De Havensbank: Maart 2019 - page 11

Vervolg Slotavond Op’e Nifelsouder:
Pjutte-opfang ‘Ukkepukkeplak’ yn
Wergea behellet sertifikaat foar
twatalich wurkjen!
Op pjutte-opfang ‘Ukkepukkeplak’ yn Wergea, wurdt
sûnt jannewaris 2017 wurke mei in belied dat der op
rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te
stimulearjen. Sy hawwe in begeliedingstrajekt
trochrûn en hawwe dat no ôfrûne. Sy hawwe it
sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.
Ukkepukkeplak en twatalichheid
Pjutte-opfang Ukkepukkeplak falt ûnder Kids First. Dy
organisaasje fersoarget ûnder oaren pjutte- en berne-
opfang
yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan
har lokaasjes wurket mei in twatalich belied.
Ukkepukkeplak is fêstige yn it doarpshûs fan Wergea.
It twatalich belied sjocht der as folget út: pedagogysk
meiwurksters Pity en Gerbrich prate Frysk mei
elkenien en Janna docht dat yn it Nederlânsk. De
beide frijwillichsters biede ek konsekwint ien taal oan.
De beide talen krije omtinken yn it aktiviteite-oanbod,
lykas by it sjongen en it foarlêzen en oare
taalspultsjes. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te
skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te
hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks
makliker in tredde en fjirde taal leare en kinne sy
better multytaske.
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op
Ukkepukkeplak west te sjen. Der wurdt sjoen nei
ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it
pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing
skriuwt de kommisje:
‘Komplimint foar de pm‘ers dat
sy de lytse romte sa oersichtlik, effisjint en fleksibel
brûke. As de bern yn in hoeke útboarte binne wurdt it
materiaal opromme en nij materiaal ynbrocht. Sa krijt
it boartsjen wer in nije ympuls.’
Yn de einkonklúzje seit de kommisje ûnder oaren: ‘
De
pedagogysk meiwurksters witte op betûfte en fleurige
wize de taalûntwikkeling fan de bern te stimulearjen.
Sawol yn ‘e groep as yndividueel. Oan de waarme
sfear is te fernimmen dat de bern op dizze pjutte-
opfang in feilich plakje hawwe wêrtroch’t sy harren
goed ûntwikkelje kinne.’
By it sertifisearringstrajekt krijt Ukkepukkeplak
begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens
jonge bern. By it SFBO binne rom 250
bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes
oansletten en dat oantal groeit noch altyd.
Kontaktgegevens:
Ukkepukkeplak
Nieuwe Weg 2
9005 PL Wergea
Foar mear ynformaasje oer meartaligens kinne
jo terjochte by:
Sietske de Roos, SFBO kennissintrum meartaligens
jonge bern
Uitslagen Provinciale verkiezingen:
CDA 104
PVDA 210
VVD 83
SP 37
FNP 100
PVV 46
Christenunie 26
D66 40
Groen Links 55
PVdD 27
50 Plus 23
PBF 9
NF 11
DENK 0
SGP 4
FvD 81
Totaal 856
Blanco 1
Opkomst 63,15%
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...32
Powered by FlippingBook