te kinnen en yn
it briedseizoen is it paad ek ticht. Al mei al noflike
betingsten, tinkt my sa. Sa’n paad kostet jild en dêr
hawwe de Pleatslike Belangen net sa’n bulte fan. Dries
Gerbens aam mei it idee om dit projekt oan te melden
by de wedstriid ‘Kern met Pit’, in inisjatyf fan de
Heidemij. It projekt is akseptearre en dat hâld yn dat
der yn alle gefallen € 500,00 ynbard wurde kin. De
sjuery is 14 dagen lyn lâns west en yn febrewaris
2011 kriget men yn it Provinsjehûs te hearren wa’t de
winners binne. Healwei augustus waar it lêste griene
ljocht krigen en koe der fierder gien wurde. De
oerstapkes en de buorden binne pleatst en der waard
rom paad makke by it betonbrechje by Kalsbeek.
En no is it paad dus klear, 5 jier letter neidat de
earste gesprekken plakfûn hawwe. Wietse betanket
nochris alle lâneigners foar harren geweldige
meiwurking. Dan is it momint oanbrutsen dat Lutz
Jacobi de iepeningshanneling ferjochtet. Nei in pear
moaie wurden lit se sjen, hoewol in links binnenst, dat
hja gjin twa linker hannen hat en mei in pear sierlike
bewegings skroevet hja it fergulde buordsje op de
earste tagongshikke. De measte oanwêzigen kuierje
noch efkes oant de earstfolgjende hikke en binne
optein. Hjirmei is Wergea, Warstiens en omkriten in
moai kuierpaad riker wurden. No riker, sa ryk wiene
wy no ek wer net bedield, mar sa sjogge jo Wergea
wer fan in hiel oare kant.
Spitigernôch, om reden, binne de earste hûndert
meter troch de greide mar ek de bolle sil ea in kear
dea gean.
Jelle Dijkstra
12
1...,13,14,15,16,17,18,19,20,21,22 24,25,26,27,28,29,30,31,32
Powered by FlippingBook