De Havensbank: Maaie 2019 - page 21

Oare tiden, weromsjen yn it
ryke argyf fan de Havensbank,
dizze kear maaie 2002
25 jier Rommelmerke
Om jild yn te sammeljen foar ien as oare feriening wie
it eartiids gewoante om mei deistige behoeftes -
begryp my net ferkeard - lâns de doarren te gean. Yn
1976 waard besletten om it oars te dwaan.
Keatsferiening 'KV 't Oosten soe yn 1977 syn 75
jierrich bestean fiere en de feestkommisje kaam mei it
idee om in rommelmerke te hâlden om jild yn te
sammeljen foar in grut feest. Wergea hie der wol wat
foar oer om in sa'n heech mooglik bedrach byinoar te
krijen. Sa ek bygelyks Toussaint Walstra. Syn bakfyts
brocht f150,- op. De twadde rommelmerke waard
noch yn it selde jier hâlden yn septimber. Dat jier wie
de feestkommisje fan KV 't Oosten f14.000 riker. Men
hie al gau yn'e gaten dat dit gâns lukrativer wie as
mei húskepapier as sûkerlatten lâns de doarren te
gean sadat rillegau besletten waard om yn it
jubileumjier noch ien kear in rommelmerke te hâlden.
Dizze kear waard er foar f 5.600,- ferkocht sadat it
einbedrach foar de keatsferiening op f 19.600 kaam.
Yn 1978 sei de hear Bosmans, foarsitter fan de Twa-
Tuorren-kommisje, dat der net genôch jild wie om
allerhande needsaaklike feroaringen oan de tuorren te
dwaan. Ek krigen hja nul op it rekest fan de gemeente
foar finansjele steun. In aksje om nije donateurs te
krijen waard in teloarstelling. Der kamen uit it hiele
doarp mar tsien nije oanmeldings binnen, fan dêr dat
besletten waard om wer in 'antiek-rariteiten-
rommelmerke' te hâlden, sa as se dat doe neamden.
De slogan wie: 'Verrijk uzelf en de Twa Tuorren door
een bezoek aan Gele Eker en Grutte Buorren'. It
waard in grut stikses. f11.941,31 koene se yn 'e
boeken byskriuwe. It wie doe, 20 maaie 1978, dat
Sybren van der Vlugt meidielde dat de groep minsken
dy't dit barren organisearre hie, elts jier in
rommelmerke hâlde soe. It begjin fan in tradysje. No,
sillejimme sizze; 1978-2002 dat binne 24 jier, mar yn
1994 binne der twa rommelmerken west. Yn'e rin fan
de jierren binne der gâns oanpassings trochfierd om
safolle mooglik minsken en dus jild byelkoar te krijen.
Eartiids begong de ferkeap moarns al om tsien oere
en wie it al om healwei trijen ôfrûn sadat om fjouwer
oere oan de meiwurkers- ûnder it genot fan in
droogje, mar benammen in natje by Jan van der Berg
syn stee it bedrach bekend makke waard.
Ek de organisaasje is yn de rin fan jierren steeds
profesjoneler wurden. Yn 1978 waard it spul trije
dagen fan te foaren ophelle. No binne dêr wol fiif
dagen foar noadich, safolle spul is der. Mar der is noch
mear wat de Wergeaster rommelmerke sa útsûnderlik
makket. Der binne allinnich mar frijwilligers yn't spier,
al it guod is fan te foaren skiften en it moaie guod
wurdt per opbod ferkocht.
Frijwilliger by de rommelmerke te wêzen is net slim,
want der falt faaks hiel wat te laitsjen. Je ferkeapje in
friezer dy't it noch goed docht- tinke je-, letter hearre
je dat er gjin termostaat op sit en dat dat ding dus
mar trochfriezen bliuwt en wat te tinken fan dy frou
dy't troch alle ferkeapers trochstjoerd waard om't se
op syk wie nei in spleetsûger, of fan dy âlde
Wergeaster dy't de deis nei it opheljen by de
kommisje kaam mei de klacht dat se de doarmatte
dêr't er syn spul opsetten hie ek meinommen hiene.
11 Maaie waard foar de 25
ste
kear de rommelmerke
hâlden. It wie wat tuskenbeide waar, net te kâld en
net te waarm. As it moai waar is geane de minsken
derop út mei boat en karavan. Is it min waar dan sitte
se thús, as dogge se de meubelboulevard-ballenbak-
rûte. Der waard wer poerbest kocht troch de minsken
dy't yn grutte getale opkommen wiene. Je seagen
minsken rinnen op de Gele Eker mei spul dér'tje fan
tochten wat moatte se der mei. It sil grif oar jier wol
wer by de dyk stean. Jûns nei ôfrin doe't alles
opromme wie kamen de meiwurkers, mar ek âld-
meiwurkers by elkoar yn'e Bidler om in lyts feestje te
hâlden yn ferbân mei de 25ste kear. Ek ús
boargemaster wie útnoege om dit by te wenjen.
Sybren van der Vlugt, foar de léste kear as foarsitter
fan it Bidlerbestjoer, dielde mei dat it einbedrach dy
deis op € 6.151 (f 13.555) kommen wie en betanke
eltsenien foar de stipe dy't hja elk jier wer krije tidens
de rommelmerke. Yn dizze 25 jier is der foar
f 275.000 oan spullen ferkocht. Letter op'e jún koene
we oan de hân fan dia's sjen hoe't de ferbouwing fan
de Bidler om en ta gien is en wér't itjild dus oan útjûn
is. Wiebe Sinnema hie in fermakelik petear oer Kobus
en Tsjitske- in broer en sus- dy't eartiids op de Gele
Eker wennen. Wiebe wie dy jûn wat heal, mar dat koe
men perfoarst net merke. As lêste sprekker kaam
boargemaster Dijkstra oan bar. Hy neamde de Bidler
in 'monument fan frijwillichheid' en sei dat mannich
doarp jaloersk is op sa'n moai ûnderkommen, wat
úteinlik ta stân kommen is sûnder subsydzje.
As jefte joech er de Wergeaster flagge oan it
Bidlerbestjoer. Mar hy hie noch in ferrassing yn
petto. It hie de keninginne en ek tink ik in hiele soad
Wergeasters behaagd Sybren van der Vlugt te
beneamen ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau.
Omdat hy him mear dan gemiddeld ynsetten hat foar
tal fan ferienings en ynstânsjes, yn de measte
gefallen belangeleas. Ek hat er ferskate
bestjoersfunksjes hân. Wie Sybren in boekeskriuwer
west dan wie dizze ûnderskieding takend foar syn
hiele 'oeuvre'. "Dan nimme jim my no mar 'Ridder
fan de Rommel" sei Sybren, dy't ynnommen wie mei
dizze aardige geste, yn syn tankwurdsje. Einliks hie
er de priis wol diele wollen mei al dy frywilligers dy't
meastentiids fuortendaliks klearsteane as der wat
barre moat yn Wergea.
We ha der noch mar in pear op kocht yn de Bidler,
ús Rommelmerke Bidler.
Henk
11
1...,11,12,13,14,15,16,17,18,19,20 22,23,24,25,26,27,28,29,30,31,...36
Powered by FlippingBook