De Havensbank: Mei 2022 - page 9

By it neirinnen fan ús argyf fan
de skoallefoto’s foel it op dat
der benammen fan ôf 1945
oant 1970 fan sawol de
beukerskoalle, de St
Martinusskoalle en de J.H.
Nieuwoldskoalle mar in
behindich tal skoallefoto’s
binne. Neffens guon fan ús soene der mear wêze
moatte.
It soe bêst ris wêze kinne dat dy skoallefoto’s
noch by de “learlingen” yn de albums sitte. As dat
sa is soene wy dêr hiel graach in kopy/scan fan
meitsje wolle en dan ynpasse wolle yn ús argyf.
As jimme se fine en jimme witte de nammen der
ek noch by soe dat hielendal geweldich wêze.
Mochten der yn jimme listke dan noch nammen
misse, kinne dy der mooglik op ús tentoanstelling
yn de feestwike yn augustus troch oaren by
skreaun wurde.
As jimme ús dêr mei helpe kinne en wolle, soe
dat foar ús mar ek foar it doarp in moaie
opstekker wêze.
Tige tank alfêst!
Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
Rinze Visser, skriuwer
058.2542226
Email:
Toanielferiening Halberstma
Wergea; hoe siet it ek alwer?
Toanielferiening Halbertsma Wergea bestiet dit
jier 150 jier, reden genôch om in spektakelstik op
de planken te setten.
Al 150 jier sette (âld) ynwenners fan Wergea
harren foar of efter de skermen yn foar it toaniel
yn Wergea. Mei al dizze frijwilligers en it
entûsjaste publyk hawwe wy dizze mylpeal
berikke kind. In steande ovaasje op
himsels wurdich.
We ha ek nijs: Wy ha ûnderwilens in nij talint foar
it bestjoer oanlûke kind en der binne wy o sa bliid
mei. Wolkom Linda! Efter de skermen is der de
ôfrûne tiid reedlik troch wurke. We binne drok
dwaande om ús prosessen up-to-date te krijen.
Wêrûnder ek de lede-administraasje. It ûntfongen
ledejild fan de ôfrûne twa jier ha we besteed oan
stikken dy’t helaas op it lêste momint ôfblaasd
wurde moasten.
It innen fan it ledenjild foar 2022 wurdt ynkoarten
organisearre, wêrby ’t wy ta wolle nei in
automatyske leanadministraasje. Hoe en wat?
Letter mear deroer.
It spektakelstik 't Frije Skiep
4, 5, 11 en 12 novimber stiet jo in machtige jûn
te wachtsjen wêrby’t jo mogelike spierpine fan it
laitsjen oprinne kinne. Wêr’t wy foarich jier dit
stik efter it doek setten ha, kinne we no regisseur
Theo Smedes mei in ploech entûsjaste spilers út
Wergea efter de kûlisen weihelje.
‘t Frije Skiep is de namme fan de camping yn de
dunen fan Kootje de Beer. Kootje hat syn kafee, 't
Skiep my de 5 poaten, yn de Jordaan ferkocht en
fan de opbringsten hat er in camping kocht. Syn
trouwe maat Lukas ferhuzet mei him mei en ek
syn fêste klanten litte him net yn ’e steek. Riek en
Arie, mar ek Greet mei har Huipie en Opoe Withof
witte de wei nei de camping te finen. Ek Lena mei
net ûntbrekke. Mar wêr is Door? Sûnder har is
neat itselde en Ko al hielendal net. Nije
campinggasten soargje foar nije leafdes mar ek
foar de nedige ûnrêst.
It ferhaal spilet yn de jierren '70. Yn it stik sille
dan ek ferskes út dy tiid te hearren wêze.
Oant safier dizze update. De kommende moannen
sille we yn de Havensbank en op ús socials mear
witte litte.
Skeelertocht op zondag 12 juni
Voor alle kinderen uit Wergea vanaf groep 3
organiseren wij een skeelertocht met spelletjes.
Kom samen met je vrienden en vriendinnen, dan
maken we er een gezellige tocht van en
meedoen mag op skeelers, rolschaatsen maar
ook lopend is de tocht goed te doen.
Verzamelplaats is bij de lagere school De
Twamêster en
Vervolgens worden jullie naar de route gebracht.
Van tevoren wel graag opgeven met je naam en
leeftijd.
Wanneer: zondag 12 juni 2022
Hoe laat: 10.30 uur bij De Twamester
(schoenen aan en skeelers of rolschaatsen mee)
Voor wie: kinderen vanaf groep 3
Opgeven: bij JankeAlie, tel: 06-14399328
Mail:
Tot ziens op zondag 12 juni,
Bestuur De Wergeaster Reed
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...32
Powered by FlippingBook