De Havensbank: September 2018 - page 7

Wergea - Sutelaksje Fryske Boek
op sneon 13 oktober
Foar de fjirde kear yn de nije opset sille we mei de
Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op
de fertroude tiid, sneon 13 oktober tusken 11.00 en
14.00.
Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden
fol boeken by jo del komme. Ek it bûsboekje is der
wer by! Om bewenners yn ús doarpen entûsjast te
meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in
wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat.
Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in
bestelbon opstjoere.
Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn
gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat
skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske
boeken wer oppakt. Yn Wergea fersoarget Filmkafé
Bagdad de sutelaksje.
In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin
kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn
Us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00.
Sjoch foar mear ynfo oer alle sutelaksjes op:
Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839
Frans Slaterus – 058-2552979
Fryskpraters socht foar taalûndersyk Fryske Akademy
De Fryske Akademy ropt foar in grut ûndersyk nei
sprutsen Frysk, ferskate generaasjes Frysktaligen út
de eardere gemeente Boarnsterhim op om harren te
melden. Wy dogge ûndersyk nei taalferoaring oer
ferskate generaasjes hinne, en dêrom sykje wy yn it
bysûnder trije generaasjes mannen út ien famylje:
pake, heit en soan.
Boarnsterhim Korpus
Fan 1982 oant 1984 hat in ûndersyksteam fan de
Vrije Universiteit út Amsterdam, ûnder lieding fan
professor Tony Feitsma, yn ’e eardere gemeente
Boarnsterhim 85 sprekkers befrege en opnommen.
Ut trije opinoar folgjende generaasjes fan deselde
famylje waarden trije sprekkers selektearre.
Dêr is in moaie ûndersyksdatabank út ûntstien: it
saneamde Boarnsterhim Korpus.
It Boarnsterhim Korpus is in databank dy’t in soad
mooglikheden jout om taalferoaring yn it Frysk en yn
it Nederlânsk yn Fryslân te ûndersykjen. Om’t wy
lykwols ek witte wolle hoe’t dy twa talen har yn ’e
ôfrûne desennia ûntjûn hawwe, dogge wy it ûndersyk
nochris: wer trije generaasjes fan famyljes opnimme.
En de sprekkers dy’t doe opnommen binne, noch in
kear opnimme. Dan kinne wy nammentlik ek sjen
hoe’t taal feroaret by deselde sprekkers.
Socht: trije generaasjes manlju út ien famylje
Wy sykje foar de opnamen minsken dy’t yn ’e eardere
gemeente Boarnsterhim wenje. Dat binne de plakken
Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Grou,
Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum,
Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Tsienzerbuorren,
Warstiens, Warten en Wergea. Wy sykje benammen
trije generaasjes manlju út ien famylje: pake, heit en
soan. Mar trije generaasjes froulju (beppe, mem en
dochter) binne ek wolkom!
Hawwe jo der mei jo famyljeleden nocht oan om mei
te dwaan oan ús ûndersyk? Nim kontakt op mei
Marjoleine Sloos, projektlieder fan it ûndersyk:
,
of belje mei de Fryske
Akademy: (058) 213 14 14.
Collecte KWF Kankerbestrijding 2018
De collecte voor KWF Kankerbestrijding heeft
€ 1005,10 opgebracht.
Met het geld dat de collectanten hebben opgehaald,
blijft KWF Kankerbestrijding zich inzetten voor minder
kanker, meer genezing en een betere kwaliteit van
leven. Tachtig procent van de opbrengsten wordt
besteed aan onafhankelijk onderzoek. KWF
Kankerbestrijding krijgt daarvoor geen subsidie van
de overheid.
Samen met patiënten, onderzoekers, artsen,
donateurs en vrijwilligers voeren wij de strijd tegen
kanker. Ondanks de resultaten hebben wij nog een
lange weg te gaan, want helaas overlijden er nog
jaarlijks 38.000 mensen aan kanker. Het ideaal van
KWF Kankerbestrijding is een wereld waarin niemand
meer sterft aan kanker.
Wetenschappelijk onderzoek blijft daarbij nog steeds
hard nodig. Maar zonder geld geen onderzoek!
De KWF-afdeling Wergea dankt iedereen hartelijk voor
zijn of haar bijdrage.
Maria de Geest
Gé Strampel
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...28
Powered by FlippingBook