De Havensbank: April 2017 - page 9

Natoernijs
Wat is it moai waar oant no ta, faak sitte wy jûns
efkes yn’e tún om goed 5 oere en dan sjogge wy de
fûgels om ús hinne en jimme wolle it net witte wat jim
dan sa sjogge.
Trije houtdowen sieten yn’e beam te” laukjen” fereale,
de snaveltsjes wat oerelkoar en wat hinne en wer,
mar jim hawwe it al yn ’e gaten der wie ien tefolle,
dus der waard regaad holden mar de ien woe net foar
de oare ûnder dwaan. Dit gong sa in hiele tiid troch
en sy binne mei harren trijen ôfsetten. Sa sjogge jim
mar, tichtby hûs falt hiel wat te belibjen. Sa wie de
swarte klyster ek op jacht, de graupiper ‘heggemus’
woe yn’e hage in nêst boue mar hie gjin kâns want
der kaam de swarte klyster oan en hat krekt salang
efter de graupiper oan sitten dat hy belies jaan
moast, sels de turkse toartel,’do’ kriget gjin kans om
yn ’e buert fan de hage te sitten of hy jaget him fuort.
De swarte klyster sels hat in nêst yn’e hage en ek ien
boppe op de lampe by de foardoar. De nêstkastkes
binne noch net beset mar it is ek betiid.
Wy tochten ek dat it spantsje einen dat by ús yn’e
fiver sit, de koer, dy’t by ús yn’e beam sit, wol brûke
soe foar syn aaien mar doe seach ik dat der in grauwe
boarre út de koer kaam, no dan is it wol dien, gjin
aaien dit jier.
Wy telden 14 soarten fûgels by ús yn’e tún en dan te
betinken dat der noch in hiel protte komme moatte.
De mosk en protter binne der net by. No haw ik it
noch allinnich noch mar oer de fûgels hân, wat te
tinken fan de flinders. De judaspeinje bloeit ek en die
ha ik yn’e tún foar de flinders en wol foar it oranje-
tipke.De pinksterblom en de judaspeinje binne plante
foar de aaikes fan het oranjetipke. Hy leit mar ien
aaike op de pinksterblom, dat docht hy om mear kâns
te hawwen foar syn neiteam, ien aaike is lang net sa
goed te sjen dan in hiel klieder aaien. Ik wit net
hoefolle aaien op de judaspeinje komme. It
sitroentsje wie de earste dy’t ik seach, de lytse foks
en de dagpauweach binne ek al oanwêzich, dizze
flinders bliuwe hjir en sitte yn’e hokken wat ferskûle.
De oaren moatte noch werom komme.
Ha jim al sjoen dat der pinksterblommen yn ’e
lytsemar bloeie en de ljippen der aardich oanwêzich
binne as jim sa nei Warten fytse en alderhande
beammen yn bloei stean. De tulpebeam rint der wat
út, mar dy is ek mar hiel efkes moai. De krikelbeam
“sleedoorn” bloeit moai mei dy wite blomkes, te sjen
by it fiadukt by de dûbeleboer. Op nei Swichum stean
se ek, der komme tige soere beien oan, net te iten.
De hagedoarn “meidoorn” komt noch mei syn wite en
reade blommen. De bûtergieltsjes bloeie oeral en sa
ek lyts hoefblêd en grut hoefblêd yn’e bermen mei,
hjir en dêr de titelroazen, op de fyts goed om jim
hinne sjen want it is der mar efkes.
Laban
Ofrûne sneon bin ik mei de flústerboat trije oeren lang
mei in ekskurzje fuort west en moast wat oer de
Labankrite en it Wyldlân fertelle. Ik hie my der
aardich op tared. Op in sneintemoarn bin ik nei
Martens Wip Sytema op de kofje west en dy koe my
in hiele protte fertelle. Ik wol jim wat oer Laban
fertelle omdat dit net mear bestiet, it is no in ruïne en
troch myn ekskurzje tocht ik: soenen de Wergeasters
noch wol wat fan Laban witte?
Trochdat ik in boek yn ‘e hûs ha fan ús famylje, seach
ik dat myn oerpake buorke hat op Laban. Letter is
pake yn 1906 ferhuze nei Tsjallinga State dat is de
pleats wer Pieter en letter Jelle de Visser buorke ha.
Yn de tiid dat myn pake op Laban buorke kaam dy ek
wol by Sytze Maaike op de kofje, in heremieten span,
“kluizenaars” dy’t in klinte bewennen wêr’t no ”Onder
het Strodak” stiet, oan de Holstmar. Oer dizze
minsken sil ik jimme letter wol wat fertelle.
Nei pake Jelle kaam de famylje Jonker op it spultsje.
Sytze en Jikke Jonker mei fiif bern, twa fammen en
trije jonges. It wenne dêr iensum en je moasten oer it
wetter om der te kommen.
De Jonkers buorken dêr op Laban, it âldste famke
Marijke holp ús mem wol gauris, de bern binne altyd
yn Warten nei skoalle gongen. Yn’e winter stie it
wetter oan de doar ta en as it dan winter waard
gongen wy op redens wol nei de Jonkers ta.
Sjirk en Doet de Groot wennen doe op ”LUCTOR ET
EMERGO” en ik wie befreone mei Aaltsje de Groot en
Gjalt de Groot, de skriuwer.
Mar yn 1961 sloech it needlot ta:
4 oktober 1961 binne Sytze en syn soan troffen troch
de bliksem dy ‘t op de seine sloech dy ’t Sytze op de
rêch sjouwde. De beide jonges Wytze en Tjeerd
soenen noch wat hea ophelje dat op de “Wyldlannen”
stie. De heit kaam wat letter om de seine op te heljen
en de jonges te helpen. Om 12 oere waard de loft
striemin en moasten se sjen thús te kommen, mar it
wie al te let. It himelgeweld sloech ta en alle trije
minsken sloegen tsjin de grûn. Tjeerd waard nei ferrin
fan tiid wekker en seach dat syn broer en heit noch
neist him leinen en ferstoarn wiene.
Tjeerd is mei de skou oergongen nei de famylje J.
Hornstra op Cuba om te sizzen wat der bart wie yn it
lân. Sy ha minsken byelkoar sammele en de dokter
warskôge. Nei wat socht te hawwen fûnen sy de beide
mannen en mei in ljedder binne heit en soan nei hûs
ta brocht. De omjouwing wie alhiel ferslein. Tjeerd
koe hast net mear rinne dat se tochten dat hy der ek
wat fan oerhâlde soe. Mar nei in goede nacht wie hy
der de oare moarns wer.
Sytze Jonker wie 59 jier en Wietse wie 20. Sy binne
op 6 oktober 1961 te hôf brocht yn Grou.
De buorlju hawwe doe de buorkerij dien, der wienen
17 kij en wat lyts guod. Nei ferrin fan tiid is Jikke
Jonker nei Warten ferhuze mei de bern. Sy hiene in
hiele djoere fersekering ôfslúten by in slimme
ferkeaper.
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...28
Powered by FlippingBook