De Havensbank: April 2022 - page 5

De wurkgroep hat
dit jier 4 kear by
elkoar west. Dat
wie wat minder faak as oare jierren mar de
Corona lockdowns soargen der foar dat wy net op
ferantwurde wize by ien komme koene en dan falt
de boel sa goed as stil. Dêr kaam noch by dat ús
foarsitter, Jan Meinderts, slim siik rekke. Lykwols
lit hy de kop net hingje en die wat er dwaan koe
binnen syn mooglikheden. Djip respekt!
De 4 gearkomsten hiene ek dit jier in tal hieltyd
weromkommende ûnderwerpen: in nij te meitsjen
boek yn 2022, it argyf fan de wurkgroep, de
gearwurking mei it Historisch Centrum
Leeuwarden (HCL).
Gjin winterjûn yn Us Doarpshûs dit jier yn ferbân
mei de Corona.
Historisch Centrum Leeuwarden.
It doarpsfoto-argyf is dêr al ûnderbrocht en yn de
kommende tiid wolle wy as wurkgroep der op ta
om mear materiaal by it HCL ûnder te bringen,
om it sa foar in breder publyk tagonklik te
meitsjen mei as foardiel dat der ek op in mear
ferantwurde manier op past wurde kin. De
petearen mei it HCL wiene geande en it like der
op dat yn 2020 al it ien en oar út ús argyf
oerdroegen wurde soe, mar de Corona kaam der
tusken en dêrtroch binne aksjes yn dit ramt
opskood. Sa gau as it wer kin sil de tried wer
oppakt wurde.
Op 10 april 2021 ha wy, nei in wiidweidich
ûndersyk fan âld Wergeaster histoarikus Edwin
Meinsma oer de Kanadeeske befrijers fan Wergea
op 15 april 1945, mei dien oan in byienkomst oer
de kompjûter mei it Rezjimint yn Kanada en de
bern fan de kommandant fan de befrijers yn
Amearika. Der is út kommen dat wy flaggen
útwikselje sille, dy’t elk jier op 15 april yn Wergea
en Ottawa wapperje sille as betinking fan dy
befrijing.
Yn gearwurking mei de wurkgroep WERGEA600
wiene der yn 2019 al wat plannen op it kleed
kommen om yn it nij te meitsjen boek fan de
wurkgroep yn 2022 ek omtinken te jaan oan it
600 jierrich bestean fan Wergea. Ek hjir hat de
Corona ús noch al wat dwers sitten mar as alles
yn bytsje meisit , kin it boek mooglik dochs op ‘e
tiid klear, medio 2022.
It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by
Wiepkje de Bruin. Sy fersjocht de foto’s digitaal
fan de nammen. In yntinsyf en tiidrôvjend stik
wurk.
Ek hat Wiepkje har ynsetten om te achterheljen
wa’t it glêzen keunstwurk boppe de doar fan it
eardere Fricokantoar (no “de Fabryk”) makke hat.
Dat wie de glêskeunstner Jentsje Popma.
It keunstwurk is no sa’n 50 jier âld en moat eins
nedich opknapt wurde.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken
helpe kinnen mei it finen fan ynformaasje of koe
harren yn elk gefal wize hoe’t se dy ynformaasje
fine kinne. Ek hawwe wy minsken dy‘t ús om
foto’s frege ha, as dat koe, holpen. Underwilens
tinke wy nei oer hoe guon stikken fan ús argyf
foar in breder publyk tagonklik makke wurde
kinne.
Finansjeel waard 2021 ôfsletten mei in batich
saldo fan € 6.690,61.
De oanwinsten fan de Wurkgroep bestiene út:
unifoarmen majorettes, epauletten fan De Kriich,
in kegelbokaal.
It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út: Jan
Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer),
Sjoerd L. Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra,
Nerus Goïnga, Germ de Boer en Wiepkje de
Bruin-Steenbeek.
Jannewaris 2022, Rinze Visser
OPROP Skoallefoto’s
By it neirinnen fan ús argyf fan de skoallefoto’s
foel it op dat der benammen fan ôf 1945 oant
1970 fan sawol de beukerskoalle, de St
Martinusskoalle en de J.H. Nieuwoldskoalle mar in
behindich tal skoallefoto’s binne. Neffens guon fan
ús soene der mear wêze moatte.
It soe bêst ris wêze kinne dat dy skoallefoto’s
noch by de “learlingen” yn de albums sitte. As dat
sa is soene wy dêr hiel graach in kopy/scan fan
meitsje wolle en dan ynpasse wolle yn ús argyf.
As jimme se fine en jimme witte de nammen der
ek noch by soe dat hielendal geweldich wêze.
Mochten der yn jimme listke dan noch nammen
misse, kinne dy der mooglik op ús tentoanstelling
yn de feestwike yn augustus troch oaren by
skreaun wurde.
As jimme ús dêr mei helpe kinne en wolle, soe
dat foar ús mar ek foar it doarp in moaie
opstekker wêze.
Tige tank alfêst!
Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
Rinze Visser, skriuwer
058.2542226
E-mail:
Jieroersjoch 2021
Stichting "Wurkgroep Werregea Ald - Wergea Nij
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...32
Powered by FlippingBook