De Havensbank: Juni - Juli 2022 - page 7

Tige Tank
Foar alle bliken fan meilibjen
nei it ferstjerren fan ús Mem, Beppe
en Oerbeppe
Tjerkje de Vries – Hijlarides
It hat ús tige goeddien
Mei út namme fan de bernsbern &
oerbernsbern
Earnewâld Doutsje & Germ (yn neitins)
Wergea Bouwe & Angré
Ynstjoerd
Skoalreiske anno 1969
Mei de 5
e
en 6
e
klasse fan de legere skoalle sille wy twa nachten nei Amelân.
Wy ha der sin oan! Prachtige dagen mei elkoar, net ien giet tuskentroch nei hûs, wy passe op elkoar en ha de
measte wille. De lêste jûn is “bonte avond”.
Dan wer op nei hûs. Ek dêr ha wy sin oan want de thúskomst is ek wer prachtich.
De bus rollet al toeterjend de Buorren yn.
Hé…. Wêr binne de bern??? Der sit net ien yn ’e bus! Of dochs… Yehhhhhh, dêr komme wy al foar it ljocht. Alle
heiten, memmen, broerkes, suskes, pakes, beppes, ja sawat it hiele doarp wachtet ús op.
It korps spilet en wy rûgelje wurch mar bliid de bus út. En dan mei elkoar slingerje; der wurdt omraak slingere
wylst it korps noch in pear deuntsjes spilet. Noch in lekkere reade Frambo-iislolly en dan op nei hûs.
Alles sit my noch sa klear yn ’e holle, wat wie dat moai!!
Skoalreiske anno 2022
Mei groep 7 en 8 fan de basisskoalle sille de bern twa nachten nei Appelskea.
Se ha der sin oan! Prachtige dagen mei elkoar, spitich dat der dochs bern nei hûs ta gean. De lêste jûn
polonaise.
Dan wer op nei hûs. Guon âlders helje alle bern mei auto’s op. En omdat it reint, mar wat earder nei hûs ta. Yn
plak fan 14.45 sille se om 12.45 by skoalle oan komme.
Pake en beppe wolle der by wêze om de bern yn te heljen. Wy steane tegearre mei ien mem, broerke en in
tante op it plein…. Dêr komme de earste auto’s al oan, in kertier te betiid.
Gjin getoeter. Gjin korps. Gjin oare heiten, memmen, pakes, beppes, broerkes as suskes. Hielendal neat!
Wy stean der mei ús fjouweren te sjen hoe’t de bern wurch en wiet de auto’s út knoffelje. It is krekt as komme
se werom fan in fuotbalwedstriid. Totaal gjin sfear.
Miskien komt it gesellige, fijne ynheljen wer in kear werom want wat wie dat moai!
Abe en Jelsche
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...32
Powered by FlippingBook