De Havensbank: Febrewaris 2019 - page 11

Jieroersjoch 2018
De wurkgroep hat dit jier 6 kear by elkoar west. De gearkomsten hiene in tal hieltyd weromkommende
ûnderwerpen: de winterjûn, in nij te meitsjen boek yn 2022, it argyf fan de wurkgroep, de gearwurking mei it
Historisch Centrum Leeuwarden (HCL).
De winterjûn yn Us Doarpshûs op woansdei 14 maart waard goed besocht. Sybren van der Vlugt, ús âld foarsitter
(85 jier), hâldde in lêzing oer skel- en bynammen. Hy hie dat yn 2006 ek al ris dien en op ús oantrún die er it dit
jier wer. Wie hiene Sjors Vogelzang frege om dit ferhaal op film fêst te lizzen. It wie in hiele moaie jûn, mar it
waard Sybren yn it lêste ein dreech genôch. Hy is wurch mar dochs foldien wer nei Grou brocht. Ta grut fertriet
is Sybren nei in opspyljende âlde en no fatale kwaal nei in koart siikbêd op 25 desimber, krekt 86 jier âld, yn it
MCL yn Ljouwert tige hommels ferstoarn.
De films dy’t wy oer Wergea ha, binne troch it Fries Film Archief yn Ljouwert digitaal makke en dy bestannen
binne op in oantúgde eksterne hurde skiif setten en sa hawwe wy no de mooglikheid om dizze films ek oan de
Wergeasters te fertoanen. Wergea falt sûnt 1 jannewaris 2014 ûnder de gemeente Ljouwert en foar ús
wurkgroep betsjut dat dat wy no yn gearhing mei de histoarje te krijen ha mei it Historisch Centrum Leeuwarden.
It doarpsfoto-argyf is dêr al ûnderbrocht en yn de kommende tiid wolle wy as wurkgroep der op ta om mear
materiaal by it HCL ûnder te bringen, om it sa foar in breder publyk tagonklik te meitsjen mei as foardiel dat der
ek op in mear ferantwurde manier op past wurde kin.
It argyf fan Us Doarpshûs en fan Pleatslik Belang leine opslein yn in kast fan it doarpshûs. Se binne der wei helle
en der sil besjoen wurde as dit ek nei it HCL brocht wurde kin. It persoans- en groepsfoto-argyf is yn behear by
Wiepkje de Bruin. Sy fersjocht de foto’s digitaal fan de nammen. In yntinsyf en tiidrôvjend stik wurk. No al binne
wy dwaande mei de tarieding fan in nij boek yn 2022. Yn dat jier sil ek betocht wurde dat Wergea 600 jier
bestien hat. Yn gearwurking mei de kommisje WG600 wolle wy besykje hjir yn dat boek ek omtinken oan te jaan.
Dit jier hat de Wurkgroep wer ferskate minsken helpe kinnen mei it finen fan ynformaasje of koe harren yn elk
gefal wize hoe’t se dy ynformaasje fine kinne. Ek hawwe wy minsken dy‘t ús om foto’s frege ha, as dat koe,
holpen. Underwilens tinke wy nei oer hoe guon stikken fan ús argyf foar in breder publyk tagonklik makke wurde
kinne. Ek ha in trijetal minsken fan de wurkgroep yntinsyf belutsen west by it gearstallen en skriuwen fan it
jubileumboek fan it Popmagasthûs: “Popma Gasthuis Wergea, 1664-2014”. It is op 15 desimber feestlik
presintearre yn it Ald Slot.
Finansjeel waard 2018 ôfsletten mei in batich saldo fan € 6372,77. De oanwinsten fan de Wurkgroep bestiene út:
foto’s, plakboeken, fotoboek, materialen Drum- en Lyraselection. It stiftingsbestjoer bestie op 31 desimber út:
Jan Meinderts (foarsitter), Rinze Visser (skriuwer), Sjoerd L. Spykstra (ponghâlder), Jan Swierstra, Nerus Goïnga,
Germ de Boer en Wiepkje de Bruin-Steenbeek.
Jannewaris 2019, Rinze Visser
Beste leden en donateurs,
In maart wordt bij de leden en donateurs, die ons gemachtigd
hebben tot automatische incasso, de jaarlijkse contributie voor
2019 afgeschreven.
Leden en donateurs die zelf de contributie overmaken, verzoeken
wij dit voor eind maart te doen op banknummer
NL97RABO0335499775 t.n.v. Vogelwacht Idaarderadeel-Noord.
Deze bedraagt 4 euro. Voor degene die dit geld reeds hebben
overgemaakt geldt dit verzoek uiteraard niet.
Namens Vogelwacht Idaarderadeel-Noord.
Jan de Boer, penningmeester
Vogelwacht Idaarderadeel Noord
Stichting Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...36
Powered by FlippingBook