Page 1 - havensbank2014_05

Basic HTML Version

Maaie 2014
En toen kaam Leentsje
25 juni iepening
Twamêster Keatsnijs It
earste jier fan Bagdad
Absurdistysk,
humoristysk, satirysk
Bigband op TrijeHûs
Performance
Fiif stjerren foar Iepen Poadium
De lêste twa edysjes fan it Iepen Poadium ha we mist omdat we mei
fakânje wiene, net slim, mar sa as dat foar de measte minsken jildt, je
binne leaver oeral by, net wier? De waarsberjochten foar komende snein
( ik skriuw dit op tongersdei 22 maaie) lykje goed, in hele soarch minder
foar de kommisje (yn 2004 moast der útwykt wurde nei de Bidler; beslist
net ideaal). Dyselde kommisje hat koazen foar in oare lokaasje; Frico-
Dock. Dat makket it fuort-en daliks wer nij en spannend; hoe sjocht dat
der aanst út? Op dit stuit ha ik der gjin idee fan, mar alle betrouwen yn it
organisaasjefermogen fan de belutsenen. It allerearste Iepen Poadium
(1992) fûn plak op ‘e hoeke fan de Ald Ljouwter Dyk ; sis mar tsjinoer de
pleats fan Hotsma. De buertbewenners wiene op de hichte steld, giene ak-
koard mei de plannen en wy gongen der fanút dat dêr gjin problemen
wêze soene… mar doe waard it poadium opboud. Dat stie foar it hûs dêr’t
no Henk van der Veen wennet en de doetiidse bewenners gongen echt
troch it lint doe’t se yn de gaten krigen dat der in hege, swarte achterwand
op it poadium pleatst waard. Rimmy en ik ha prate moatten as ” brugvrou-
wen” om dizze krisis te bedimjen en it twadde Iepen Poadium binne we
fuort mar begûn om mei hun op de lije side te kommen. Krisis ( mar dan
fan in oar kaliber) wie it trouwens de dagen dêrnei ek by Jelle en Janny,
omdat heal Wergea by hun nei de wc gong; de boel wie folslein ferstoppe
dêr. Dat bin dan fuort punten foar it draaiboek; wc-weinen; tinte foar de
katering ensfh.
As je de lêste wiken troch it doarp rinne of fytse dan merke je dat der sa-
wol yn it Doarpshûs as yn de boppeseal fan Jaap omraak oefene wurdt. It
moat altyd yn in koart skoftke tiid delsetten wurde, mar ek dêr ha ik alle
betrouwen yn. Justerjûn krige ik de spyllist ûnder eagen; fan guon
minsken witte je dat se goed sjonge kinne. Mar der binne ek wer nije talin-
ten te sjen en te hearren en foaral ferrassende kombinaasjes. Ik wit net
safolle fan muzyk en al helendal net fan titels -bin better yn boeken-, moat
faaks it nûmer earst hearre, dan tink ik fan oh ja…, gean dêr ek net echt
op letten, mar sil sneintejûn noch in ferslachje meitsje fan de dei. Want
hoe dan ek, of je no wol of net fan de muzyk binne, it Iepen Poadium is
altyd in belevenis!
Sneintejûn 25 maaie; we sitte thús noch tiden nei te praten en kinne net
oars as konkludearje dat dit in prachtige muzykmiddei wie. Wie ik resen-
sent fan de Volkskrant, dan hie ik 5 stjerren jûn! De hele middei hearre
je : “Wat rint der altyd wer in talint om yn Wergea”. Dat is gewoan sa, ek
hjoed seagen we in nije generaasje sjongers en muzikanten op it poadium.
It foargeande Iepen Poadium boarten se by wize fan sprekken noch ûnder
it poadium en wiene se bliid mei in glês ranja en in pûdsje sjips en no
stean se dan as follearde artysten de stjerren fan de himel te sjongen/
spyljen. Dit is toch prachtich. As je net presys wisten wa’t dy bern no alle-
gearre wiene, dan waard dat trouwens wol dúdlik troch de filmjende en
foto’s meitsjende grutske heiten en memmen.