De Havensbank: Juny-July 2020 - page 11

Ferslach fan de briedresultaten yn it neisoarchgebiet by Gerard de Wit
De maitiid is foar de neisoargers fan ús fûgelwacht foarby. In protte frustraasje at men de balâns opmakket. Maart
wie tige wiet, mar doe gong de wyn nei it easten en drûge de grûn hiel hurd út, it wie as beton. Doe begûn foar de
fûgels de ellinde: gjin of te min iten te finen.
Ik wol it no hawwe oer myn neisoarchgebiet by Gerard de Wit. Dat doch ik mei Dries Zwart en Lolke van der Meer.
Wy hawwe dêr in moai plasdras gebiet en dat sette ek goed útein mei 5 broedsjes fan de ljip healwei maart. Mar dy
wiene 2 dagen letter fuort sûnder in spoar nei te litten, grutte skrik, mar wat no?
In kamera op de daam! Dy koe ôflêzen wurde fia de laptop. In pear hinne-aaien derby en ôfwachtsje. No dat wie
raak, de aaien wiene in proai foar de swarte krie en letter yn de nacht kamen de foks en de stienmurd del. Doe
sloech ús de skrik om it hert, wat no te dwaan, eigentlik kinne jo neat want men mei neat.
Dat wie it begjin fan ús neisoarch. Stadichoan kamen de skriezen en tjirken ek del, mar ja, grûn sa hurd as beton
en gjin fretten. Doe kaam Gerard op in super idee: it wetter omheech, oant op plakken wol 3 meter op it lân. De
fûgels waarden wekker, at se prate kind hienen, dan hiene se ús betanke. Se kamen stadich oan de lech wat as
resultaat hie dat we 18 skriezen oan de lech krigen yn 4 stikken lân.
En dan ús plas-dras, dêr gie it earst net goed en hoe soe dit fierder gean? No it gie tige goed eigentlik, net in aai
kwyt, mar it gers groeit en der komt in tiid fan meanen en kuilen. Gerard meant sels en lit hiele grutte pôlen om de
nêsten stean.
In kantelpunt is it as der drokte yn it lân komt, wat bart der dan? Mei meanen, skodzjen en swyljen falt it ta, mar it
moat ek fan it lân oan de bult, dan wurdt it lân keal. Ik naam efkes poalshichte doe’t it leanbedriuw sa wat op de
helt wie. Doe skrok ik, want de hiele loftbrigade út de fiere omjouwing kaam der op ta. Ik sil se net allegear neame
mar ik bedoel rôffûgels en nachts binne de foks en de stienmurd ek noch warber en net te ferjitten de harmeling en
syn lytsere maat de wezeling. Wat dit jier bot meispilet is dat der gjin mûzen mear binne en no binne de
greidefûgels de klos. Wy hawwe by de saneamde alarmtelling - en dat moat
3 kear dien wurde - by de lêste kear 1 pear alarmearjende skriezen oerholden
en 5 pear tjirken!
Dat wie it tryste resultaat foar boer en neisoargers.
Dit wie spitigernôch net allinnich by my sa, it is rûnom yn Fryslân sa.
Sels yn de Himpenser Mar wie net 1 skries mei piken.
Al mei al is dit foar boeren en neisoargers in deprimearjende sitewaasje.
Sytze de Groot, Wergea, maitiid 2020
Beste dorpsbewoners,
Zoals bekend is het dorpshuis gesloten vanwege de Corona-maatregelingen.
Per 1 juni mochten we met 30 mensen en per 1 juli met 100 mensen bij elkaar
komen, met anderhalve meter afstand.
Groepen mogen dus weer gebruik maken van het dorpshuis. We hebben de gebruikers van het dorpshuis
gevraagd of zij hun activiteiten weer willen opstarten.
De meeste groepen hebben ervoor gekozen om pas na de zomervakantie weer te starten. Een enkele groep
bezint zich over opstarten in juli.
Wanneer een groep in juli gebruik wil maken van het Dorpshuis, kunnen zij contact op nemen met Roelie en
Douwe. In overleg kan bekeken worden wat er mogelijk is. Duidelijk is wel dat groepen zelf verantwoordelijk zijn
voor het naleven van de Corona-maatregelen. Wij zullen zorgen voor een duidelijke poster met instructies.
Eerder hebben we in de Havensbank gemeld dat Roelie en Douwe stoppen per 1 januari 2021. Omdat de Corona-
maatregelen alles op zijn kop hebben gezet, hebben zij aangeboden om nog een jaar door te gaan. Het bestuur
is daar heel blij mee!
Ook hebben wij eerder gemeld een Denktank ‘Hoe verder met het dorpshuis’ in te willen stellen. Inmiddels
hebben wij hiervoor een interessante groep mensen bereid gevonden. In verband met de Corana-maatregelen
was het echter niet mogelijk al bij elkaar te komen. We zullen proberen om dit voor de zomervakantie nog te
regelen zodat we na de zomer fullspeed door kunnen. Gelukkig hebben we door het aanbod van Roelie en Douwe
meer tijd gekregen om de toekomst verder uit te werken. Op korte termijn worden de deelnemers van de
Denktank benaderd.
Wij wensen jullie alle goeds en gezondheid en we houden het vol!
Het bestuur van Us Doarpshûs
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...28
Powered by FlippingBook