De Havensbank: Juny/July 2019 - page 29

Oare tiden, weromsjen yn it
ryke argyf fan de Havensbank,
dizze kear juli 1995
Merke 1995 2 oant en mei 5 augustus
By dit skriuwcn binne de tariedings fan merke '95 al
wer yn folle gong. Neffens de telling de 68ste, der
binne meardere tellingen ha ik begrepen, mar neffens
dy fan Darmstad is it de 68ste. We ha ûndertusken al
wer in wike yn't hok der op sitten. In typyske
merkekommisjebegrip "it hok", it betsjut dat we mei
de spultsjes dwaande binne, fan't jier wer by de fam.
de Groot. Tidens de tariedingsgearkomsten kamen
wer de unykste spultsjes boppe mar, se moatte oan
nochal wat easken foldwaan. Se moatte troch de
measte minsken te dwaan wêze, yn de begrutting
passe en te realisearjen wêze, de spultsjes moatte
troch de beugel kinne en sa wêze dat der mar in pear
oerbliuwe.
De merke dy’t ek fan't jier wer in posityf opskjinjende,
foar sawol lichem as geast, wurkjend effekt hawwe sil.
De merke is wer de tiid dat eins net in mins benaud is
foar "de day after", want it giet troch en foar in pear
dagen went it wol, boppedat kin de merkeroes in
iepenbiering wéze.
Út’e gek seinen wy as kommisje wolris, mar goed dat
it iepenloftspul foar de merke is, want dan kinne se
net yn't skaad stean. Mar nei fan't jier wer, dan moatte
je wol sizze, mar goed dat der in wike as wat tusken
sit. It ‘Iepenloftfeestgebeuren’ hat yn it doarp de
nedige dinger wer los makke en ynspiraasje jûn,
proficiat!
Tongersdei 2 augustus iepent de merkekommisje
ûnder lieding fan Catharinus Wybrandi de merke om
sawat 5 oere. De tongersdei is der foar de 55+ in
talintenjacht op de boppeseal. Yn in eardere
Havensbank hat hjirfoar in oprop stien en dy jildt noch
altyd, opjaan by de merkekommisje.
Jûns healwei achten begjinne we mei sawol fiskjen as
spultsjes, jo kinne kieze mar meie ek beide dwaan.
Dit alles duorret in oere, foar elk wat wils. Hjirnei
geane wy nei de boppeseal wêr in knap orkest spilet.
Dan folget de priisútrikking en tuskentroch wurdt de
talintenjacht ôfwurke. Op de jûn sels kinne je noch
wol opjaan foar de talintenjacht, dit moatte je hiel
rom sjen. Want kinne jo wat sjonge, ôfbyldzje, in
keunstke, wat geks, wolle jo wat sjen litte, of kinne
jo it linkerear bewege, it makket net út. De earste
priis is in kleuren t.v. en der binne in protte oare
leuke prizen. Takom jier komme Teake van der Meer
en Minze Dijkstra tegearre en tekenje jo wat knap
dan
komt
Anneke
Douma ek
noch.
De 55+jûn woene we even wat útlizze, hjirnei folget
it hiele programma.
De merkekommisje
Wergeaster Teatskampioenskippen
25 juny 1995
Dizze kampioenskippen moasten in wike ferset wurde
om't it fjild te wiet wie. No, mei himmel waar, waard
troch de 28 partoeren, 18 by dc manlju en 10 by de
froulju, fûleindich striiden om de oe sa begearlike
medaljes nei ôfrin by de priisútrikking op it skavot,
ûnder it Fryske folksliet, om 'e nekke te krijen. Troch
dizze striid kamen der ûnferwachtse uitslagen.
Favorite partoeren sneuvelen yn harren pûl, wylst
minder bejeftige partoeren nei de finales trochstjitten.
Under de treflike lieding fan Sieb Kerkstra en Henk
Wielinga waarden dizze minsken de úteinlike winner.
Manlju:
1. Piet, Henk en Bauke vd Veen
2. Henk Terpstra, Bert Sinnema en Freddy
Sinnema
3. Jelle Dijkstra, Wietse Veenstra en Jan
Veenstra
Froulje:
1. Petra Baarsma, Sietie Pijl, Daniëlle Veenstra
2. Christien Finnema, Sjoukje Kalsbeek, Margriet
Faber
3. Anneke Fridsma, Wieke Heida, Lammy van der
Meulen
Plaatselijk belang Wergea
Structuurvisie van Wergea als praatplan. De
gemeente heeft, zoals velen wel zullen weten, een
structuurvisie Wergea laten maken en inmiddels
aangeboden aan Plaatselijk Belang. De structuurvisie
moet een basis bieden voor de besluitvorming rond de
ontwikkelingsmogelijkheden van Wergea, gebaseerd
op eerder gemaakte rapporten als:
Ruimtelijke - Economische Ontwikkelingsvisie
Stadsgewest Leeuwarden 1990;
Streekplanuitwerking Blauwe Zone 1994;
Beleidsnota ruimteliJke ontwikkeling Warga
1988;
Dorpsvernieuwingsplan Wergea 1992;
Volkshuisvestingsplan Gemeente Boarnsterhim,
1994;
Toeristisch-recreatief produktontwikkelingsplan
Boarnsterhim 1994.
Belangrijkste basis zijn de vier
alternatieven voor een staande
mastroute rond of door Wergea volgens
de streekplanuitwerking Blauwe Zone:
Bestaande route;
Westelijke omleiding (langs oost- of
westzijde boerderij Swierstra);
Oostelijke omleiding, aansluitend op de
oostelijke ringvaart van de
Hempensermeer;
Zuid Oostelijke omleiding, aansluitend op het langdeel
ten zuiden van Warstiens.
Bij de alternatieven 3 en 4 en waarschijnlijk ook 1,
past een dorpsuitbreiding (woonbebouwing) aan de
oostzijde van de Foudering, bij alternatief 2 aan de
zuid-westzijde van het dorp.
11
1...,19,20,21,22,23,24,25,26,27,28 30,31,32,33,34,35,36,37,38,39,...44
Powered by FlippingBook