De Havensbank: November 2020 - page 3

Earnewâld
Heit Symen wie molkfarder en by ’t winter ek reidsnijer. Se hiene it krap, mem hie bygelyks de naaimasine op
ôfbeteljen. Om ‘e safolle tiid moast der 5 sint ôfbetelle wurde, mar dat wie der net altyd oer. As bern holpen se
mei it húshâldlike wurk en oars wiene der wol sokken te breidzjen of te stopjen of wurk op ‘e tún. It melken
learde Baukje by Rein en Fetsje Siekman even bûten Earnewâld. Fansels moast Baukje ek nei skoalle, dy wie
flakby, dat wie wol noflik, mar Baukje wie net sa’n learder. Har heit sei “ast net leare kinst dan moatst mar
kachelpoetse en strjitskrobje”. En sa kaam it, mei 14 jier gong se fan skoalle.
Alde Miede
Har omke Jelle Boorsma, lykas har heit ek molkfarder, wist wol in wurkplak foar har en sa kaam se by Binne en
Romkje Vriesema op ’e pleats op Alde Miede. Even foar ús aller begryp: mei 14 jier gong se dus ek út ‘e hûs, yn
‘e kost op har wurkplak. De jonge Baukje hie op Alde Miede in hiel best plak as faam. Sa’t buorfrou Baukje it
seit: “Binne en Romkje wiene hiele leave minsken”. Der moast fansels wol wurke wurde, harren dochter Tine
wie troud en it hûs út dus koe Romkje wol wat help brûke. Moarns en jûns melke, en dan skiepmelke en se
moast waskje, strike, bjinne, himmelje en it iten berêde. By moai simmerwaar is dit al in hiele protte wurk, mar
it moast it hiele jier troch dus ek yn waar en wyn, yn ’e hjerst en yn ’e winter. En de wask goaiden je net even
hupsakee yn de waskmasine en de drûger, nee… reinwetter yn in grutte tsjettel, de wite wask der yn oant it
sierde, dan waskje op ‘e hân of mei in waskboerd, dan alles noch útspiele en troch de wringer. Dat earste
wetter waard fansels wer brûkt foar de donkere wask en dan noch foar de wurkklean. Dan moast it op ‘e line te
drûgjen, of foar de kachel en as it dan drûch wie, dan moast de helte ek noch strutsen wurden mei in grou
izeren strykizer.
As jong faam wie it fansels wol heel fijn dat se sa’n best plak troffen hie, dêr’t ek in bytsje op har past waard.
Somtiden hie se nei it melken sokke kâlde hannen dat it gefoel der hielendal út wie, mar dan mocht se fan
Romkje altyd even yn ‘e hûs te hanwarmjen. Wiene de hannen wer waarm dan moast se noch skiepmelke.
Wêr‘t Baukje o sa bliid mei wie en noch altiten is, wie dat dizze minsken har foar de folle hûndert prosint
fertrouden, “de kaaien lizze op it bêdsbuordsje hear”.
Fansels miste Baukje har mem ek wolris lykas doe’t se foar ’t earst ûngesteld waard. Gelokkich wie Romkje der
foar har. Dat ûngesteld wêzen op sich wie in ding, mar it “maandverband”, lês katoenen lapen dy’t nei ’t
ferskjinjen ek alle kearen wer útwasken wurde moasten, wie ek in ding. Dat der nochris sa iets útfûn wurde soe
as tampons en “ultradun maandverband” yn alle soarten en maten, dêr’t je alles yn dwaan kinne, mei dûbele
fleugels, “vrij zijn, blij zijn, heerlijk gevoel“ en ek noch foar deis en nachts, hiene se doe net betinke kinnen,
mar wat hie dat in stik nofliker west.
Inkeld wie se ris in snein of sneontejûn frij. Dan roeide se fia de Lange Meer, oer it Lange Deel op nei Warten.
Dêr koe se dan mei heit op ‘e molkboat nei hûs, nei Earnewâld. As it sa útkaam koe se op Warstiens al by omke
Jelle op’e molkboat stappe. Dat skeelde har dan in moai ein roeien, want we hawwe even oan it rekkenjen
west, fan Alde Miede nei Warstiens hie se al in oere roeien!
Har twadde wurkplak
Doe’t Binne en Romkje opholden te buorkjen moast de noch altyd jonge Baukje nei fjouwer jier oar plak ha en
doe die bliken dat it ek hiel oars koe. Oer har twadde wurkplak seit buorfrou Baukje : “Dêr haw ik de
foarkeamer en de souder noait sjoen en ik sliepte yn in bedstee yn ’e gong dêr’t ik ’t faak sa kâld hie”. Dan
naam se stikem in flesse waarm wetter mei op bêd, dan hie se yn elts gefal wat waarme fuotten. Op dit plak
hat se noch gjin jier west, doe troude se mei har Auke.
Oarloch
De oarloch is Baukje reedlik rêstich trochkaam fynt se sels. Op Alde Miede wiene wol twa ûnderdûkers mar dêr
hie se net folle mei te krijen. Dizze mannen wurken faaks ek wol mei op ‘e pleats en Romkje sette se ek wol
oan ’t jirpelskilen. Ut ’e stêd kamen wol ferhalen oer de Dútsers en se fernamen fansels wol dat der op in stuit
hast neat mear te krijen wie. Ek fertelde se dat Auke ris oanholden is om’t de Dútsers mienden dat er in sek fol
klandestyn slachtôffal bedobje soe, mar it wie mar blêdeguod. Wat buorfrou Baukje altiten bybliuwe sil is in dei
yn july 1943. Se wie fan Earnewâld ûnderweis nei Alde Miede. Doe’t se op ‘e fyts yn Warten kaam waard se
oanholden troch de Dútsers, se mocht net oer de brêge, der wie in razzia. Se is doe gau nei kunde, Sake Tiet,
yn ‘e buorren gongen. Dêr mocht se wol even wachtsje. In pear oeren letter koe se wer fierder. Se fear krekt as
oars mei omke Jelle mei op ‘e molkboat. Molkfarder grutte Siebe de Vries fan Warten en omke Jelle hiene as
wenst de molkboaten fan Warten oant Warstiens oanelkoar te koppeljen. Op Warstiens waarden de molkboaten
wer loskoppele. Doe ’t se op Warstiens oankamen, kaam Tsjeardsje de Vries, dy’t faam wie op Warstiens, op
harren ta draven en rôp “Heit! heit! heit moat daliks thúskomme, der is wat mei Marten!” Letter die bliken dat
har 18 jierrige broer Marten de Vries dy deis yn ’t Leechlân deasketten wie troch de Dútsers.
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...32
Powered by FlippingBook