De Havensbank: Septimber 2021 - page 9

Fiif kear Ferknipt yn de lêste wike fan oktober
It idee om wat mei Robert Altman’s spylfilm Short Cuts te dwaan spile al folle langer mar waard begjin 2019 in
stik konkreter doe wy betochten it as basis foar in grutskalich muzyk-, film- en teäterstik te brûken. Wy, dat is
dan offisjeel Boppeseal Movies Wergea mar eigenlik gewoan trije minsken dy’t der aardichheid oan hawwe soks op
priemmen te setten: Frans Slaterus, Jan Tijsma en Rimmy Tijsma-Sinnema. Lokkich genôch fûnen we relatyf
maklik de rûchwei 35 akteurs en muzikanten foar dit mega-projekt. Sels nei in twongen útstel fan oardel jier
binne se noch allegear oan board!
We fine dat oan Wergeaster projekten safolle mooglik (âld-)Wergeasters meidwaan moatte. Dat slagget net altyd
100% mar der krije je faak ek wer in protte foar werom, nim no de ûndersteande trije meiwurkers:
Jorrit Meinsma út Jorwert: ferantwurdlik foar al it, fan te foaren opnommen kamera wurk en tidens de foarstelling
docht er de live-kamerabylden. Hy wurdt rûnom frege en wie bygelyks kameraman fan de, mei in Europeeske priis
honorearre, dokumintêre ‘It Masterstik’ en de spylfilm Stjer.
Inez Timmer út Weidum: sy docht by ús de
Staging
, dat wol sizze dat sy soarget dat alles wat live op it poadium
bart der “netsjes” útsjocht. Eartiids fansels bekend as sjongeres fan Irolt, mar jierren aktyf yn de Dútske
musikalwrâld. Neist allegear oare produkjes giet fan har yn jannewaris it programma “Baas Giele Taksy” yn
premjêre wêryn Inez allegear lieten fan Joni Mitchell sjongt, de beste froulike singer-songwriter ea.
Bruno Rummler út Warns: nee, doe’t we Bruno fregen wisten we net dat hy yn It Gaasterlân wenne, net bepaald
neist de doar. Mar we binne bliid dat dizze trûbadoer ien fan ús sjongende spilers wurden is! Faak op de Omrop te
sjen en yn 2014 wûn hy Liet.
Sjoch ek ris op de website
Ferknipt.nl
mei allegear fotomateriaal. Om net al te uncool oer te kommen sitte we no
ek op Instagram (
ferknipt
) en op Facebook.
Dat we de fabrykshal fan Meinderts brûke meie is fansels te gek en seit in protte oer hoe dit bedriuw mei beide
fuotten yn it doarp Wergea stiet.
Yn it skoft en nei ôfrin fan de foarstelling kin der fansels in drankje naam wurde en kinne we it der noch even oer
hawwe. We moatte ús fanselssprekkend wol hâlde oan de rigels fan it RIVM dy’t dan fan tapassing binne. Nei de
neisit op lokaasje kin der yn Grand Café JAN! ek noch in drankje naam wurde, dit fansels ûnder itselde (RIVM)
betingst.
Woansdei 27 oktober 20.30 oere
Tongersdei 28 oktober 20.30 oere
Freed 29 oktober 20.30 oere
Sneon 30 oktober 20.30 oere
Snein 31 oktober 14.00 oere
We sjogge jim allegear graach kommen!
Der binne noch kaarten te krijen op
ferknipt.nl
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...31
Powered by FlippingBook