De Havensbank: April 2020 - page 3

Wergea en Wergeasters yn oarlochstiid
(in betinking op 4 maaie)
Op 4 maaie ha we jierliks de Nasjonale betinking op de Dam.
Sjoen alle ôfspraken die lânlik makke binne om it Coronafirus te bedamjen
sil dit net massaal barre. En tal fan gearkomsten oer dit tema gean fansels
net troch. Hiel begryplik en ferstandich!
De Wergeaster betinking by de Bidler giet net troch
Yn Wergea soene wy ek in betinking ha op 4 maaie. Foar it earst, want it is 75 jier lyn, op 15 april 1945 om
presiis te wêzen, dat de Kanadesen oer it wetter Wergea binnenfarden sadat de befrijing fan ús doarp in feit wie.
Jim sille it allegearre al lang betocht ha, dy betinking giet fansels net troch. Wat wy yn’ e holle hiene oer ferhalen
en opset rûnom dit wichtige tema, no dat bliuwt der wol en komt letter fêst wer ris foar it ljocht.
Oprop om dochs massaal stil te stean by ús frijheid
Mar dochs wolle wy in oprop dwaan oan hiel Wergea, Warstiens en Eagum, in oprop wêrmei ‘t wy massaal sjen
litte kinne dat we stilstean by sneuvele of fermoarde boargers, militêren dy’t foar ús Keninkryk sneuvele of
fermoarde binne yn de 2
e
wrâldkriich, by konflikten sa as de polisjonele aksjes yn Nederlâns Indië en by
fredesmisjes sa as yn Libanon, Bosnië, Afghanistan….
Lit sjen dat wy ús frijheid wurdearje. Miskien krekt no, no ‘t we troch in firus dochs fernimme dat wy, wol lyts en
fansels net te ferlykjen mei oarlochstiid, beheind wurde yn ús frijheid. In tiid wêr frijheid net fansels is.
4 Maaie, de flagge healstok
We freegje jimme om foar dit jier massaal de flagge healstok te stekken.
Tal fan húshâldens dogge dit al, mar mei dizze oprop wolle wy eltsenien noch in ekstra
triuwke jaan om mei te dwaan. Gewoanwei soe de flagge om 18.00 oere út moatte,
mar sjoen de coronasituaasje hat it Nationaal Comité freege om de flagge de hiele dei
healmêst te hingjen. Hjirmei kinne we mei syn allen sjen litte dat frijheid der ta docht.
5 Maaie, de flagge yn top
Ek foar dizze dei dogge wy de oprop; flagje hiel Wergea troch. Gjin festiviteiten
en festivals spitich genôch, mar de wearde fan frijheid, demokrasy en minskerjochten
kinne wy wol sjen litte.
Elts in protte sûnens tawinske, tink om elkoar sadat we dizze bysûndere tiid mei syn allen goed trochkomme.
De Kulturele Kommisje Wergea
Wat in het vat zit….
Wij zijn erg verrast door de positieve
reacties op ‘Warber Wergea’. Een
prachtige dag voor en door het dorp.
We moeten met zijn allen het
enthousiasme nog even volhouden,
want we hebben besloten ‘Warber
Wergea’ door te schuiven naar 2021.
Zodra de maatregelen rondom de
coronacrisis zijn opgeheven, zullen we
verder gaan met de plannen, en
komen we met een nieuwe datum.
Voor nu hopen we dat iedereen in
goede gezondheid verkeert, en
economisch zo weinig mogelijk
schade van de crisis ondervindt.
Toeristisch Wergea, Werregea Ald-
Wergea Nij en Zakelijk Wergea
It grutte ferlies ferline jier fan ús leave mem
Janneke Ytsma-Kampen
betsjut dat wy no ek ôfskie nimme moatte fan Wergea,
it doarp
dêr’t wy beide yn opgroeid binne.
Wy wolle graach elkenien tanksizze dy’t it ôfrûne jier om ús
tocht hat yn de foarm fan kaarten, besites en oar omtinken.
Us spesjale tank giet út nei Jitze en Cathrien Tadema dy’t ús sa
holpen hawwe mei alles wat der, njonken it fertriet, op ús
takaam.
Ek de buorlju fan It Foarhûs dy’t sa goed op it hûs en de tún
fan Janneke past ha, wolle wy graach nochris tanksizze.
Wy misse ús mem alle dagen, mar de waarmte dy’t wy fanút
Wergea field ha nei har ferstjerren, hat ús goed dien.
Gouda, Durkje Kendall-Ytsma
Ljouwert, Ymkje Ytsma
April 2020
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook