De Havensbank: Desimber 2014 - page 1

Desimber 2014
Trije kear oan'e bak
Alpe d’HuZes
Prestige yn Bagdad
Op'e drimpel fan 2015
Sjoerd hat ien te plak!
De doar giet ticht!
Winter mei UDI
It siet yn’e loft
Puzzelje mei Henk
Dire adieu c’est mourir un peu
Lykas Toon Hermans eartiids sei; guon wurden as sinnen klinke yn it
Frânsk moaier as yn it Nederlânsk, sels moaier as yn it Frysk.
Yn it foarjier fan 1987 kamen Gerben Kamsma en Cor Paulusma my freegjen
as ik yngeande 1 jannewaris 1988 wol lid fan ‘e redaksje wurde woe. Tagelyk
waard my frege as ik dan ek it ponghâlderskip foar myn rekken nimme woe.
Ik hoechde hjir net lang oer nei te tinken, mar wol mei de restriksje dat
ik sa út en troch ek in stikje yn de Havensbank skriuwe mocht, om ’t Cor
Paulusma, útsein oer finansjele saken fan de Havensbank, net folle
skreau. Dit wie gjin beswier.
No 27 jier letter fyn ik it tiid wurden om myn paadsje frij te meitsjen. En ik
moat earlik sizze dat ik der gjin inkel momint spyt fan hân ha. It wie en is
noch altyd goed en gesellich oparbeidzjen binnen de redaksje, goeie ôspra-
ken lizze der mei de typiste, Jildou Hotsma, en de printer, Donkel & Donkel
fan Drachten, en dêrmei leit der eltse moanne wer in
kreas en fersoarge eksimplaar by jimme yn ‘e bus, mei de lêste tiid sels
kleurde foto ’s op de binnensiden. In primeur yn 2014!
As meidielingsblêd fan de ferskate ferienings dy ’t Wergea, Warstiens en Ea-
gum hat, ferfolt de Havensbank noch hieltyd in wichtige rol, mar om it lêsber
te hâlden en nijsgjirrich te meitsjen moat it û.o. mei redaksjonele stikken, as
gastskriuwers oanfold wurde en dat slagget yn myn eagen noch hieltyd.
De grutste feroaring yn al dy jierren wie it oerstappen op in grutter for-
maat; fan it betroude A5 nei A4. Dit hie ek te krijen mei it kosteaspekt.
Op A4 kinne jo mear tekst kwyt en dêrmei besparje jo mear papier, mar
it A5 formaat waard ek hieltyd tsjokker, sadat de nietsjes der noch mar
kwalik trochhinne koene.
Wat hawwe wy ek prachtige jünen organisearre mei it “Nationaal Dictee der
Nederlandse Taal” ü.l.f. de sjuery Paula Wobbes, Lex van Drooge en
Wiebe Sinnema. Wy krigen it diktee op in slûchslimme wize taspile, mar
moasten garandearje dat der in embargo op lei en dat der neat útlekke
mocht. Ik fyn it noch altyd spitich dat wy troch in hieltyd lytser wurdende
groep dielnimmers der mei stopje moasten.
Itselde jilde foar it dêrnei organisearre Fryske Diktee. Ek hiel nijsgjirrich en
gesellich binne ús slotjûnen. It redaksjoneel jier wurdt alle jierren ôfsluten
mei in soarte fan kwisjûn. De redaksje mei harren partners wurde dan troch
ien fan de redaksje dwaande holden en moatte somtiden de meast frjemde
wegen bewannelje en kaprioalen úthelje om efter antwurden te kommen.
Dit jier mocht ik dizze jûn organisearje.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook