De Havensbank: April 2022 - page 1

Brodske hinnen
Pubquiz
Programma Wergea 600
Bûtenfitnesse
Duorsum Wergea
Lekker sjonge yn it koar
De Kriich
Húskeamer
Hast wer teatse
Biodiversiteit
April 2022
Stichting "Wurkgroep Werregea Ald - Wergea Nij
In Kanadeeske flagge oan de mêst by de Bidler
Eardere doarpsgenoat en histoarikus Edwin Meinsma hat útsocht hoe en troch wa
Wergea op 15 april 1945 befrijd waard. Wat hy ûntdutsen hat, is yn de
Havensbank fan maaie 2021 wiidweidich beskreaun yn it haadartikel.
Op 10 april 2021 hat der fia ynternet in online-gearkomste fan in oere west mei
de minsken fan it Kanadeeske rezjimint, mei Edwin Meinsma, mei boargemaster
Haarsma Buma fan Ljouwert en, mei de bern fan luitenant Harris (kommadant fan
de Kanadeeske befrijers), en dêr’t wy as wurkgroepleden ek mei nei sjen koene
Yn dy online-byienkomst is doe útsprutsen dat wy flaggen útwikselje soenen en
dat der lykas dat yn Ljouwert ek bard, op 15 april yn Kanada, yn Ljouwert mar ek
yn Wergea as betinking flagge wurde sil.
De Wergeaster flagge wappert dy dei yn Kanada by it rezjimint fan de befrijers en
harren flagge wappert by ús oan de mêst by de Bidler, alle jierren op 15 april.
Nei 77 jier is it der dochs noch fan kommen, mar better let as net.
Dit berjocht is wat oan ‘e lette kant om't it troch de Coronaperikels en alles wat
dêr oan fêstsiet, net wis wie oft de flaggen op ‘e tiid te plak wêze soene. Dat
slagge lykwols dochs mar doe koene wy ús aai net mear kwyt yn de Havensbank.
Ek hjir kinne wy sizze: Better let as net!!
Rinze Visser
Skriuwer Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...32
Powered by FlippingBook