De Havensbank: Maart 2021 - page 13

Szdrnzll wie myn twadde thús
Doe’t ik frege waard om foar de Havensbank in stikje te skriuwen oer de jeugdsoos haw ik net lang neitocht.
Dat kin ik wol dwaan, ik haw tenslotte 8 jier yn it bestjoer sitten. Rimmy Tijsma, skriuwster fan it stikje yn de
Havensbank fan febrewaris, frege my tidens de dûnsles, dat moat 1975 west ha yn it âlde doarpshûs, oft ik wol
yn it bestjoer woe fan de jeugdsoos. Dat fûn ik in hiele ear en sei fuortendaliks “ja, ik wol”. Ik, as jong pykje
fan krekt 16, yn it soosbestjoer, hoe fet is dat! (Dat seinen we doe noch net hear).
Ik woe der foar gean en brocht de measte tiid dan ek troch yn ‘e soos. Faak thús wie ik net mear, allinnich ite
en sliepe en myn tas thús bringe út skoalle wei. Ik koe altyd wol wat fersinne om yn ‘e soos te wêzen, skjin
meitsje, opromje, wask werom bringe, der wie altyd wol wat te dwaan. Ik haw ek jierren ponghâldster west.
Wy krigen noch subsydzje fan de gemeente, mar dêr moasten we wol hiel wat foar dwaan. Ik gong mei Teake
Kloosterman nei ferskate gearkomsten ta, bygelyks fan de IDA.
Der binne ek in protte moaie muzikale herinneringen, bygelyks it optreden fan Vitesse en mei it 15 jierrich
bestean fan de jeugdsoos ha we in prachtich wykein organisearre mei as hichtepunt Herman Brood and his Wild
Romance yn De Bidler. Der is in filmke fan op Wergeatv, de muoite wurdich om efkes te besjen. Ek
organisearden we neist konserten en droppings, gesellige sneintemoarnen en sneintemiddeis mei Irolt en
Riemer Kramer. Mei ien fan dy droppings binne myn man Anno en ik by mekoar kaam, it fonkje sloech oer. En
sa binne der mannich pearkes ta stân kaam yn ‘e soos, dat is wol wis.
Ien jûn wol ik útljochtsje. Karnaval, hokker jier wit ik net mear presys. Ik wie ferklaaid as Radar út de searje
‘Mash’. Ik haw de hiele jûn mei yn skriuwblok en pinne alles opskreaun wat der dy jûn om my hinne barde yn ‘e
soos. Ik hie gjin tiid om mei te hossen en te springen en wat je sa al mear dogge mei karnaval. Gelokkich foar
alle feestfierders fan dy jûn is dat skriuwblok net mear yn myn besit, ergens weirekke yn al die jierren.
De útstapkes en reiskes mei it bestjoer en âld-bestjoersleden binne ek sear ferneamd, foar bûten-steanders
miskien wat lûdroftich mar wy hiene in protte wille. At der neat te dwaan wie yn de soos kwa aktiviteiten dan
wiene we oan it kaarten, kofjedrinken, Mastermind spylje en foaral kletse fansels. Doe’t ik yn 1984 út it
bestjoer gong fûnen se it nedich om de hiele soos te ferbouwen. De bar waard sloopt en fernijd, de flier
ferfongen en de wanden en plafonds waarden op ’e nij sauze en ferve. By de iepening yn septimber seach alles
der wer pikobello út.
Dit binne myn oantinkens oan de jeugdsoos. Grif binne der guon Wergeasters dy‘t ek sokke moaie mominten
en oantinkens hawwe. As ik sa neitink en alles komt werom, dan hoopje ik dat myn beppesizzer as se âld
genôch is ek sa’n moaie tiid ha mei yn jeugdsoos SZDRNZLL.
Frieda Huizenga
NIEUWSFLITS KV Het Oosten
Kaatsjaar 2020 was een jaar van veel onzekerheid, kan het kan het niet, en dan steeds
weer het teleurstellende bericht it kin net. De plannen konden in de ijskast. Nu we steeds
weer wat meer mogen qua sporten beginnen we weer met enthousiasme plannen te
maken voor het komende kaatsseizoen.
In 2021 willen we graag weer een balletje slaan. Weer lekker sportief bezig zijn.
“boppe” en “achteruit” roppe. Een zitbal slaan.
Als corona het toelaat willen we de trainingen voor de jeugd eind april weer
starten.
Ook willen we het competitiekaatsen voor junioren/senioren weer leven inblazen.
Met ondersteuning vanuit de KNKB organiseren we clinics voor iedereen die het
kaatsen een warm hart toedraagt.
Mooie vooruitzichten en genoeg plannen dus, maar dit alles natuurlijk onder
voorbehoud....
Ook willen we in 2021 de mogelijkheid voorleggen aan de leden/donateurs om
een automatische incasso te laten machtigen. Dit scheelt enorm in tijd voor een
ieder, we zullen naast dit bericht uiteraard nog een mail naar de leden sturen
met nadere toelichting.
Wordt vervolgd……………………….. Oant sjen op it keatsfjild!
7
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...28
Powered by FlippingBook