Page 1 - havensbank2014_0607

Basic HTML Version

Juni/Juli 2014
It is wer merke!
Wergea foar de wyn
De tap is mei fakânsje.
Hingje ‘m der foar
Skoalfeest!
Twamêster is iepene
Wolle jo ek ris akteare?
Whats up? Brune beane
Sop!
De nije Twamêster
Op harren frije woansdeitemiddei giene alle grutte en lytse matroazen fan de
Twamêster nei skoalle. Dit is de dei fan it iepeningsfeest fan de nije Twamêster.
Hoewol’t se al in skoftke gebrûk meitsje fan it nije ûnderkommen is dit de offi-
sjele iepeningsdei.
Marijke Teeuw (foarsitter MR) liedt dizze middei de gasten troch it program. De
kaai en de kapitein binne se kwyt! In appke fan juf Janke biedt útkomst, se hat
help nedich en is yn de Haven. Sa ferfart de hiele groep nei de Haven wêr kapitein
juf Janke, groep 8 en de skatkist ophelle wurde. Underweis hearre we “My Bonny
is over the ocean”en mear. As de skatkist iepene wurdt sjoch ik in pear teloarstel-
de berne-snútsjes. Wol in kaai mar gjin munten of parels. Wethâlder Thea Koster
iepent de Twamêster. It is foar har yn dizze funksje de earste skoalle dy’t se
iepent. It nammeboerd fan de Twamêster wurd t ûntbleate. Prachtich makke troch
Emiel Sinnema.
Dêrnei mei de gasten de skoalle yn en is it tiid foar wurden troch arsjitekt, bou-
wer, bestjoer en lokaasjelieder. Moaie wurden fansels……, en dochs ropt it ek wer
genôch op. De Twamêster is yn in koart tiidsbestek boud en oplevere. It kin net
oars as der is tsjinslach yn sa’n proces. It boubedriuw dat faillyt gong, it feest by it
berikken fan it heechste punt dat net trochgong omdat der in gaslek wie. De
Twamêster is de lêste nije skoalle dy’t ûnder it behear fan BOBOB boud is. Koart
dêrfoar ha de skoallen yn Grou, Akkrum en Jirnsum in nij ûnderkommen krigen.
Dûbele gefoelens bin der grif ek yn it doarp oer de kar dy’t troch BOBOB makke
is om “allinne” in nije skoalle te realisearjen. Wie it hjoed net moai west as we
in brede skoalle iepene hiene? Mei in nije gimmestiekseal, Ukkepukkeplak en
wat noch mear? Der is troch ferskillende partijen genôch ynset west. No stiet
der in skoalgebou wêr ‘t de mieningen hiel ferdield oer binne. Se fariearje fan
prachtich moai oant oerlelijk.
Ik soe graach ris 10 jier fierder sjen, mar ik ha gjin glêzen bol. Wat is dan de
koers fan de Twamêster? We witte allegear dat it yn dizze tiid fan goede mobiliteit
en âlders mei in dúdlike miening net maklik is om koers te hâlden. Doe’t yn 1996
de beide Wergeaster skoallen tegearre fierder giene hat der in tiid west dat de
Twamêster foarop fear. In doarpsskoalle mei grutte jiergroepen en in protte
potinsje. Mei de tiid hat it wolris dreech west koers te hâlden. No is it net mear de
diskusje fan iepenbier, kristlik, katolyk as oarsoartich ûnderwiis. Kwaliteit is wat
de mienskip wol. “Passend Onderwijs” it toverwurd fan de polityk.
Oan de nije jas fan de Twamêster sil it net lizze. Wat in smûk kompakt gebou, mei
moaie lokalen, rêst , romte en oersicht. In nije jas wêr’t grif fan alles barre sil yn
goede en mindere tiden.
Myn hoop is dat team, âlders en Wergea mei inoar “Koersvast Vooruit” gean en
dat skoalle de Twamêster hiel lang foar Wergea behâlden bliuwt.
Oer 10 jier mar werris sjen.
Franciske