Page 2 - havensbank2014_05

Basic HTML Version

Fan ‘e Redaksje…….
In verband met het uitkomen van de zomer-
editie van de Havensbank ( juni-juli ) maken
wij u erop attent dat de kopij uiterlijk op
woensdag 9 juli ingeleverd moet worden.
De verschijningsdatum is zaterdag 19 juli.
Het augustusnummer wordt niet op zaterdag
30 augustus verspreid, maar iets eerder,
namenlijk op woensdag 27 augustus, zodat het
schoolfeestprogramma nog uitgebreid gelezen
kan worden. De inleverdatum voor de kopij
blijft hetzelfde.
De redaktie
Mear as 35 lieten kamen foarbij en der wie foar elk wat wils; in goed , farieard en heechweardich gearstald
programma mei bekende en ûnbekende talinten.
Ik leaude betiden myn eagen en earen net, dan kin je
minsken al jierrenlang, sûnder te witten dat se sa geweldich sjonge of spylje kinne.
Dat is ek it moaie fan it Iepen Poadium; elkenien kin him opjaan en miskien skytskoarje dêr al jierren tsjin
oan, mar is dan no echt de tiid kommen om mei te dwaan. Ik fyn it sowieso dapper en stoer. Jûns nei ôfrin
wiene der ferskate minsken dy’t seine dat se in oare kear ek meidogge; bin benijd!
Komplimenten, applaus en bier nei ôfrin foar alle artysten op it poadium, de presentatrises, de mannen fan
ljocht en lûd. Mear as ferstjinne.
Lit my no noch even in djippe, djippe bûging meitsje foar de hurde wrotters op de achtergrûn, dy’t al
moannen dwaande binne mei it op poaten setten fan dizze middei.
Hoe perfekter de middei, hoe strakker de organisaasje. Je merke eins net iens dat der in organisaasje achter
sit en leau my in grutter kompliment is net te jaan.
De draaiboeken dy’t der lizze binne fan binnen en bûten neisjoen en aktualisearre.
Dit is echt de earste kear dat ik yn Wergea in polsbandsje omkrige ( yn de jeudsoos warskynlik in bekend
fenomeen), mar wy middelbaren hiene fuort stof ta praten, want de muzikanten hiene reade- mar Menno
neist ús sjogge we net op it poadium en dy hat ek n reade-, Sietse de Groot in blauwe, wy giele. Hoesa?
Moarn sil alles wer oprêdden wurde en kinne de kommisjes ( Iepenloft, Kulturele,Big Band en Jeugdsoos) by
de evaluaasje werom sjen op in middei om yn te listen.
Grieteke van der Vlugt
(Twa kear binne wy dus net by it Iepen Poadium west; sneon te jûn pakke wy de dvd Iepen Poadium 2004, dy
kears yn de Bidler, om alfêst even yn de sfear te kommen. Leuk hear om dy jonge kopkes en lietsjes wer te
sjen en te hearren.
Dan: Henk Wielinga sjongt ‘Avond’ fan Boudewijn de Groot.
Hèh???? Ferheard sjogge we inoar oan mar snappe no wêrom it ús sa bekend foarkaam; net omdat we dy bân
al in kear sjoen hawwe, nee…wy wiene der dus wol.)
2