De Havensbank: April 2017 - page 5

Popkoor Wergea pakt út!
Op 7 oktober 2017 sil der in opmerklik barren wêze
yn de Bidler, om’t wy 5 jier besteane. Njonken in
optreden fan ús popkoar komt der in grut ferskaat fan
Wergeaster- en inkele net-Wergeaster talinten foarby
en dit alles wurdt ûnderstipe troch in wiere popband.
Nei ôfrin is der in lange “after-party” en kinne “de
voetjes van de vloer”. Yn folgjende Havensbanken
lêze jimme wa’t der allegearre meidogge oan dizze
unike gearwurking fan popkoar, band en fokalisten.
Skriuw dizze datum alfêst yn jim aginda!
Oant in oare kear,
De jubileumkommisje
In hiele goeie dei,
Op 1 april hawwe wy
in slagge thema-
feest fierd, nammentlik
St. Patricksday.
De soos iepene syn
doarren al om 3
oere foar dit Ierske
folksfeest. Om 17:30 oere waard de twadde edysje
fan de SZDRNZLL pubquiz hâlden mei as winners Bas
Stienstra, Rick Heida en Auke Stuiver. Lokwinske
mannen! De rest fan de jûn waard opfold troch de
band Alice Springs. It wie in slagge feest!
Derneist hiene wy op snein 9 april de Italiaanse
Damien McFly en syn band yn de soos. Yn harren tour
om de wrâld wie Wergea fansels net te missen! It wie
beregesellich!
What’s next?
Donateursjûn! Op 27 maaie ha wy ús jierlikse jûn foar
alle donateurs. Foar harren is der op dizze jûn
fanselssprekkend gjin yntree. It bestjoer sil de
kommende tiid wer fanatyk har bêst dwaan om by alle
donateurs yn it moaie Wergea lâns te gean.
Binne wy mei it donateursrinnen net by jo lâns kaam,
mar jo wolle dochs graach donateur wurde/bliuwe? Jo
kinne altyd doneare op de jûn sels. Of in mailtsje
stjoere nei
.
Ek wol leuk om te witten, elk themafeest wurde der
foto’s makke.
Sjoch dêrfoar op
.
Oant sjen!
It SZDRNZLL bestjoer
Jubileumfeest 10 september 2017
Dit jaar bestaat Us Doarpshûs om en nabij de 70 jaar.
En dat laten we natuurlijk niet ongemerkt
voorbijgaan!
Reserveer daarom alvast 10 september in je agenda:
een dag vol feest en muziek in en rond het Dorpshuis!
Op freed 7 april wie de STAF
slútjûn 2017 yn De Lawei yn
Drachten en dêr wiene prizen te
winnen.
Halbertsma wie mei “Ik haw in
Dream” nominearre yn de
kategory: bêste foarmjouwing,
bêste technyk, bêste muzyk en Fardau de Jong wie
nominearre foar grutste jonge talint. Wy koene spitich
genôch mar yn twa kategoryen in priis winne. Dizze
regel is der fansels sadat net ien feriening der mei alle
prizen fantusken giet. De bêste foarmjouwing en it
grutste jonge talint (ús Fardau) binne de prizen dy’t
Halbertsma dit jier wûn hat en hjir binne wy fansels
grutsk op!
Oan ‘e ein fan dit jier wolle wy graach wer trije
ienakters op de planken bringe.
Ast hjir graach oan meidwaan wolst, dan kinst dysels
opjaan troch in mail te stjoeren nei:
.
De jiergearkomste fan Halbertsma sil dit jier wêze op
moandei 22 maaie om 20.00 oere yn Us Doarpshûs.
Us foarsitter, Remco Bosma is ôftredend en net op ‘e
nij te kiezen. Wy stelle foar Hessel Boermans yn dizze
funksje te beneamen en Reiny Wobbes as nij
bestjoerslid oan te nimmen. Tsjinkandidaten kinne
harren melde by de foarsitter oant in kertier foar
oanfang fan de gearkomste.
It Halbertsma bestjoer
Correctie
In het artikel van Cor Duursma ‘Een onverwachte
ontmoeting’ in de Havensbank van maart 2017 staat
per abuis een verkeerde link.
De link
had moeten zijn
.
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...28
Powered by FlippingBook