De Havensbank: December 2017 - page 7

Freerkje besoarget mear as 20 jier
Nei rom 20 jier hâldt Freerkje der mei op…, en ach dat mei dochs ek wol, want sy hat har paadsje mear as
skjin fage!
Elke moanne leverje ferskate ferienings kopy oan foar wer in nije Havensbank, al 57 jiergongen giet dit sa.
Us húshâldlik reglemint seit:
De Havensbank is oprjochte yn 1960 op oanstean fan Pleatslik Belang en it
Doarpshûs, ´niet om dorpisme te kweken, doch als samenbundelend orgaan, waarin alle lief en leed uit ons
dorp tot uiting komt en waarin alle plannen en besluiten van onze verenigingen kunnen worden gelezen´.
Dus, in moanneblêd foar en troch de ferienings.
´
Om't yn prinsipe alle Wergeaster ferienings lid binne fan de Havensbank, wy advertinsjilden ûntfange en
dêrneist ek donaasjes fan minsken dy ’t de Havensbank in waarm hert tadrage, krije alle Wergeasters,
Warstiensers en Eagumers de Havensbank oan ’t ein fan elke moanne fergees troch de brievebus!
Maaaaar… sûnder besoargers gjin Havensbank!
Wy ferkeare yn de lúkse posysje dat der elke moanne sa´n 16 frijwilligers op ’n paad binne om ús
doarpskrante út te suteljen yn Wergea, Warstiens, Eagum en omkriten. Besoargers dy ’t dat al wer jierren,
jierren en jierren oan dogge as wie ’t de gewoanste saak fan ‘e wrâld. Dat dat yn dizze tiid fan drok, drok,
drok net gewoan is sil dúdlik wêze.
Rûn 1996 waarden Johannes en Freerkje Terpstra frege om de Havensbanken oan de ´oare kant´ fan de
brêge rûn te bringen. Fan de Nieuwe Hoek oant Op´e tún, fan de Ald Ljouwerterdyk oant de Marren en de
Terp, in hele hoeke dus. Sy diene dit mei Yep Boersma. Doe ´t Johannes 11 jier lyn ferstoar bleau Freerkje
de Havensbank rûnbringen. No mei Germ de Boer. En doe ’t der wenningen op Grut Palma kamen, namen se
dy rûte der ek mar by, want ach safolle huzen stiene der ommers net… Sa njonkelytsen groeit dat oantal
gestaach dus it wurdt miskien wol tiid dat Grut Palma in eigen besoarger kriget.
No koe ik it net litte om even te rekkenjen en sa komt it der op del dat Freerkje yn al dy jierren sa´n
24.000 Havensbanken útsutele hat. Freerkje, tige tige bedankt foar it rûnbringen fan ús moanneblêd!
En it is op syn plak om al ús oare besoargers ek mar ris
te bedanken: Famylje Germ de Boer, Henk Wielinga,
Janny Veenstra, Ruurd Nijdam, Janna vd Berg,
Lolke en Corrie vd Meer, Ida Kussendrager en Hidde Engwerda,
Gerda Pol en Hendrik Fridsma, Sieb Stroosma, Tseard vd Hem,
Jan vd Berg
, Jan Kamminga
en Eelke Wiersma BEDANKT!
Namens de redaksje,
Ypie Kerkstra-Pijl
´dizze kant´ fan´e brêge
De collecte van Alzheimer Nederland heeft in Wergea in de week van 6 t/m 11 november
€ 514,78 opgebracht. De organisatie bedankt hiervoor alle gevers en collectanten!
Altijd aandacht voor Alzheimer
Vorig jaar en ook dit jaar heeft het Alzheimer Nederland aan aandacht niet ontbroken. Alzheimer Nederland is
blij met deze aandacht. Het geeft ons de kans om aan een groter publiek te vertellen over het belangrijke
werk dat Alzheimer Nederland doet. En we hebben de steun van de Nederlandse bevolking hard nodig.
Alzheimer Nederland werkt aan een oplossing voor dementie, nu en in de toekomst. We werken aan een
wereld waarin perspectief kan worden geboden, zelfs in de zwaarste omstandigheden. Waarin mantelzorgers
worden geholpen met hun zorg en zorgen, we meer aandacht hebben voor elkaar en waarin we steeds
dementievriendelijker worden.
Volgend jaar ook meehelpen?
Wilt u in 2018 ook uw steentje bijdragen door mee te helpen als collectant? Alzheimer Nederland is hier blij
mee. U kunt zich opgeven bij Ellie Boersma tel (058) 844 04 95 of via mai
l
.
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...36
Powered by FlippingBook