De Havensbank: Desimber 2019 - page 7

Tige tank foar alle jeften fan ´t ôfrûne jier!
€ 25,00: T.Z., S.d.B.
€ 15,00: G.v.W.
€ 40,00: K.K.
De opbrengst van de NSGK, Nederlandse Stichting
voor het Gehandicapte Kind, is € 520,82.
Iedereen hartelijk dank!
Lieuwkje v.d. Heide
Bêste minsken,
Nei in prachtige kryst, mei it krystgala op krystjûn
en de SZDRNZLL Top 50 & Wallstreetnight op earste krystdei,
komme we alwer oan de ein fan it jier. Wy as soos sjogge
werom op in hiel moai jier en we wolle dan ek eltsenien betankje
dy’t hjir mei ús foar soarge hat. Mar it ein fan it jier betsjut foar
de soos noch net it ein fan it seizoen en derom hawwe wy noch in
soad moaie feestjes op it programma, nammentlik:
-
Wintermatinee
. Op snein 12 jannewaris sil de twadde edysje fan it wintermatinee plak fine. De soos
sil har doarren dizze dei om 14:00 oere al iepenje en fanôf 16:00 oere is der muzyk fan Butterfly!
-
Mooi Wark
. Sneon 18 jannewaris kommen de mannen fan Mooi Wark de Bidler op ’e kop setten. De
doarren sille iepenje om 20:00 oere, dan kin der alfêst genoaten wurde kin fan in drankje. PS: de
kaarten binne spitigernôch al útferkocht.
-
Carribean.
Yn it wykein fan 14 o/m 16 febrewaris hawwe wy wer ús jierlikse Caribbean wykein. Ek
dan sil de kachel wer op standsje tropysk stean en sil de soos fol lizze mei 7 kúb sân.
-
Sequelz.
Op sneon 29 febrewaris hawwe wy wer ús jierlikse hardstyle/hardcore festijn, Sequelz!
Derneist binne wy mei âld en nij ek wer fanôf 00:30 oere iepen en organisearre wy op 1 jannewaris, tegearre
mei de KKW, it nijjiersfeest yn ’e Bidler. Eltsenien is wolkom fanôf 16:00 oere, om elkoar de bêste winsken te
winskjen.
Fierder wolle wy eltsenien in hiel lokkich nijjier winskje en wy hoopje jimme ek yn it nije jier wer werom te
sjen yn de soos!
Groetnis,
It SZDRNZLL bestjoer
******
Truus Mud - van den Berg
winsket eltsenien in
bjusterbaarlik, sûn en lokkich
2020!
******
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...32
Powered by FlippingBook