De Havensbank: Augustus 2022 - page 3

Op
Freed
wrakselje der 13 koppen mei lytse eachjes rjochting Gerrit en Hieke de Boer. Dêr stie yn de skuorre
in alderferskuorrendst lekker brochje klear. Hap-slok en ek dit miel siet gau wer efter de holle kiezzen. Noch
nei-genietsjend fan de dei fan juster moasten de hannen út de bûsen, want de Grote Buurten Race wurdt net
fansels opboud. Op in lytse snjitter nei, siet it dizze kear hartstikke mei, mei it waar. En sa koene de 21
buerten om stipt 19:00 oere begjinne mei it sportyfste hichtepunt fan de Merke. It publyk, wat der net te min
wie, seach de iene moaie ‘jump’ ôfwiksele wurden mei in suterich slipperke. Enfin, de GBR wie wer in dik
sukses!
Oanslutend op dizze seiskamp wie yn de feesttinte de twadde edysje fan de Grote Buurten Kwis (GBQ). Under
fakkundige lieding fan de kwismasters ‘Ik-wisnie’ Koen Wielinga en ‘Veni Vidi Vici’ Vincent van der Veen waard
it freedtejûn-sfearke al in aardich ein op wei holpen! As kears op ’e taart makken de Britsumer manlju fan The
Bankrupt Boys it feest kompleet. Mei harren rauwe en kneiterhurde bluesklanken waard de flier der wer
âlderwetsk út dûnse!
Al mei al, de priiswinners fan de Grote Buurten Race 2022:
1
e
priis: Riisbuorren
2
e
priis: Hillebuorren
3
e
priis: Gele Eker
Op
Sneon
, de dei nei freed, kuiere der in dozyn plus ien ferwylderde de boarren út, de Kerkbuurt del, op paad
nei de B&B fan Bauke en Marijke Wijbrandi. Dêr stie in oerladen bôletafel klear foar 13 klieren dy’t in kop as in
kneppelfreed hiene. Nei de nedige smak en slurp lûden wie ek hjirre de tafel wer skjin leech. Mei dizze
duorsume enerzjy yn ’e bealch wie it heech tiid om de aktiviteiten fan de bernemiddei ta te rieden.
De jeugdsoos SZDRNZLL iepene har doarren foar de jongste pretletters fan Wergea. Yn in stampfol soaske hold
de goocheme gûchelder Timmie Salabimmie syn magyske show mei nei de tiid popcorn foar de brave harkers.
Op it merketerrein mochten de wat âldere jongsten har útlibje op de merkemoandei spultsjes en fansels it
springkessen. In bettere generale repetysje foar dizze spultsje koe de kommisje harsels net tawinskje, want de
bern wisten it der better fanôf te bringen as de âlde lju op de moandeis. Wêr soe dat eins oan lizze…? Om
15:00 oere waard alle jeugd behindich by elkoar ‘dropt’, sadat se harren noch fermeitsje koene yn de
attraksjes.
Jo wolle it miskien net leauwe, mar sa’n bernemiddei giet je net yn de kâlde klean sitten. Dus in lyts ‘sûpke’ by
Grandcafé Jan! wie dan ek wol fertsjinne. Nei dizze opfriskjende borrel stie yn de tún fan Douwe en Roelie
Zuydendorp de ‘blauwe hap’ klear. It wie nasy foar de fleet, en sa waard der foar in weeshûs yn ’t kwadraat
iten. Mei de ‘sa-téring’ yn ’t liif wie it om 19:00 oere tiid foar de wetterspultsjes fan de eks-kommisje. Wat sille
we hjir no ris oer sizze? Yn in kombinaasje fan toulûke, kuilbalen, wetter en in sûpplanke wie it saak om as
earste by de bel te kommen. Us merkepet nimme wy ôf foar dit spektakel op, oer en sa no en dan ek yn ’t
wetter. Jo moatte mar sa tinke: se ha harren bêst dyn. De grutte winnaar wie yn elts gefal it publyk!
Sa, nei al dit folksfertier steane je om in oere of 21:30 alwer yn de feesttinte. Mei in miks oan ferskate DJ’s en
de ‘headliners’ Mental Theo plus de eartiidske ‘local boy’ Pjotr waard der in ‘nij elan’ brocht oan de sneontejûn.
It wie in pear kear knipperje mei de eagen en earen, mar sûnt tiden hat it net sa drok west op sneons, ja de
tinte wie stampfol. Oer de sfear sille we gjin wurd reppe, want dy wie geweldich en by nammen gesellich. Oant
safier wat de kommisje hjir noch fan dizze jûn herinnerje kin…
Al mei al, de priiswinners fan it spektakel op, ûnder en troch it wetter:
1
e
priis: Hester Kooistra & Mechiel Rietveld
2
e
priis: Welmoed de Haan & Aaron van der Berg
3
e
priis: José de Boer & Mechiel Jorna
Snein
: Ha ha ha, wat ha we lake net? It bart net faak dat je om 09:30 oere in peloton laitsjende Wergeasters
en omkriters op it sportfjild sjogge. Presys op dizze moarn waard der fanatyk in baltsje keatst. Jo hâlde it net
foar mooglik, mar de pearkes gongen yn ’t spultsje alle perken te bûten. It keatsen libbet dochs noch wol yn ús
doarp…
Enfin, nei dat al it brakke kwelwetter derút switten wie, wie it al hast 15:00 oere. Gau op ’e fyts of mei de
skonkewein nei de feesttinte, dêr’t ús matineefreonen fan Orkest Butterfly al rûn fladderden. Oant de klok fan
22:00 oere (ergens yn dy rjochting) is der om’t libben roeit en ‘zevensprongt’. Yn de tuskentiid waard der ek
in protte mei songen en tsjin it agressive oan dûnse. Jo lêze it al, it wie wer as fanâlds matinee yn Wergea!
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...32
Powered by FlippingBook