De Havensbank: Juny/July 2017 - page 7

5 Jier Popkoor Wergea
Wy hâlde oan as storein!!
Der binne wy wer. Sa ’t jimme no sa stadichoan al witte sil it op 7 oktober 2017 heve. 5 Jier Popkoor Wergea, it
wurdt in unyk barren yn De Bidler. Wy soene graach alle muzikanten, fokalisten en blazers, dy ’t tasein hawwe
om mei te dwaan by namme neame wolle, mar der binne safolle oaren dy ’t harren no noch oanmelde dat
sadwaande dogge wy dat op dit stuit noch net.
Ek sil LEAFS út Warkum wer “acte de presence” jaan. Sy hawwe 13 novimber 2016, tidens ús 4
e
koarenfestival
ek west. It is in akoestyske frouljusgroep dy ’t folk, soul en country sjonge.
En dan de “after party”. Muzyk, benammen út de jierren 60 en 70 sil der foar soargje dat de dûnsflier fol rekket.
De foarferkeap foar dizze jûn is op 12 septimber (skriuw yn jimme aginda) tusken 19.00 en 19.30 oere yn Us
Doarpshûs. Kaarten kostje € 7,50 it stik.
Oant de folgjende Havensbank en dan komme, wier, alle nammen fan de minsken dy ’t meidogge op 7 oktober.
De jubileumkommisje
Merkekommisje Wergea 1927 – 2017
Yn it jier 1927 is de kommisje foarme, dy’t no noch altyd yn ‘e
moade is en we no al jierren kenne as ‘Merkekommisje’. Nei alle
gedachten ha jo it al efkes útrekkene en binne jo ta de konklúzje
kommen dat dizze kommisje dit jier 90 jier bestiet en dat mei
fansels net ûngemurken foarby gean. Fandêr dat der in ’90 jier
Wergeastermerkekommisje’ kommisje yn it libben roppen is,
besteande út kommisjeleden fan eartiids en 1 hjoeddeistich
Merkekommisjelid. Dizze kommisje hat al in kear as wat gear
west en ha al in moai programma op priemmen foar in
feestwykein. Dit sil wêze yn it wykein fan 16 en 17 septimber
oansteande. Sneon 16 septimber sil yn ’t ramt stean fan de reüny
fan kommisjeleden en snein 17 septimber foar it hiele doarp.
Foar de reüny kinne de âld Merkekommisjeleden ynkoarten in
persoanlike útnûging op ‘e kokosmatte fine. De list mei nammen
en adressen is fierhinne ‘up to date’, mar yn 90 jier kin der wol
ris in namme fuort reitsje, dus ha jo yn de kommisje sitten en jo
ha yn de earste wiken fan augustus gjin útnûging ûntfongen, dan
kinne jo kontakt opnimme mei Mathijs Mud 06-23807486 as
. Mar ek as jo de ôfrûne 15 ferhuze binne
(jildt foaral foar de âld leden om utens), dan kin it gjin kwea om
dit ek troch te jaan.
De sneins binne we fan doel om in soarte fan merkedei te
organisearjen yn en rûn de Bidler. Hoe dat der útsjen sil kinne jo
yn de rin fan de tiid gewaar wurde, mar it liket ús nijsgjirrich
genôch om alfêst dizze data yn de aginda frij te hâlden foar dit
bjusterbaarlik barren!
Ik winskje jo earst in noflike Merke ta en yn de Havensbank fan
ein augustus, op posters en multimedia mear nijs oer “90 jier
Wergeaster Merkekommisje”
Mathijs
Van 20 t/m 25 november organiseert
het Nationaal MS Fonds
de landelijke huis-aan-huiscollecte om
geld in te zamelen voor
onderzoek naar de ziekte Multiple
Sclerose.
Wil jij dat mensen met MS zich beter
voelen door jou? Word collectant.
Help MS-patiënten. Collecteren is niet
moeilijk en kost maar 2 uur van je
tijd. En het is nog leuk ook. Kijk op de
websit
voor meer
informatie en meld je snel aan.
Samen staan we sterker tegen MS!
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...36
Powered by FlippingBook