De Havensbank: Septimber 2017 - page 9

5 jier Popkoor Wergea
Noch ien kear in "reminder". De útfiering fan
ús jubileum is dus op 7 oktober om 20.00
oere yn de Bidler. Der binne noch kaarten en
dy kinne jim krije by Reinout Weima. It
telefoannr. is 06-18237880 of 058-2887634.
Jim kinne ek maile:
.
Ek binne der
miskien noch kaarten te krijen oan de seal, it
soe in opsje wêze kinne, mar ik soe it net oan
it tafal oerlitte!!
Oant sjen op 7 oktober!
De jubileumkommisje
Fiel-goed-jûn op Warstiens
Freed 1 septimber rûn healwei achten setten we ôf op ‘e fyts nei Warstiens. It wie in moaie stille simmerjûn.
En foar de opkommende jûnskjeld hiene wy in waarme sjaal en in tekkentsje mei. Noch in túnstoel oan it
stjoer fan de fyts en sa wiene wy klear foar in noflike jûn op Warstiens.
Doe't Adri de Boer en Kees Tholen elkoar rom tweintich jier lyn kennen learden op in Fryske Afûk
skriuwerskursus, hiene se fêst net betinke kinnen dat Adri noch ris optrede soe by Kees yn de tún. En wat
foar tún...
Kees en Anke en de ploech fan Muzyk@4:00PM hiene foar in prachtige entoeraazje soarge. Under de
fruitbeammen, mei it poadium op de feranda fan de Pipo-wein, sieten we yn in smûke sfearfolle teätertún.
Frans koe rûn healwei njoggenen rom 50 besikers wolkom hjitte. Adri de Boer en Arvan Blok namen ús mei
yn harren programma 'Oer de grins'. Se songen ferneamde ferskes út de 60-er jierren oant hjoed de dei ta,
oersetten yn it Frysk. We gongen fan ‘Justerjûn’ nei ‘De strjitten fan Ljouwert’, fan ‘Blau’ nei ‘Ik hâld fan dy’,
fan ‘Do hast in freon’ nei ‘Reindrippen op myn kop’. En ek kamen de ‘Iensume fytser’ en ‘Kalm oan’ noch
foarby. Fansels herkenne jo yn dizze titels de nûmers fan bygelyks Boudewijn de Groot, The Beatles, Thé
Lau, Jacques Brel en noch folle mear. It publyk siet noflik te lústerjen mar ek mei te núnderjen of sels mei te
sjongen. Sa moai! It fariearde repertoire soarge derfoar dat de twa kear trije kertier omfleagen. Nei in noflike
neisit fytsten we op skik en núnderjend nei hûs.
Famylje Tholen, tank foar de gastfrijheid. Wa wit oant in oare kear yn jim moaie teätertún.
Ypie en Anky Kerkstra
Njoggen kear wie de Bidler útferkocht mei de foarstelling
“Ik haw in Dream”. It wie dan ek in oerweldigjend
sukses. It blau is al wer in skoftsje út de strjitten mar hjir
en dêr lizze noch de blauwe bierfiltsjes.
Wy binne al wer drok dwaande mei de tariedingen foar
de ienakters, op freed 8 en sneon 9 desimber yn ’e
Bidler. Op beide jûnen sille der 3 ienakters opfierd wurde.
Ek binne wy alwer dwaande mei it “grutte” stik.
Op freed 23 en sneon 24 febrewaris sil yn ’e Bidler it stik
“Slippers” fan Alan Ayckbourn foar it fuotljocht brocht
wurde.
Yn ’e folgjende Havensbank sille we hjir mear oer fertelle
mar de data kinne jim alfêst yn de aginda sette!
It Halbertsma bestjoer
Wergea a GoGo!
Set alfêst yn jim aginda: Sneon 18 novimber yn de Bidler,
Wergea a GoGo. In nijsgjirrige muzikale jûn mei live muzyk
en ferrassende ferhalen en bylden oer de popskiednis fan
Wergea.
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...36
Powered by FlippingBook