De Havensbank: Mei 2017 - page 11

”De Kraanlannen” april 2017
De Kraanlannen binne ûntstien yn 1994, dêrfoar
buorken der noch twa boeren. It gebiet wie 100
hektare grut, no is it grutter, it achterste stik moat
troch gean foar greidefûgel gebiet.
Der sitte noch mar in pear greidefûgels, der groeie
rusken en dan binne de fûgels fuort. We hawwe ek
mar ien pôle dotters (djerreblom) sjoen, mar wat sie
der hinne bringe dan komme se wol.
It waar wie better dan we tochten, gjin wyn en net
tige kâld, dus de stap der mar yn. We binne earst nei
de hut gongen, dizze is ferhuze fan efteren nei de
poel dy’t je as earste sjogge as je it gebied yn
komme. Underweis hearden we de snor al sjongen,
fjirder net sa folle sjongerij, it wie wat rêstich.
Op ’e poel seagen we: piiptsjillings (wintertaling),
pylksturt (pijlstaart) de gewoane einen binne dêr yn
de hiele Kraanlannen hast net sjoen, wol lege doppen;
beammarter? De mannen tinke dat der einekuorren
stean moatte, midden yn it wetter, sa dat der gjin
predatie by kin. By it Gea mar efkes in baltsje
opgoaie.
Der wiene flotsjes makke foar de blaustirns (zwarte
stern) mar we seagen noch gjin blaustirns.
Oan ’e kant fan de poel, fertelde master De Glee ús,
dat dêr efkes letter yn ’e tiid it bearzeblêd
(watergentiaan) bloeit. Boppe de reiden fleach in
brune hoanskrobber (bruine kiekedief). De reade flear
(trosvlier) hie ek al bloesem, yn ’e simmer wurdt dy
read en is tige giftich. As de fûgels neat mear te
fretten hawwe dan pas komme se oan de flearbeien.
Der binne trije soarten flear: gewoane, peterseelje en
trosflear.
We rûnen by in moaie poel lâns mei in stripe der
neist, oerbliuwsel fan de ferfeaning. Op dy stripe
bloeie simmers skieppeklokjes (klokjegentiaan) en der
is ek in stikje blaugers. Op de beamstronken sieten
prachtige mossen, efkes fjirder wie in trochgong fan
in otter, de print lei moai op ‘t paad.
Mei in stok waard der troch Kees wakker yn om
reage, om te sjen wat der yn siet. No fan alles waard
der yn fûn. It lêste stik fan ús kuier gong troch it sa
neamde greide gebiet. Der sieten in pear span ljippen,
in skries en wat guozzen mar it hold net oer. Wol
bloeiden der blommen yn de stikken lân, dat komt
omdat der gjin keunstmest oer komt en it lân
ferskralet. De hynsteblom, bûterblom,pinksterblom
bloeiden prachtich mar ek de rusken folop.
Yn de simmer kin je der moaie blommen fine sa as de
klokjesgentiaan (skieppeklokje), gele plomp (giele
plomp), moerasandijvie (wylde andyvje), heidekartel
(reade heiderinkelbel) sjoch de foto,
ratelaar (grutte rinkelbel), duizend knoop
(readskonkbearzerûch), pluimzegge (plûmsigge) en
sa binne der noch wol wat soarten.
Gean der hinne, it is in reis wurdich. Ut Warten mei
de pont nei Earnewâld, op nei de pont fan de
Feanhoop, dan earst efkes in lekker bakje kofje mei
gebak bûten by it Polder Hûs en dan de Kraanlannen
yn. As je op nei Akkrum geane krije jo oan jo linker
hân in klaphekje dêr gean je it gebiet yn.De bern
kinne bêst mei dan leare sy ek noch wat oer de
natoer.
Oan ’e kant rjochts fan it stekje sjogge je in roaster,
wol 65 m lang oan beide kanten, dat is foar de otters.
Dizze bisten gongen oer de dyk en no mei in dûker
ûnder de dyk troch en no kinne se sa nei de oare kant
komme.
Hjirûnder sjogge jim de iisfûgeltsjes.
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...28
Powered by FlippingBook