De Havensbank: Febrewaris 2022 - page 11

Dit wie it.....
Mei dizze wurden is de lêste gearkomste fan de
100 jierrige Vrouwen van NU Warten/ Wergea op
15 desimber 2021 ôfsluten.
It begûn 100 jier lyn op 25 oktober 1921 as It
Bûn fan âld learlingen fan de lânbou- en
húshâldskoalle (B.V.O.L) mei 16 leden út de
omkriten fan Warten en Wergea.
Doe al waarden der elke moanne jûnen
organisearre mei benammen “nuttige”
ûnderwerpen foar de oanwêzige froulju, mar der
waarden ek al kursussen fersoarge benammen op
húshâldlik gebiet.
Alhiel frijbliuwend wienen dizze jûnen net. As je
net kamen dan moast der 10 sinten oan boete
betelle wurde. Foar de leden út it bûtengebiet
wie it soms noch in hiele tocht om op de jûnen te
kommen. Us koartlyn ferstoarne eare-lid Wip
Sytema–Dijkstra hat wolris ferteld hoe dreech as
de reis wie. Earst mei in boatsje, dan rinne as
fytse mei de learzens oan en de knappe klean en
skuon mar mei yn de tas en dan dêr mar
omklaaie.
Mar it wichtige fan it besykjen fan dizze jûnen en
ek it meidwaan oan kursussen makke de reis
goed. It wie ek in sykjen nei de ûnderlinge
ferbining fan de froulju fan it plattelân en it
makke foar harren de wrâld grutter dan it eigen
hiem.
Yn 1939 slút Fryslân oan by de lanlike
Nederlânske Bond van Plattelandsvrouwen, mar
wol ûnder eigen namme as it Bûn fan
Plattelânsfroulju en pas yn 1948 wurdt de namme
feroare yn de Nederlandse Bond van
Plattelandsvrouwen, yn de folksmûle faak de
“platte froulju” neamd en gie men steeds mear
mei yn de maatskippelike ûntwikkelingen en de
emansipaasje fan de frou.
“Voor en door leden“ waard it motto. Yn it
lânboublêd kaam ek elke moanne in artikel “Foar
de frou“ ek al wiene de leden al lang net mear
allinne froulju mei in agraryske eftergrûn.
De oandacht kaam mear en mear te lizzen op de
ûntwikkeling fan froulju en de maatskiplike
belutsenheid benammen foar it plattelânsgebiet
en yn 2012 wurdt de namme feroare yn 'Vrouwen
van Nu' ek om mei te gean yn alle maatskippelike
feroaringen.
Ek de ôfdieling fan Warten/Wergea gie hjir yn
mei.
Op de jûnen binne in soad maatskippelike,
literaire en aktuele thema’s besprutsen, mar ek
soargen de leden derfoar dat der oandacht wie
foar siken en jubilarissen e.d.
It korona motto “Voor elkaar met elkaar” paste ús
feriening as in jas.
Mar dêrneist kamen in soad interesse groepen fan
de grûn, sa as de túnklub, mar ek in lês- en
filmgroep, der kaam in fytsmiddei en koe men yn
grutter Provinsjaal ferbân ek oanslute mei
kuiergroepen en groepsreizen en bygelyks filosify
kursussen ed.
Mar lykas mear ferienings waard it ledental de
lêste jierren, benammen troch de fergrizing, al
mar lytser en wie der fanút de leden gjin animo
om de ferskate taken fan it bestjoer oer te
nimmen.
Tjippie Hoekstra hat jierrenlang de sinteraasje
dien, Rinske Santema hat foar in twadde kear
jierrenlang it foarsitterskip op har naam en op nei
it fieren fan it 100-jierrrich bestean waard it net
makilke beslút nommen om de feriening op te
heffen.
Mar….” tiden hawwe tiden “… sizze se dan en ek
al slute je in tiidrek ôf, we binne der wis fan dat it
bestean fan de BVOL/ Bond van
Plattelandsvrouwen as no de Vrouwen van NU
foar in hiel soad froulju fan grutte betsjutting
west hat.
Ut namme fan de koördinatoaren,
Paula en Sieb
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...36
Powered by FlippingBook