De Havensbank: Febrewaris 2021 - page 1

De hel fan '21
50 jier SZDRNZLL
De hel fan '63
Diggelfjoer
Reedride
Mei de bus
De hel fan '29
Nijs fan de Kriich
Reintonne
Earst bloesem dan
Prommen
Moai waar te tennisjen
De hel fan ’21
Snein, 7 febrewaris, 07:45: De wekker giet. Jannewaris 1963 leit dik 58 jier
efter ús, mar noch altiten mei der troch mannich Frysk húshâlden graach oer
sprutsen wurde. De helden fan doe: Reinier Paping, Jan Uitham en ‘ús eigen’
Jeen vd Berg folbrochten de ‘tocht der tochten’ yn resp. 10.59, 11.21 en 11.23.
Ta fergelyk: yn 1956 kamen 5 mannen al yn in tiid fan 8.46 oer de finish.
Alhoewol: om’t de reglemintêre statuten de dielnimmers ferbean hienen om
tagelyk oer de streep te kommen, waard gjin fan de mannen ta winner
útroppen.
Snein, 7 febrewaris, 08:00: de wekker giet nochris en docht my de gedachte
ynfallen dat dit in moaiere tiid is om út bêd te gean. Ik slingerje de bonken út
de bak en lûk de gerdinen iepen. In gefoel bekrûpt my dat him as in miks fan
ferwûndering en begrutsjen omskriuwe litte kin. Der leit snie op it dak en it
hoantsje fan de Bonifatius tsjerke yn Ljouwert, dêr’t ik ûnder wenje, kin it
brânpunt yn myn eagen hast net mear fine. Net allinnich soe dizze snein de
boeken yn gean as de earste lanlike iisdei fan it jier 2021, ek waard der
fûleindige sniefal foarsein. Bynammen de snijende eastewyn soe yn
kombinaasje mei in lichte-oant-matige froast soargje foar ferriederlike
sniedunen en glêde diken. Telle jo dêr in gefoelstemperatuer fan -16 by op,
dan hat dat hjoed-de-dei al ridlik gau koade read ta gefolch. (Ik kin my net
heuge dat ús heit ek mar ien winter te fergelykjen fûn mei dy fan ’79, mar
klear, at jo net better witte, dan bliuwt it in bjusterbaarlik natuerfenomeen.
Boppedat kinne jo sizze dat ús heit mei in leeftiid fan doe 21 miskien de boel
mei de jierren ek wol wat opblaasd hat. Sa giet dat mei werinnerings.) Enfin,
de nostalgy oan kant setten smar ik in stikje bôle, ik ful in thermoskantsje
kofje, ik prop my mei 2 pear sokken yn myn rinners-skuonnen en omhul
mysels as in wiere Minne Hoekstra yn passende winterklean. De spanning
stiget at ik besef dat myn auto de lêste tiid net al te best starte wol. Dêr sil
Minne net bot lêst fan hân hawwe. Lokkigernôch falt it ta en ryd ik foarsichtich
rjochting Wergea.
Dêr, wêr’t oars medio maaie âld húshâldlik guod opsteld stiet foar de jierlikse
rommelmerk, parkear ik myn auto en toffelje ik nei Abel oan de Lytse Buorren
3, foar in bak kofje mei sicht oer de bidler. Sa at de kofje rêstich útdruppelt, sa
komme ien foar ien myn kompanen ek binnen druppeljen: Ruurd, Wimer en
Klaas. De ien sjocht noch kâlder as de oar. Nei in heal oere fan oardel meter
romantyk fine wy it tiid om út ein te setten. Wy hawwe it yn de holle helle om
21 km te rinnen en foar dit doel hat Wimer in moaie rûte útsetten troch mid-
Fryslân. Laitsjend begjinne wy fiven oan ús tocht sûnder noch te beseffen dat
Simen Pyt Hotsma mei syn hûn foar de kommende oeren ús lêste werinnering
foarmje sil oan Wergea. De hûn al like fernuvere as syn baas rint nei in
twiveleftige súkseswinsk gau troch. En we jouwe him gjin ûngelyk. De Grutte
Mar krúsjende, meitsje wy kennis mei in sydwyn wêrtroch’t wy suver bliid
binne dat ús kapsels yn de lêste wiken net knipt wurde mochten. Dit is wêr’t ‘It
lûd fan de mar’ oer gie. De earste imazjinêre stimpelpost befynt him yn Eagum.
Nei’t men seit it middelpunt fan Fryslân. Wy toffelje troch en fernuverje ús oer
it ûntstean fan iistongen dy’t harren ûnder ynfloed fan in stevige wynkrêft 7
foarmje boppe de gielkleurige sleatten. Flak foar Idaerd dûke wy it tunneltsje
troch ûnder de A32 en sa sette wy troch oant Reduzum. Neidat we ús der fan
ferwissige hawwe dat ek Kafé de Welp him hâldt oan it coronabelied beslute we
efkes de tiid te nimmen foar in steande evaluaasje mei in (ynmiddels)
knapperige stroopwafel en wat lije kofje. Wy stean op it plak dêr’t eartiids yn
1879 it Friesch Rundvee Stamboek oprjochte waard. Mei respekt foar it
monumint begjinne we ôf te kuoljen en wy beslute dêrom om ús tocht wer
troch te setten.
Febrewaris 2021
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook