De Havensbank: Juny/July 2017 - page 9

Hoi SZDRNZLL maten,
Spitigernôch hawwe wy
it slutingswykein alwer
hân en is de tap mei
fakânsje. It nije
soosseizoen stiet yn it
teken fan grutte
feroarings binnen it bestjoer fan ús moaie sooske. In
oantal bestjoersleden ha oanjûn dizze simmer of yn
de rin fan it seizoen stopje te wollen mei it bestjoer
om ferskate redenen.
Foar it nije seizoen ha wy ôfskie naam fan Klaas
Wijbrandi. Hy hat gâns jierren fol entûsjasme
meidraaid binnen it jeugdsoosbestjoer. Tige tank foar
dyn ynset Klaas!
Derneist sille Ype Kerkstra, Wimer Kamsma en Ilse
Fridsma it soosbestjoer op 2 jannewaris ferlitte. Sy
wolle earst noch graach meiwurkje oan it aprèsski
XXL feest yn de Bidler op 11 novimber.
Mar bestjoersleden út it bestjoer betsjut ek wer
nije kanjers deryn. Frids Fridsma, Janna Veenstra,
Lycke Wijbrandi en Christiaan Zuydendorp komme it
bestjoer yn it nije seizoen fersterkjen. Wolkom!
Troch it grutte ferlies fan in oantal bestjoersleden
binne der ek in oantal belangrike taken lykas
foarsitter en ponghâlder frijkaam.
Fanôf dizze simmer sil Lotte Pijl de nije foarsitster fan
de soos wurde. Se nimt dizze taak oer fan Abel
Kooistra. Fia dizze wei wol Lotte graach oanjaan dat
der by fragen kontakt mei har opnommen wurde kin
fia
.
Dêrneist sil Jan de Boer fanôf dizze simmer de nije
ponghâlder fan de soos wurde. Jan sil op kursus by
Ype om de pong goed oernimme te kinnen. Jan sil sels
besykje om alle ferbinings fan de soos te beljen dan
wol te mailen. By fragen kinne jo altyd in mailtsje
stjoere nei
.
Jan hat der yn elts gefal
nocht yn en sil goed op de sinten fan de soos passe.
Oer de sinten fan de soos sprutsen, de soos hat it
ôfrûne jier slim te leien hân ûnder de nije drankwet.
Dêrnjonken is de ynkeap priis fan it bier op 'e nij
stiigd en hawwe wy gjin keus dan ús eigen priis ek
wer omheech te goaien. Fanôf it nije seizoen sil in
bierke gjin 1,50 mar 1,75 kostjen gean.
Om wat jild foar it nije seizoen yn te sammeljen wurdt
de
flessenactie
wer op 'e nij yn it libben roppen. Nei
alle merkes en feesten ha jo fêst in soad lege flessen
en kratten yn `e hûs. Goed nijs, dy komme wy sneon
2 septimber opheljen! Graach bewarje, de soos kin it
jild goed brûke.
Folgjend jier binne wy wer iepen fanôf 22, 23 en 24
septimber. Wy hoopje elkenien dan wer werom te
sjen yn jeugdsoos ‘SZDRNZLL’.
Oant nei de simmer!
It SZDRNZLL bestjoer
Adri de Boer - Oer de Grins
Vrijdag 1 september 20.00
Teatertún Buorren 1
Warstiens
Entree gratis (na afloop vrijwillige bijdrage in de
melkbus)
In een feestelijk jubileumprogramma zet troubadour
Adri de Boer tientallen prachtige liedjes van bekende
artiesten volledig naar zijn hand.
In een ruime selectie met songs van artiesten zoals
Lou Reed, The Beatles, Adele, Venice, Thé Lau, De
Dijk en Jules de Corte geeft de zanger uit
Lippenhuizen een staalkaart van zijn eigen
veelkleurige muzikale ontwikkeling. En alles vertaald
in het Frysk.
Met dit programma ter ere van dertig jaar singer-
songwriterschap gaat Adri dan ook letterlijk de grens
over.
Natuurlijk klinken in deze voorstelling ook de songs
van Adri's muzikale inspiratiebronnen zoals James
Taylor, Ralph Mc Tell, John Denver, Daniel Lohues,
Allison Kraus en Cornelis Vreeswijk. Het belooft een
wereldreis over muzikale toppen te worden.
Op vrijdag 1 september kunt U getuige zijn van deze
meesterproef: Adri verzorgt dan samen met zijn
kompaan/muzikant Arvan Blok een optreden van 2 x
45 minuten in de sfeervolle theatertuin van Buorren 1
te Warstiens.
Geen entree, wel een vrijwilige bijdrage in de
melkbus.
Er zijn banken om te zitten, maar wilt U lekker noflik
zitten, neem de eigen tuinstoel mee!
De productie is in samenwerking met Muzyk@4:00PM
Personeel gezocht!
Onze "tuin jongen" gaat studeren in
Groningen. Daarom zoeken wij voor ons
vakantiehuisje in Warstiens iemand die ons
helpt met het onderhoud van de tuin.
Het betreft: onkruid wieden, goten schoon
houden, randjes van het gazon bijhouden,
klein snoeiwerk (takken die over het pad
hangen) en heggen knippen.
Inkomen bepalen we met elkaar en is
afhankelijk van leeftijd en vaardigheden.
Charlotte Schippers
Telefoon: 06 152 35 096
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...36
Powered by FlippingBook