De Havensbank: December 2015 - page 1

Desimber 2015
2015
En sa binne we alwer troch in jier hinne en wat foar in jier. In grut part yn ‘e wrâld
hat te krijen mei terreurdriging, oarloch en flechtelingen. En noch nea hat dat sûnt
de twadde wrâldkriich sa tichtby west as ôfrûne jier. Flechtelingen ha we fansels al
folle langer opfongen, mar sa manmachtich, troch de kriich yn Syrië en lannen yn
dy regio, hat it noch nea west. AZC’s ha fansels altyd al in diskusjepunt west mar
it ferskil tusken foar-en tsjinstanners hat neffens my noch nea sa grut west. Wat je
op tillevyzje sjogge binne meastentiids de foarstanners, dy’t eltsenien helpe wolle
of de tsjinstanners dy’t sa as it somtiden liket net ien helpe wolle. Beide kampen
ha fansels punten dy’t hout snije, mar moat der net in soarte fan middenwei fûn
wurde? Alteast, dat is myn miening... mei as argumint dat minsken dy’t echt help
nedich ha, dy kinne we net yn ‘e kjeld stean litte. Misskien is it maklik sein en hoe
as it dan presys moat, dat wit ik net krekt. Mar om myn argumint krêft by te set-
ten, woe ik mar sizze: ‘Daar moet een piemel in’! Jo kin fan tinken no wol ha: ‘wêr
is dat no goed foar, mollefanger’? ja dat soe ik ek sa ien, twa, trije net witte, mar
it skynt te helpen yn in diskusje yn gemeenten wêr’t de foar-en tsjinstanners har-
ren mieningen diele mei gemeentebestjoer en COA.
Om’t we fansels al wat ‘trendgevoelig’ binne, soe it fansels kinne dat op sa’n wize
ús argumintaasjes krêft by sette oan de oarder fan de dei wurdt. Dat is miskien ek
wol maklik as we de júste wurden net fine kinne. Stel jo ris foar: jo sitte op in le-
degearkomste fan in feriening wêr ‘t jo lid fan binne en it bestjoer is fan miening
dat it ledejild mei 40% omheech moat om’t de post ‘fergaderkosten’ nochal de he-
ge kant it neist is. En it bestjoer moat der fansels net oan tinke om de
(alkohoalyske) konsumpsjes, tsiis en woarst en oarsoartige bittergarnitueren foar
eigen rekken te nimmen. As lid meie jo dêr fansels wat fan fine, mar jo kinne net
in stekhâldend argumint fine, útsein dat it op de bestjoersgearkomsten net sa
útwrydsk hoecht. Dan kinne jo altyd noch sizze: ‘dêr moat in pimel yn’! Mar hawar,
ik hie it oer flechtelingen. Dat folk komt hjir fansels net samar. Elts sil har redenen
ha en de iene wat bettere redenen as de oare. Wis is dat der in stikmannich op de
flecht binne foar IS, mar ek oanhingers mei itselde gedachteguod fan dyselde IS
komme al in moai ein dizze kant op en dat hja it serieus miene ha se wol sjen lit-
ten yn bygelyks Parys en oant no ta op lytsere skaal op oare plakken. Litte we
hoopje dat it geweld stopje mei en dan ek op alle oare plakken op ‘e wrâld dy ‘t te
krijen ha mei oarloch, terrorisme en oarsoartige ûnminsklikheden!
Mar lit ik my beheine ta it lêzersgebiet fan ‘De Havensbank”. Op it stuit dat ik hjir
sit te skriuwen giet der in stik histoarje ûnder de slopershammer, te witten de
‘bejaardehûskes’ oan de Tsjerkebuorren. Ek wol bekend as: Jurjenspôle, Bejaar-
desteech en foar de minsken dy ‘t no de leeftyd ha dat ja der sels wol wenje
mochten, neffens de earste opset, ek bekend as: it lân fan Gabe Gryt! Net
tsjinsteande dat dyselde hûskes ek poer geskikt wiene as starterswenning foar
jongfolk dy’t allinnich as tegearre ûnder de wjukken fan harren âlders weigiene,
ha ik it altyd spitich fûn dat it syn oarspronklike funksje ferlern hie. Yn de jierren
’70 en ‘80 fan de foarige ieu, doe’t we dêr as opslûpend jongfolk nochal ris om-
sloegen en dan fral yn de neisimmer en hjerst, as de parrebeamen fan de famylje
Stoop wer grôtfol hongen en wy fia de Jurjenspôle ússels tagong ferskaften yn
harren tún, om dêrnei yn tsien hasten en somtiden dwerstroch dy âld stjonkfeart
wer út te naaien, al as net mei bút, om ‘t Dhr. Stoop syn fanatike hiemdogge
(Prins) achter ús oan stjoerde, fûn ik it dêr altyd mar noflik. Noflik.....? Ja dat fûn
ik. Kreaze túntsjes en hûskes en moaie âlde minskjes sa as: Hartstra en de frou,
Ulbe Stienstra, Beppe Aal en Jurjen (jawol.... dêrom de Jurjenspôle) Mulder. Fan-
sels ha der mear minsken wenne, mar dit binne de minsken dy’t my it earst yn ‘t
sin komme.
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...36
Powered by FlippingBook