Page 9 - havensbank2014_0607

Basic HTML Version

In pûdsje bringt my wat yn’t sin
Wêr hie A.v.d.Hoek jierren lyn yn Wergea syn winkel?
Dat soe’k wol graach witte wolle.
In wike as wat lyn krige ik in papieren pûdsje. Yn
sokke pûdsjes kamen froeger de los kochte sigaren.
Earder wie’t hiel gewoan as je in pear sigaren
kochten. Op it pûdsje dat ik krige, stie:
A.v.d.Hoek
Tabak en Sigaren
Kruidenierswaren
Warga
Ik ha hjir en dêr alris neifraach dien, mar sûnder
risseltaat. It kin dus wolris in fraachteken bliuwe.
Komt der al in antwurd, dan komt dat yn’e
Havensbank te stean. It pûdsje wurdt fansels goed
bewarre.
As it arbeidersfolk fan earder op sneontemiddei
harren ferskjinne hie en de ferklaaiersklean foar de
deiske plunje ferruile hie, dan waard wol gauris in
loop nei de sigarewinkel makke.
Dêr kochten se dan twa sigaren, ien foar de
sneontejûn en ien foar de sneintejûn. As it harren
barre mocht, namen se trije, dy tredde wie dan foar
de sneintemiddei.
Dy losse sigaren kamen dan yn in pûdsje. Sokke
pûdsjes waarden net bewarre en sille wol yn’e kachel
bedarre wêze.
Hoe is it mooglik dat it pûdsje, mei de namme A. v.d.
Hoek der op, bewarre bleaun is. Hiel faak, hjir ek, stie
op’e efterkant in rebus.
Lju dy’t wat rommer yn’t bûsjild sieten, kochten wol in
doaze fan tsien. In kistje fan 50 wie ek mooglik.
Skoanheit kaam dêr sa no en dan mei fan’e
freedsmerk. It wiene gjin earste klas sigaren, mar ik
ha dêr it sigaar roken mei leard. Middeis nei skoalle ta
stuts ik ien op. In moai ein yn’e middei op wie der
noch in peuk oer. Gjin minske makke him of har drok
oer in yn’e klasse rokende master.
Ik ha net lange jierren rookt. It ein dêrfan wie, doe’t
ik hearde fan Mattheus Kamsma wat Hedzer
Castelein, in fûle roker, op syn stjerbêd tsjin Mattheus
sein hie. “Do moast ophâlde mei roken”
Hedzer wist wat er sei.
Hylke de Vries, skûtsjeskipper û.o. op it Jouster
skûtsje, neamden se yn Grou Hylke Doaze. As
Jonkman, de sigareman, Hylke frege hoefolle, dan
andere Hylke: “In doaze”.
Syn fuotbalmaten binne der mei begongen en letter
neamde in ider Hylke, Hylke Doaze.
As der oer Hylke praat wurdt, dan sjit my altyd wer it
folgjende yn’t sin. Hylke wie ris mei in tal Heren te
silen mei syn skûtsje. Ien fan de pommeranten sei:
“Schipper, wat voor vogel zwemt daar?”
Hylke seach en tocht dat is in reidhin, mar hy moast
tsjin menear Hollâns prate. “Dat is een rietkippetje”,
sei Hylke.
Menear wie tefreden, Hylke grif ek. Ik tink trouwens
dat in bulte minsken sa gau ek net op de echte
namme “Waterhoentje” kommen wiene. Hylke is wat
fremd fan’t Jouster skûtsje ôfrekke. Jikke, syn frou, in
Wergeaster fan ôfkomst, sei yn’e Friesland Post fan
july 1976: “Het begroot me vreselijk voor Hylke”
En om’t ik no dochs oan’t “rabjen”bin, ek noch in
stikje oer Hylke syn mem. Gels kaam op sekere dei
fan’t skûtsje mei in oerbleaun klykje reade biten de
wâl op. Se joech dy biten oan Herta, harren hûn.
In toerist dy’t dêr yn syn boat lei, seach it tafreeltsje
en sei tsjin Bauke Gels “Lust die hond dat wel?”
“Ja seker”, sei Gels”Herta is slij naar rode bijten”
In oare kear noch wat oer’t spul ut ‘e sigarewinkel en
no mar hoopje dat Hylke syn famylje my net by de
lurven pakt, want dan bin ik de sigaar.
Sybren v.d. Vlugt
5