De Havensbank: Mei 2017 - page 7

Jongereintoaniel
Nei it spektakel fan “Ik ha in dream”, de Abba ferskes binne no alwer in moai skoft út myn systeem, wie it wer
tiid foar it jongerein toaniel. No gjin PR masine, live muzyk, tsientallen meiwurkers en hi-tech. Mar gewoan
jongerein dy’t toanielspilet. Is it dan ek minder dan it “gewoane” toaniel? Tsja, it is gjin griene sjippe. Mar as jo
de Bidler yn komme is it as by it grutte Halbertsma; der sitte twa oan in taffeltsje mei de fraach: ‘binne jo lid as
gjin lid’. Der is in noflik wolkom mei in boekje en in bakje koffie en dan geane wy sitten. Alles it selfde, mar
dochs... it fielt as it ferskil tusken Ajax-Cambuur en Jong Ajax-Cambuur. De earste sit fol en de oare net! De seal
is dan ek net fol en dat fielt wat nuver, mar al is it in oar nivo, it wie prachtich. De minsken dy’t der wiene ha wat
moais sjoen en de rest hat wat mist.
It ferplichte saaklike praatsje yn it foar, dat fan: net smoke, gjin tillefoans en 50 ways to leave the Bidler haha, it
wie fantastysk. In moaie start fan de jûn. Dêr kin it grutte Halbertsma noch wat fan leare!
En dan it toaniel.
Myn kennis fan goed of net goed toaniel is net bysûnder, dus dêr gjin oardiel oer. Yn it boekje stiet: “De ienakters
binne regissearre en foar in part sels skreaun troch in oantal entûsjaste regisseurs”. Dat allinne liket my al in hiele
toer.
Der wiene dizze jûn 3 stikken. Ik ha my trije kear fermakke en net allinne om wat goed gong, mar ek wol om wat
hast mis gong en dochs wer oplost wurde. Der wie moaie humor mei perfekte timing yn alle trije stikken. Der
wiene ek in pear pracht rollen: hoe dúdlik kinst dyn eigen namme sizze, stammerje 2.0, in yn need ferkearjende
psychiater en in tillefoan net nei de knoppen.
Folgjend jier gean ik der wer hinne. En dan fertsjinje ek dizze entûsjaste minsken in folle bak!
Egon
Wergea docht mei oan kulturele haadstêd 2018
Ien fan de projekten fan Leeuwarden-Fryslân 2018 is it projekt ‘Under de Toer’ wêryn’t 32 manifestaasjes hâlden
wurde yn ien fan de mear as 750 tsjerken yn ús provinsje. ‘Under de toer’ presintearret 32 bysûndere ferhalen,
dy’t it fertrekpunt foarmje foar manifestaasjes wêryn’t keunstners gearwurkje mei de mienskip. Fansels heart
Wergea dêr ek by!
In lyts groepke entûsjaste minsken hat in plan by ‘Under de Toer’ yntsjinne. En mei resultaat! Fan de 86
oanmeldingen binne der 32 útkeazen wêrûnder dy fan Wergea!
It idee is om in muzikaal en teatraal ferhaal te fertellen wêryn’t in grutte rol weilein is foar ús jeugdsoos
SZDRNZLL,
‘TUSKEN TWA TUORREN’
,
11 novimber 2018’.
Yn de geast fan Sint Maarten dielt de Sint Martinustsjerke har ierdsk besit
mei de jeugdsoos, kweekfiver foar organisatoarysk en kultureel talint yn
Wergea.
Mar hoe lang noch no’t de tsjerke fusearje sil? Kin je diele as je sels neat
mear hawwe?
De eardere Herfoarme tsjerke ‘de Bidler’ is it brûzjende kulturele hert fan
Wergea, dêr't bern skitterje yn in musical, dêr’t roud wurdt yn in
betinkingstsjinst, dêr't muzyk en toaniel makke wurdt, dêr’t kreativiteit de
romte krijt: dêr it libben dielt wurdt.
Mar hoe en wat as de kweekfiver ferdwynt?
Lokaal talint fertelt in muzikaal en teatraal ferhaal yn de Sint
Martinustsjerke, reizget mei dy mei nei de Bidler en daget dy dêr út yn in
ynteraktyf spul om sinjouwing en kultureel erfgoed hinne.
M.m.f. Jeugdsoos SZDRNZLL, Popkoor Wergea, Toanielferiening
Halbertsma, Bigband Two Towers Collective, Boppeseal movies, Fanfare
orkest ‘De Kriich’, Katolyk mingd koar St. Cecilia Wergea. Konsept en
artistike lieding: Theo Smedes, Froukje van Houten en Karlijn Benthem,
m.m.f. Evert Bossema, Tom Kamsma en Ypie Kerkstra
Hâld de takomstige Havensbanken yn de gaten foar mear ynformaasje!
Froukje van Houten en Theo Smedes
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...28
Powered by FlippingBook