De Havensbank: Desimber 2018 - page 19

Uitnodiging
De raad van kerken Warten-Wergea-Warstiens nodigt
U in de gebedsweek van januari 2019 uit voor:
een korte gebedsdienst op zondag 20 januari 2019
Om 19.30 uur in de Frissel te Wergea
Vanaf 19.00 uur inloop met koffie en thee
Thema: ‘Recht voor ogen’
Met medewerkers van de vier kerken
Iedereen is van harte welkom!
Try out 'It wie op in simmerjûn'
op 11 jannewaris yn de Bidler
Nei in tal grutte produkjes lykas
De Stormruiter
en
Tusken Twa Tuorren
binne wy,
Jos Thie en Theo Smedes, op dit stuit dwaande mei de
lytsskalige foarstelling
It wie op in simmerjûn,
de nije
produksje fan Pier21.
De lêste repetysjes fine plak yn De Bidler fan 3 o/m
11 jannewaris en we slúte dizze rige ôf mei in try out
wêr’t we de foarstelling foar it earst sjen litte oan it
publyk.
By dizze wolle we dan ek de ynwenners fan Wergea
útnoegje om by dizze try out fan
It wie op in
simmerjûn
oanwêzich te wêzen. Dit sil plakfine op
freed 11 jannewaris
om
20.00
oere yn
de Bidler
.
Foar kaarten sjoch op pier21.nl. Spesjaal foar de try
out is de yntreepriis 15,-.
De foarstelling fertelt it ferhaal fan Theo en Anneke dy
elkoar op lettere leeftyd fûn ha. Theo helpt sa goed as
er kin by it finen fan in noflik plak yn in
fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem,
Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat sy allang
net mear op ‘en paad kinne mei Daniël syn grutte
hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net
ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre
wolle sy út it libben stappe, nei in lêste dûns op
It wie
op in simmerjûn
.
Fuort nei it kulturele jier 2018 giet de tragikomeedzje
It wie op in simmerjûn
fan Pier21 op 16 jannewaris yn
Snits yn premiêre. De foarstelling lit fjouwer minsken
sjen dy’t plannen meitsje foar de rest
fan har libben. Mar dat libben giet somtiden syn eigen
gong … Betûfte akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma
spylje sawol it jonge as it âlde stel. Sy steane foar it
earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke
Oldenhof. Earder skreau Oldenhof ‘Feteranen’, dat yn
2017 bekroand waard as bêste Frysktalige toanielstuk
2013-2016. It Fryske publyk kent Joke Tjalsma fan
‘Marijke Muoi’, dêr’t sy in glânsrol yn spile. Jan Arendz
reizge resint troch de provinsje mei it suksesfolle
‘Bokwert’.
De rezjy is yn hannen fan Jos Thie, fêste regisseur by
Pier21.
Foar mear ynformaasje oer
It wie op in simmerjûn
as
Pier21, sjoch op pier21.nl
We binne tige nijsgjirrich nei jimme reaksjes! Graach
oant sjen op 11 jannewaris.
Mei freonlike groetnis,
Jos Thie
Theo Smedes
10
1...,9,10,11,12,13,14,15,16,17,18 20,21,22,23,24,25,26,27,28,29,...32
Powered by FlippingBook