De Havensbank: Oktober 2021 - page 1

Wergea bloeit
Moat wol in dakje op
Drûge prom sûnder dakje
Wergea duorsum
Twa kear nei de film?
Wergea600
IIsclinic mei Rein Jonker
Troch de fingers sjen
SZDRNZLL 50 jier
Sinterklaas
Halbertsma yn Frankryk?
Nei Grou?
Oktober 2021
Ut de rige fan 'SZDRNZLL 50 jier’
De kop fan dit stik komt op dit stuit wat frjemd
oer. Want wy binne de 50 jier SZDRNZLL no al
fier foarby. Nuver fansels, dat je as bestjoer
folop yn it neitinken fan in jubileum sitte,
de prachtichste ideeën ha, en dat je alles
ynienen op ‘on hold’ sette moatte.
Alles op slot troch corona. Dus ek de soos.
Foar it bestjoer fan no in hiele frjemde
gewaarwurding. Want wy hiene al hiel
wat yn’e steigers stean. En no sitte wy al yn it 51
ste
jier. Mar hawar, útdaging
genôch oer de takomst fan ús soos, dêroer mear fierder yn dit stik.
SZDRNZLL goes Retro
Mar dochs efkes werom sjen. Wat wy op snein 8 maart 2020 net wisten wie dat
dizze dei tenearsten ús lêtste aktiviteit wêze soe. ‘SZDRNZLL GOES RETRO’. Mei
in tarieding wêr wy allegear in protte wille om hân ha. Eltsenien út it bestjoer
kin him dit feest mei alle toeters en bellen noch goed foar de geast helje. Op
sneon 7 maart mei in oantal bestjoersleden op nei de vlooienmarkt yn
Hearrefean. Nei in middei strunen kamen wy werom yn Wergea mei in karre fol
antyk spul. Hjirmei ha wy de jeugdsoos sneins omtovere ta in retro gehiel. Alles
wat eartiids by (oer)pake en (oer)beppe yn’e hús stie, stie no yn’e soos. Hjirby
moatte je tinke oan in teepot mei mûtse, koalekitten mei plu‘s, âlde meubels,
rookstuollen, buffetkasten, kleedsjes fol stof, je kinne it sa raar net betinke as
wy hiene dit kocht en meisleept. En fansels heard der ek in goeie ferklaaiparty
by. Sawol it bestjoer as it publyk yn’e klean fan ‘Peaky Blinders’ (in Britske
histoaryske dramasearje no op Netflix, mei pofbroeken, bloeskes, galgen,
jurkjes en sa). Wat wie it feest op dizze snein slagge. ‘Âlderwetsk’ gesellich! Hjir
moasten wy dus in hiele tiid op teare.
It lêste rûntsje
Snein 15 maart, it berjocht dat alle hoareka ticht moast fanôf 18:00 oere jûns.
Dus ek de soos. Krekt foar 18:00 oere (dit binne gjin tiden fansels) it lêtste
rûntsje bier en fris en dêrnei koe it spul op slot. Net wittende hoe lang dit
allegear duorje soe. It wie ek foar ús in ûnwisse tiid. It foarriedhok stie fol, gjin
omset mar wol de fêste lêsten dy eltse moanne betelle wurde moasten. Wy
hiene in moai potsje sparre om in jubileum te fieren. Mar hoe soe dat no
komme? Úteinlik hat de jeugdsoos ticht west fan 15 maart 2020 oant 4 oktober
2020. Yn oktober mochten de doarren foar twa wiken iepen, nei 11 oktober
waard de hoareka yn Nederlân wer slúten. De jeugdsoos moast wer ticht oant
juny 2021.
Adrenaline folop
Wy wiene dus drok dwaande mei de organisaasje fan it 50-jierrich jubileum.
Foar eltsenien wie dit fansels in nuvere tiid tusken hoopje en freze. Ek foar ús as
bestjoer. Want je ha mei de hiele ploech in prachtich idee oer it fieren fan it
jubileum. Je sitte fol mei adrenaline. Je ha der sin oan. Je wolle it sa goed
mooglik dwaan, en ja, je meitsje je ek soargen oer it slagjen dêrfan. Alles wat
by de ferantwurdlikheid fan in bestjoer past. En dan ynienen falt dat allegear
fuort. Gjin doel mear op dat flak. En ek nuver, der nimme bestjoersleden fan de
âlde ploech ôfskie, en der wurde wer nije minsken frege. Mar alles yn in tiid wêr
je gjin echt doel ha. Lokkich liket it no oars en kin wy mei ús bestjoer (en mei
de nije bestjoersleden) wer fierder. Wy sjogge wer út nei alles wat wy
organisearje kinne. En dêrby komt noch, wy ha der in extra útdaging by!! Wy
kinne de soos keapje.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook