De Havensbank: Septimber 2017 - page 3

Jeften
Sy hawwe de earen net ticht oan ‘e holle
€ 25,00: J.T., J.K.
Tige tank foar it meilibjen nei it ferstjerren fan myn leave
man, heit, skoanheit en pake
Kees van Heijnsbergen
Jim kommen, moaie ferhalen, kaarten en appkes:
It hat ús tige goed dien.
Wy hienen it wize beslút nommen en gean nei Grou.
Dêr hat Kees mei nocht wenne en sei: ‘Wat hawwe we in
moai plakje’.
Mar Kees is altyd in Wergeaster bleaun. De Bidler hat mei
nammen in grutte rol spile yn syn libben, it ôfskied dêr wie
foar ús tige bysûnder.
Wop van Heijnsbergen
Femke en Nanko
Redmer en Jildert
Begjin april efkes fytse yn it moaie Drinthe, sa tochten wy mar fan it fytsen kaam
neat, ik bedarre yn it sikehûs fan Meppel.
Nei in wike mocht ik mei de sikenauto nei it MCL te Ljouwert. En dêr nei in wike fan
goede soarch mocht ik nei hûs mar wol mei in rollator en it bêd yn ‘e keamer.
It opknappen gie nei winsk.
Wat oan it opknappen seker meiholpen hat, dat wiene jimme stapels kaarten en
seeën fan blommen, appkes, mailtsjes, tillefoantsjes en jimme kommen.
Op 12 maaie wienen wy 50 jier troud en wer kaam Mieke mei stapels kaarten mar
no mei lokwinsken en stie de keamer wer fol mei blommen.
It docht jin sa goed te witten dat safolle minsken meilibje en om jin tinke.
Tige, tige tank dêr foar.
Lammert en Leentsje Kalsbeek
Safolle kaarten,
safolle blommen,
safolle help,
safolle waarme wurden en omtinken...
It hat ús tige goed dien.
Wy wolle graach eltsenien tanksizze
foar it meilibjen en de help dy’t wy
krigen ha tidens it siikwêzen en nei it
ferstjerren fan ús (skoan)mem
Sylvia Kooistra
Jelle Kooistra en Nynke Schoustra
Wergea, septimber 2017
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook