De Havensbank: Jannewaris 2021 - page 3

De Ljippen yn “De Lytse Mar” (wat doetiidsk noch in reservaat wie), de lûdroftige Strânljippen, it
Lauwersmargebied, dat doe noch Lauwersee wie, mar dêr’t men al fierhinne wie mei it ôfsluten en dat
dêrtroch in unyk gebied wurde soe. De Kemphanen dy’t hy foar it earst seach yn de kwelders boppe Blije en
letter by “de deade earm fan de Fônejacht”.
“Wanneer dan op zo’n prachtige voorjaarsmorgen de zon duizendvoudig weerspiegelt in myriaden
dauwdruppels, de meerkoeten van verliefdheid niet weten hoe gek te doen en om mij heen het gejubel klinkt
van al wat vogel heet, dan geniet ik met volle teugen.”
Dit poëtysk sitaat omskriuwt wol de niisneamde passy. Kwa sport hie it keatsen, wat hjir yn dy tiid in protte
dien waard, ek in plak yn syn hert, sa’t te lêzen is yn in stik oer de minne steat fan it sportfjild dat op dat
stuit achter de Frico syn domisylje hie. De kwaliteit fan it fjild neamde hy
“een miniatuuruitgave van de
Siegfriedlinie, compleet met loopgraven en tankvallen. Op een normaal stuiterende bal hoefde men niet te
rekenen, maar wie wel de euvele moed weet op te brengen om zich te laten vallen, doet er goed aan eerst
een Fakhir-opleiding te volgen, anders komt hij steevast met ontvelde armen en benen uit het strijdgewoel”.
Al jierren waard der troch de gemeente praat oer in nij sportfjild, op it plak dêr’t it no is, mar fierder as
praten kaam it ynearsten net. Hy rôp de bestjoeren op om de moed net op te jaan by de gemeente, om ’t “de
intensieve sportbeoefening in Warga en de gebrekkige accommodatie die daar tegenover staat”
net yn
ferhâlding wiene. It hat noch in jier as wat duorre, mar it nije sportfjild is der lang om let kommen op it stee
dêr’t keatsend, teatsend en fuotbaljend Wergea hjoed de dei noch steeds harren keunsten fertoane. Mar ek
foar in mâlfyt wie Hein te finen, sjoen it folgjende epos, dat my persoanlik in protte docht, en dat ik jimme
noch lêze litte wol.
“Hwa’t de lêtste tiid op in sneontomoarn de Wartensterdyk útpandere, koe by de Roomske skoalle
meastentiids twa feardige jongkeardels fûleindich yn ‘e skrep sjen. De iene hat him dêr okkerdeis ta wenjen
set, de oare helpt him yn syn frije tiid it wensté sa goed mooglik yn ‘e es te bringen.Hy docht dit mei sa ’n
tawijing, dat it in lust is om nei to sjen. Al hoe drok dizze beide mannen it ek hawwe, okkerdeis seachen hja
dochs ek noch mar kâns tusken de bidriuwen troch in Murd nei de “ivige jachtfjilden” te helpen. Earst hiene
se it net sa op it bist stean en siet de Murd mear efter har oan as oarsom, mar stadichoan kaam it
jagersbloed boppe en it eintsje bislút wie dat de Murd krimp jaan moast. De Jongkeardels skine de smaek
nou wol te pakken to hawwen, hwant nei wy heard hawwe, binne hja fan doel it âlde birop fan Murdefanger
nij libben yn to blazen. Jimme moatte dan ek net raer opsjen as der in oare kear bygelyks sa ’n adfortinsje yn
‘e Havensbank stiet:
Boargers fan Wergea en omkriten.
Hawwe jimme lêst fan Murden as oar túch?
Rop dan Pyt Van Den Berg en Ljibbe Mud
en jimme binne wis dat it fakkundich opromme wurdt.
H.S.
Nei alle gedachten hat it de doetiidske redaksje en de lêzers tige spiten dat Hein ferhuze en dêrtroch ek út de
redaksje gie. Mar tankber binne wy foar de ynset yn dy 4 jier redaksjewurk en de moaie ferhalen dy’t Hein ús
neilitten hat!
Ut namme fan de folsleine redaksje winskje ik Tineke en harren bern en alle oare neisten in protte sterkte ta.
Mathijs
Jeften
Better hjoed in aai as moarn in hin
€ 20,00: J.O.M; M.A.G.S; J.H.-W.
€ 15,00: W.M.M. en E.G.M.-vd L.; L.T.-v.D en J.T.
€ 25,00: B.B.-B.; J.T.
€ 40,00: K.K.
€ 50,00: Gjalt de Groot
Abonnementsgeld 2021
Willen onze abonnees één dezer dagen
€ 30,00
overmaken op ons ING bankrekeningnummer
NL08 INGB 0003 6560 00.
Alvast bedankt!
De penningmeester
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook