De Havensbank: Febrewaris 2019 - page 5

Bêste minsken,
Op sneon 2 febrewaris wie it wer sa fier: SEQUELZ! In
machtige jûn, wêrby’t der ek dit jier wer fanatyk mei
stampt waard op de hurde beats fan de ferskate DJ's.
Yn it wykein fan 15 oant 17 febrewaris stiet ús
jierlikse caribbean wykein op de planning. Op it
momint fan skriuwen leit it wykein noch foar de doar,
mar mei op freed in cocktailparty, op sneon it
kindercaribbean en foar de âldere jeugd DJ Erik en op
snein it tradisjonele Jeu de soos, belooft ek dit wer in
hearlik simmersk wykein te wurden.
What's next?
Retroparty –
Op snein 17 maart hawwe wy de
twadde edysje fan de retroparty, tidens dizze party sil
de soos yn ‘e sfearen komme fan in brún kafee en kin
der mei songen wurde mei de Hollânske hits fan
sanger Kevin Parré.
Karaokenight –
Op sneon 30 maart is der in karaoke
jûn yn ‘e soos en kin eltsenien sels harren favorite
ferskes sjonge.
Dropshotnight + dropping –
Ek dit jier hawwe wy
wer in dropping dy’t plak fine sil yn de nacht fan freed
12 op sneon 13 april. Foarôfgeand oan dizze
dropping, op freed 12 april, sil de dropshotnight plak
fine en kin eltsenien har fêst klearmeitsje foar dit
spannende aventoer.
Hâld foar mear ynformaasje oer dizze feestjes efkes
ús Facebook of Instagram yn ’e gaten!
Groetnis,
It SZDRNZLL bestjoer
‘It Gitaarke’
Sa as de measten fan ús gean ik geregeld nei de
kapper en rin dan lâns de âld wytguod winkel
showroom fan Klaas en Wieke. Harren saak is der net
mear fansels. Mar Wieke had de showroom wol yn
gebrûk en showt dêr fan alles en noch wat oan guod.
Sa foel myn each op in âld gitaarke. Alles wat mei
muzyk te krijen hat lûkt my, dus wie it net sa frjemd
dat ik it ynstrumint seach. Der siet sels al in priislabel
op. Oan dy 5 Euro soe ik my wier net bekeapje. Sa
fielde ik oan de showroomdoar, mar spitich genôch
wie dy ticht. Dan mar efkes oanbelje, mar ek dat die
gjin fertuten. Der wie nimmen thús.
Twa wike letter wie ik op paad nei ús boat dy’t op ’e
jachtwerf op it drûge leit. It gitaarke stie efter it
etalaazjefinster noch op my te wachtsjen. It
ynstrumint wie aardich skansearre mar dochs fielde ik
op de weromreis fan de werf mar wer efkes oan de
doar.
Der binne yn Wergea in protte minsken dy’t oan
muzyk dogge dat it ynstrumint soe sa oan myn noas
foarby gean kinne. Dat soe ik net ferkroppe kinne.
Ferdorie, de doar wie wer op slot dus as soarte fan
ritueel moast ik ek mar wer efkes oanbelje. En ja
hear, Wieke die iepen. Ik frege har beskieden
wannear’t de showroom iepen gie ‘want dat gitaarke,
dat liket my wol wat’. ‘Oooh, no dan doch ik no dochs
efkes de doar iepen’ sei Wieke.
By it oppakken fan it ynstrumint fertelde Wieke dat se
eartiids in protte op it ynstrumint spile hat, en dat der
no wol wat oan mankeart. Fan 5 Euro hie ik fansels
net oars ferwachte. Mar gerêststellend sei ik dat ik
wol mear gitaren opknap, en dat it foar de sier al bêst
genôch wêze sil. Yn it ferline haw ik al mear
ynstruminten in nij jaske jûn. Ek al wie it foar de sier.
In saksofoan ‘mat swart’, twa kear in swarte piano
omtovere yn ‘heechglâns wyt’ en meardere gitaren,
elektrysk of akoestysk, fersjoen fan nije kleuren of
‘blanke lak’.
Foar it ynstrumint fan Wieke haw ik de tiid naam, ek
om it wer bespylber te meitsjen. Want der mankearde
wol it ien en oar oan. Sa haw ik it stimmeganisme
ferfongen en it klankgat wer yn oarder makke. Dy wie
folslein trochskuort. En fansels haw ik it nedige dien
oan it spuit- en lakwurk. In setsje nije snaren der op
en sjoch dêr….. A star is born.
Dit gitaarke krige yn ús gesin al gau de poppenamme
‘ it gitaarke’. Hey heit, hoe is ’t eins mei ‘it gitaarke’?
‘It sjit al op mar noch efkes geduld jonge….’ .No
pronket it al in tydsje tusken alle oare ynstruminten
yn ’e keamer by ús thús. Us jongste soan Jasper sil
besykje it gitaarke wer in 2
e
libben te jaan. En sa is
dit ynstrumint lokkich rêden fan miskien wol it stoart.
Rudie Nijenhuis
BigBand TwoTowersCollective
uit Wergea is op zoek naar enthousiaste muzikanten
Lijkt het je leuk om met deze band swingende jazz,
groovende pop, R&B of soul te spelen?
Er zijn nog vacatures voor: trompet, tenorsaxofoon en
piano/toetsen.
Voor meer informatie:
of 06-29202347
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...36
Powered by FlippingBook